Trotwaer. Jaargang 15(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 152] [p. 152] Jelle Kaspersma reidlân yn 'e winter fêstset yn iis grize flakten om oker hinne neat wiist op teiwaar dizze stille jûn hjir en dêr stekke swarte tizebosken tûken út boppe it brúngiel wachtsjend op waarmens de griene spruten finzenen fan froast troch in skiere loft opkeard ljocht stjêrt efter muorren mist en dize reidlân yn 'e winter [pagina 153] [p. 153] wyn jaget my út it suden wei de thijssengrêft bylâns dei is dien it lêste ljocht ferlit dit maitiidsripe lânskip iis rinkelet en feale moanne wurdt brutsen spegele neitinzen oan winter keare ta wetter weagen hearskje wer oer fearten en wieden wolkens jeie foar de wyn de moanne bylâns dy't myn paad ferljochtet [pagina 154] [p. 154] [pagina 155] [p. 155] it maitiidsjûneljocht mjukse mei swietrook fan bjirken dizet boppe de kraggen ynholden krêft skûlet yn tûken en woartels earne in stil paad dat útrint op in mar dêroerhinne it maitiidsjûneljocht boppe geane mokken westen op yn dit ûnbedoarne lânskip fiel ik my oer en tefolle soms sjitte eagen en tinzen tekoart ûngrypber foar myn pinne dit maitiidsjûneljocht Vorige Volgende