Wat kinne jo dwaan?
It bêste wat jo dwaan kinne is lid wurde fan de K.U. Dat jout jo it rjocht fan meipraten en it rjocht op in eksimplaar fan eltse útjefte. Jo soargje dêrmei foar in grutter wurkkaptaal dat wy wer ynfestearje kinne yn nije útjeften, krekt yn in tiid dat der minder romte is foar eksperiminten (mei altyd in beskaat risiko) en it foar nije, noch ûnbekende skriuwers net maklik is om in útjouwer te finen. As jo lykwols de stap nei it lidmaatskip noch wat te grut fine, mar ús dochs stypje wolle, kinne jo jo ek ree ferklearje ta in jierlikse stipe. Wy fan ús kant sille jo dan ek geregeldwei op 'e hichte hâlde fan ús aktiviteiten en benammen fan wat der spesiaal mei it stipersjild dien is. En faaks sit der dan noch wolris in presintsje oan fêst, mar wy wolle net nei in ‘kado-stelsel’ ta. It dóél fan de K.U. moat jo oansprekke kinne.
As dat sa is, kinne jo kontakt opnimme mei de administraasje of mei de skriuwer.
Mei achtinge,
S. Sybrandy, skriuwer
Rengersstr. 17
9721 CS Grins (050-254568)
P.S.
It yntree-jild kin ek yn terminen betelle wurde, of ferrekkene mei te barren skriuwershonorarium.