Rektifikaasje
Hjirby biedt de redaksje Tineke Steenmeijer-Wielenga har eksuses oan foar it opnimmen fan de passaazje yn it stik fan Johan van der Wal dêr't Steenmeijer-Wielenga har resinsje fan Yn Adams Harnas yn ferbân brocht wurdt mei faksistyske praktiken út Nazi-Dútsklân (Trotwaer 1983-1, side 55).
Troch in misferstân hat it artikel fan Van der Wal syn wei nei de printer fûn ear't dêr yn oerlis mei de skriuwer troch de redaksje in definitive foarm foar fêststeld wie.
De redaksjonele mesken foar it opnimmen fan ynstjoerde stikken yn de rubryk TRIOEL binne grut; hja binne lykwols net sa grut dat de redaksje it ferantwurdzje kin dat de ynsinuwaasje fan faksistyske tindinzen yn Steenmeijer-Wielenga har besprek der ek troch giet. Om't dat lêste al bard is, ús ekskuses.
De redaksje