Piter Boersma
Sûnder omballingen
Oer: Jelle Kaspersma, Fan 'e beuch (fiskersfersen) Koperative Utjowerij, Boalsert 1982, priis f 12,50
It lêzen fan Jelle Kaspersma syn fiskersfersen is as it yn it gesicht krijgen fan in bats buiswetter, dêr't men fan opknapt. Men lêst fersen, dy't sober, nochter en neaken fan taal binne en hiel direkt, platwei sein: rjochtút as in bargesnút. Kaspersma syn fersen dogge har oan ús foar as objektive meidielings: it subjektive wurdt net útsprutsen, mar toand. Yn Fan 'e beuch gjin poëtyske toan, om 'e autentisiteit lykwols al wat fakjargon.
Fan 'e beuch - fiskersfersen. De dichter nimt ús mei nei de súdwestkust fan Fryslân en nei de Iselmar dêr, krekter oanjûn foar de measte fersen: it fiskersskip, dêr't er as jongfeint, yn 'e fakânsje nim ik oan, op fear. Kaspersma nimt ús mei nei syn jeugdgebiet, nei de boarne fan syn dichterskip: it libben yn en mei de natuer, ûnderfiningen út syn jongfeintetiid, it elemintêre.
By de ûnderwerpen en de tema's it yn Fan 'e beuch om te rêden is lizze sentimintaliteit en anekdoatyk op 'e loer om 'e poëzy ûnderstek te dwaan. Kaspersma hat dy beide fijannen aldergeloks hast folslein bûtendoarren hâlde kinnen. Ik sei hjirboppe: it subjektive wurdt net útsprutsen, mar toand. Ik sis it no konkreter: Kaspersma hantearret in ûnsentimintele útdrukkingswize en folstiet mei it jaan fan bylden en feiten sûnder dêr in ynterpretaasje oan fêst te heakjen of sa yn te lizzen dat it der dik boppe op leit. En dêr berêst de wurking fan syn poëzy op, dy't ik wurdearje mei: sterk.
It fiskersbestean tekent er yn sa wurdt de frijdom kocht (s. 8) hierskerp sa:
it is alle dagen itselde gedonder
fan moarns ier oant jûns let
moandeitemoarn begjinne en sneontemiddei ophâlde
sneins útsliepe en dan fannijs
hjoed die nei de skift bliken
en niis ha wy yn inkhuzen