driuwe op de wolkens, it is hjoed sneon, en it is hjoed snein, en en, it is juster en moarn en altyd, no binne der minsken, aksje moat der wêze, hy spilet en hja sjongt, beide dûnsje en de minsken klappe yn 'e hannen, fan alle kanten komt it folk op harren tasetten, fûgels wjukkelje yn de loft, swaaie goeie dei en flinters
- oan 'e kant, tink der om minsken, lit my der troch, oan 'e kant, fansiden, der troch, in stomp mei de earm, in triuw hjir, in pomp dêr, it swarte huodsje swevet sûnder mis rjocht op harren ta, de minsken klappe net mear, de minsken sjonge net mear, se dûnsje net mear, se swije stil, deastil en geane oan 'e kant sadat er der troch kin, rjocht, razendrjocht op syn doel ôf
- ophâlde, daliks ophâlde, en dat ding fuort dwaan, kom mei, doch dy klots ôf en folgje my, achter my oan, hy skuort him it ding út de hannen en slacht der mei tsjin in peal oan, de stikken hout fleane wit wêr, de snaren litte harren lêste akkoarden hearre, it binne mear dissonanten dy't de swijende stilte pynlik ferbrekke, it wyt lûkt harren oer it antlit en se rinne him achternei.
De minsken dy't it fierst ôf binne begjinne stadich te preuveljen en as se bûten de mannichte binne nimt it ta, hat it wat wei fan de tonger dy't út de fierte oanrôljen komt, it kin harren net yn har gong behinderje, de ruten fan de huzen sjogge fijannich driigjend, achter glêzen baarne eagen fan nijsgjirrigens, hûnen flechtsje in sydstrjitte yn, se moatte drave, al hurder giet it se moatte sjen dat se him byhâlde, wolle wol werom kinne net moatte fierder him folgje yn al syn tsjustere gongen ek al falt it swier no spant it der om...
Se draaie de bocht om komme op in oar plein, karren steane rûnom opsteld, himelwein en hel steane njonken inoar, spylders binne fersille, it giet rjocht op de katedraal ta, de doar stiet oan lûden fan de mis klinke, it kredo, it kierië...
- net fuortgean, by my bliuwe, tongeret de stim at se efkes omsjogge, it swart fan syn jas lûkt harren mei, troch de iepen doar, it is oars altyd ljocht yn sokke gebouwen, mar yn dizze dochs net sa bot, de banken kreakje, minsken fearje omheech om nei harren te sjen, de mis giet troch, hja rinne fierder, dwers troch de tsjerke, se komme by in treppen,
- ik doar net, ik bin bang foar omheech, toe no, sa kin 't wol ta net?
- stil mar leave, jou my mar in hân, ik bliuw ommers by dy,
- stil hâlde! tongeret de stim wer en it droant oan alle kanten,
- aah, oeh, ôôh, stinne de minsken, hoe doare se, tsjin him yngean... se komme by de krêke, grôtfol minsken, it benearet harren, it wurdt tsjusterder, noch minder ljocht wit hjir troch te kringen as ûnder, spinreagen reagje harren troch it hier, noch binne se der net al heger draaie se, heger draaie, draaie heger, tsjuster gjin ljocht, de mis, de sangen,