Trotwaer. Jaargang 15(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 144] [p. 144] Geart van der Meer XIV heit. presiis om twa oere kamen mem en ik de sikeseal yn, dy snein. it doogde net (jo seinen: ‘bin jim dêr einlings’ --- sa blau jo fingerseinen, sa opbliesd blau jo gesicht), want al hiel gau bliek, jo hiene, mei lijen, op ús wachte, amper noch bij 't libben hearrend nei dy earste skamper fan 'e dea - de dea, dy't doe mei lytse skokjes jo ta him loek. mids wippende wite rokjes fan skerm-pleatsende susters tà him loek. leave heit, ach, ferjóu it mij, dat ik dat suver komysk fûn - dy skokjes, skreppende susters, gjin kosmysk barren fûn, en allinne mar oan 'e ‘elve’ tinke koe. in blauwe maitydsdei. winterkriik. in heit. in soan. en yn it blau, ferwaaiend, riik. [pagina 145] [p. 145] XV mar ach, wat bestiet der faak tusken heit en soan, letter noch, at de soan de wrâld ferliest, himsels allinne oerhâldt, tusken eigen grinzen? kweld wurdt de heit troch it ûnopfolber foarbijgean fan wat ‘libben’ hjitte moat. hoe koart yn it nei- eagjen de dagen! en hij, de soan, moat oan tiid en takomst noch de leechte ûntnimme, print fan died noch oan 'e jierren jaan. sa is de heit al wei foardat de soan, de jierren garjend, mar se dochs ferliezend, besef wint fan it ûnoerdraagber witten dat tiid fan libjen in ûnfernearber streamen is, print en mark fan dieden wiskjend. och, ik moat no witte, lykas jo, dat tûzenris jin ûntgliidt wat men wér sá sjen wol, tûzenris. [pagina 146] [p. 146] XVI de sweltsjes fleagen al wer. troch de papieren sinnegerdinen foelen tûzend streepkes ljocht. tsierende strânljippen skelden heech yn 'e loft. ik hie krekt noch sjoen: de wettersiakjes wiene der noch, de kikkertfiskjes yn it finsterbank wiene der noch, de kninen, de wyk, de âldfeart, de polder - alles wachte op mij, mar no earst, nei it brea-iten, pakt heit fan it finsterbank it boek mei it âld ferhaal, en lêst hoe't it begûn: ‘in den beginne skyp god de hemel en de ade’, en sjoch - it wie goed. hoe is no fan dy sletten hoep it izer sprongen en djip ferdwûn, it hôf ferrinnewearre, de poarte sletten, de stien ferlern mei syn ûntelbre fasetten? Vorige Volgende