wêze, lykas niis. Of in rôt miskyn. Yn 'e spegel seach er it al net iens mear.
Fier achter him ried dy swarte auto noch. Hy koe him no wol in kear yn-helje litte. Of net, hy koe de gong der eins better mar wat ynhâlde. It wie noch in bloedich ein, en de sinne stie al onder de elektrisiteitstriedden. De loft begong dêr ek al read te kleurjen. Dy triedden hied er no op syn minst ek al in oere njonken him hân. Sa út en troch gong der in rige peallen it lân yn. Dêr soenen wol minsken wêze, in boerepleats miskyn.
It waard kâlder, fernôm er. Hy taaste nei de fjouwer knopkes op de earmsteun en drukte it meast linkse nei foaren. Meidat it sydglês ticht-gliid waard it stiller om him hinne. Hiel onferwachts eins. Hie it dan sa sûze doe't er it iepen hie? Hy liet it glês wer eefkes sakje en doe fuortdaliks wer omheuchkomme. De wyn en de bannen makken in soad leven. Nuver eins dat soks jin earst opfalt at it net mear te hearren is. Hy besocht it twadde knopke. Mei it oare sydglês del wie it minder lûd, wat swierder ek. Mei de beide ruten achter him iepen klonk it noch wer even oars. Hy liet se in pear kear om bar op en del gean. Stereo, tocht er, by gebrek oan in autoradio. Mar it wie fansels bespotlik.
Mei alles ticht wie it fierwei it noflikst. Hy liet it sa. It lûd fan de moter koed er no ek folle better hearre. It wie in regelmjittich lûd salang at er de foet op it gas net ferweegde. Hy begong mei te goonzjen troch de noas en besocht deselde toan te finen. Wat trille dat nuver yn 'e earen! As wied er hielendal hol fan binnen.
Hy die de mûle iepen, liet in lang aa-lud onder út syn kiel komme. Hy besocht ferskillende toanhichtes. It ynterferearre soms moai mei it moterlûd. Hy hood sa lang mooglik oan, oant er gjin lucht mear út syn longen knipe koe. Hy die it nochris, lûder no, en noch in kear, dat hy de moter dermei oerstimde. Hy begong te razen. Hy raasde tsjin it stjoer. Tsjin it klokje. Hy raasde tsjin it asfalt dat onder de foarein skeat. Tsjin de triedden en tsjin it spoar. Hy raasde tsjin it punt oan de kym dêr't de wei op taroon.
‘Amarillo here I come!’
Hy skrok. It rauwe lûd kôm út syn eigen kiel.
Hymjend liet er him weromsakje yn de sêfte beklaaiing. Hy moast him wat bedimje, oars kôm it net goed. Wat moast er dan? Hy koe fansels wol werris in slalom dwaan om de middenstreken. Of in foto meitsje onder it riden. Hy seach om him hinne. Rjochts oer it spoar, fier yn 'e flakte, stonnen jaknikkers. Se gongen op en del, op en del, hiel stadich en gjin twa tagelyk. De heuchspanningsmêsten dy't er al earder sjoen hie yn de fierte wiene der ek noch. It like wol oft se no folle tichter by de wei stonnen. Hy folge de lange rige mei de egen foar him út. Soene se dêr de wei soms kruse?