boadskip syn harkers onder mear fernijde. In fleurich Proast fan Meindert en in kromke lokaal Frisian News fan Geart van der Zwaag, de beide oare redaktueren fan 'e earste oere kin men op 'e lûdbân hearre en op side 8 fan 'e ynlieding, ‘Hoe't it begûn...’, neilêze.
Op side 9 kin men lêze: ‘Neffens Frysk foarbyld begûnen ferneamde dichters yn New York yn jannewaris 1969 mei de dichterstelefoan Dial-a-Poem... Ek op allerhanne oare plakken waard it idee fan de telepoëzy neifolge.’
‘It lei dan ek yn 'e reden - net yn it rjocht - dat der mar ien yn 'e beneaming komme koe foar de Gysbert Japicxpriis 1969: Operaesje Fers, de VVV fan de Fryske literatuer’, skreau Piter J. de Groot yn Sonde 1-1 fan desimber 1969. Hy giet dan fierder: ‘Spitigernôch giet it feest net troch. De regleminten fan dizze belangrykste Fryske literatuerpriis bepale oars. De jury wist dat wol fansels, mar ja - de operaasje wie in eksperimint en soepelheid is in grutte demokratyske deugd. Deputearre Steaten -fan goede wil- binne der net yntrape: de wet dient te worden nageleefd.
f 1500,-- bliuwt minstens twa jier lizzen sûnder dat der ek mar ien oarswollende hân nei útstutsen wurdt. Guon neame dat in skandael.’
En dat wie it fansels, yn dizze sin: ien fan de seldsume kearen dat in kommisje yn har adfys in kandidaat neamt dy't de poëzijpriis rejaal fertsjinne hat, lizze D.S. der it near op. De regleminten litte it net ta. De kwaliteit fan it adfys stiet net yn 'e kiif. Dat, nettsjinsteande dy offisiële pûpelderij, mei men úthâlde, dat yn 1969 troch de kompetinte kommisje de G.J.-priis takend is oan Operaesje Fers. En f 1500,-- priisjild fan Trotwaer, út hannen fan de Baron, of f 1500,-- priisjild fan de provinsje, út hannen fan de Kommisaris? Sa is dat ommers!
Wêr hie Operaesje Fers by de betinking fan it 15-jierrich bestean better mei komme kind as mei wat om nei te harkjen. It idee fan de lûdbân lei dan ek yn 'e reden. Op de bân steane 87 fersen fan 74 dichters, dy't harren fersen meast sels lêze.
Telefoanpoëzij, teminsten wat derfan op dizze bân stiet, is oer it algemien net slim nei te kommen. Dêrby komt dat de fersen uteraard koart binne: de teksten kinne allegearre maklik op ien side fan it boekje ôfprinte wurde. De koartste telle fjouwer, de langste achtentweintich rigels.
Is dit no demokratisearre poëzij, binne dit noch de ‘fretfersen’ fan '67? It nuvere alfabetyske tatal wol dat de earste tekst dy't nei de ynlieding komt, dêr't dus de al neamde teksten fan Josse, Meindert en Geart yn foarkomme, it earste fers op it bantsje ek, Mem fan Froukje Annema is, poer ende poer candle light. En it twade is fan Piter Boersma, ek oer