meastentiid ferdûbelje ik hastich de frekwinsje fan myn stap, want it binne fragen dy't my op 'e doele en yn tizen bringe. Se komme oan 'e kearn fan myn bestean, ferhelderje it dizenich besef dat altyd yn latinte skinen by my is: dat ik winlik hjir noch altyd bin.
- Menear. Rydt der ek in bus op dizze trein?
Us slach is maklik te werkennen oan 'e treinen dy't it nimt. Der slút, hast sûnder mis, in bus op oan. Om tsien oer seizen sit ik yn 'e bus, de dodzjende sirkelgonger fan it iepenbier ferfier dy't de reizger ien garânsje jout: dat er nea net fierderkomt. At ik útstap, bin ik fuort by hûs.
Trein, bus, klean, it eigen fel. Hoe faak moat ik útstappe, ear't ik mysels weromfyn yn myn alderdjipste wêzen? Hoefolle slotten moat ik baas oer wurde, wol ik alle kisten iepenkrije dy't my as in mummy finzen hâlde? Hoefolle kearen in kokon útlûke en dy nêst my del by 't waskguod lizze? Ik haw de lûdboksen yn in perfekte balâns brocht en wylst ik noch gûchelje mei de beide kranen, rint de muzyk my al as lij wetter oer de rêch. Ik stap derûnder en lit de skerpe fûnken út 'e sproeier as jazzy drumwurk in kertier op my gewurde, krekt salang oant my de hûd der read fan is. In amtner kin mei ôfspielen net ta en in argyfaris moat sânstriele wurde. Ik krij de sproeier út 'e hâlder, hâld him foar de mûle as in mikrofoan en raas de lêste skamte út my wei. Dêrnei droegje ik my ôf.
By it iten drink ik reade wyn. Ik ha my ferklaaid, ja, elk stik klean ferwiksele foar in oar, nee: ferstrûpt, want ek de hûd is nij. Ik ha myn koffer pakt en by de taffelspoat delset. Ik hâld it glês tsjin it ljocht fan 'e lampe en spegelje myn eagen yn syn readkristallen fûnkeling. No hef ik it glês, as in teken fan fertrek. Ik drink en reizgje ôf.
Wêr at ik hinne gean, is net te sizzen. Teminsten net yn termen fan in doel, in einpunt of in hinnekommen. It earste en it bêste antwurd dat in drinker jaan kin op de fraach nei syn bestimming, is koartsein: hjirfandinne. In drinker reizget mei de rêch nei de rjochting fan it riden ta en sjocht allinnich wat er efterlit en hieltyd fierder by him weirekket. Syn doel is negatyf, in eliminearjen fan deistige eleminten, in ôfstjitten fan bylden, in katharsis, it útswitten fan 'e ferkearde sykte dy't er ûnder de lea hat: it libben sels. Alle foarmen fan oarder en werkennen, alle wurden, alle lûden, alle kleuren moatte by him wei. In drinker giet werom nei de alderearste moannen fan syn bestean.
Underweis stap ik oer. Rosé is in tuskenstasjon. Ik set de koffer njonken my del op 'e bank en krij der in flesse út. Neat is nofliker as op in perron sitte dêr't men alle kanten út kin, mar lykwols sitten bliuwt yn it wynstil mulpunt fan 'e roas en wachtet op it breklikste momint fan 'e dronkenskip. Men nipt. Want no ien slok tefolle en men is der oerhinne, de loksillige pine fan it twasnedich swurd dat de grins lûkt tusken sûs en besef, mar ûnder it snijen dy beiden even meiinoar ferbynt.