‘Dy sil de ynspekteur sels jaan.’ De plysjeman kriget in portofoan en ropt syn superieur op.
Nier nimt Dynte besiden, foar't der ûngelokken fan komme.
‘De ynspekteur is ûnderweis,’ fernijt de plysjeman.
Se ferbite har ûngeduld en argewaasje.
1.1 Twa sielen, ien gedachte. Mar se sizze neat. Se sille wol wizer wêze. Dynte hat yn it frije berop fan ferdivedaasjefamke altyd roetswart wurke. It jild streamde har temjitte. Dat wiene gouden tiden. Dy binne foargoed foarby. Gelokkich hat se wat oerholden. It stiet lykwols net op in Switserske bank. Har hiele kaptaal, in moai dofke, leit no hjir-en-dêr goed weistoppe yn har wente. Se hat it jild ek net mear op de bank of postgiro, want dan moat se it opjaan foar de belêsting. Dy klaut langer alles yn. It jild yn 'e hûs bewarje is folle foardieliger, sels it rinteferlies meirekkene. As de boel mar net oeral helle wurdt. Kreakers binne brekkers.
1.2 Gûnzjen wurdt gnoarjen wurdt gieren. In auto giselt om de bocht en hâldt mei in skower oer it grint. It portier swaait iepen. In man mei in skeve glimk yn it tsizich gesicht komt efter it stjoer wei. Hy stekt in giele kessentsjeshân út. ‘M.I. Sliksma.’
Se knikke him hertlau ta.
‘Kollega fan ynspekteur A.A. Kliksma, jim wol bekend.’
‘Ik miende dat it A.E. Kliksma wie,’ seit Nier.
‘No net mear. Hy hat my dizze saak yn 'e hannen jûn.’ De ynspekteur slacht in notysjeboekje iepen. Mei de tomme triuwt er de klep fan de pet in eintsje omheech. ‘Jim hawwe ôfwêzich west fan 24 juny oant en mei 15 july. Trije wiken dus. Wy hawwe it neigien by jim reisburo. Jim witte dat elkenlen dy't syn of har hûs langer as fjirtjin dagen ûnbewenne lit, dêrfan yn't foar oanjefte dwaan moat by de pleatslike plysje.’
‘Hoe soene wy dat witte moatte?’
‘Gemeentlike feroardening. Is jim ferline jier oer de post tastjoerd. As jim dy ferplichting neikommen wiene, hiene wy effektyf tafersjoch op jim hûs hâlde kinnen. No sieten de kreakers der al yn, foar't wy wat dwaan koene. Wy hawwe it pân ûntromje litten en om fierdere fernieling tefoaren te kommen, is dizze ôffreding hjir delset mei in wachtpost. Ik bin bang dat jim de skea net op jim fersekering ferhelje kinne, want dy easket ek foar langere ôfwêzigens oanjefte by de plysje. Miskien hat it doel kontakt op te nimmen mei de K.K.K. sels.’
‘K.K.K.?’
‘Ja, de Kréative Kreakers Kommune. Dy hie jim hûs beset. En as dat net slagget, besykje it by it B.B.B.’