ten Beethoven life útfierd te hearren, mar wol omdat it troch begeliedingen en edukatyf wurk fan belang is foar de amateuristyske keunstbeoefening en sa mei in brede mysykkultuer yn Fryslân yn stân hâldt.
Dat reprodusearjen fan de grutte masters mei in grut orkest kin elk - yn alle hoeken fan Fryslân - better hearre op de plaat of foar de radio. Dy't der plaatsjes by ha wol, kin ek musyk op de T.V. sjen, hoewol't dat fansels ôfliedt fan de musyk. Fan it gymnasium heucht my noch de lektuer fan De familie Kegge út de Camera obscura (hja hienen dêr noch it prinsipe dat jo op skoalle lêze wat jo út josels thús net lêze soenen): wiere musyk is allinnich foar it ear. ‘Waarlijk, er moest een scherm voor hangen. De stroom van geluiden moest als uit een duistere stilte tot ons komen, of wij moeten allen geblinddoekt toeluisteren’.
Mutatis mutandis is ek it bringen fan toaniel op T.V. of video bettere kultuersprieding as it spyljen fan in stik op ien plak yn de provinsje foar 500 fan de 500.000 provinsjeynwenners. In deal mei de Japanners om yn tinbefolke gebieten video's te dumpen en dan te soargjen dat de belangrike stikken foar in tientsje te hier binne foar elk, soe in poerbeste sprieding betsjutte!
No hat Josse de Haan (L.C. 18-3-1983) ús der op yndachtich makke dat Fryske musyk net bestiet. Dêr hat er gelyk oan: eins is it foar it grutste part Dútske musyk en wat soene wy dêr mei nedich ha? Ek it Fryske Orkest bestiet net út allegearre folbloed-Friezen. As wy aanst de gastarbeiders út it orkest no earst ris dien joegen?
Hawar, it is net ferplichte om altyd konsistint te tinken, en Josse de Haan makket fan dy frijheid in rom gebrûk. Mar hy is wol earlik, want hy hat yn Fryx (maart 1983, s. 31) no ek himsels as profiteur fan de literatuer oanwiisd, al is it dan aldergeloks mar foar 15 oeren wyks (‘In literêr tiidskrift betsjut foar my (...): 8. kritysk wêze (...) tsjinoer de profiteurs fan de literatuer (skoalmasters en Akademylju)’). As elk no opjout hoefolle oeren er krekt makket, kinne wy moai de grutste profiteur oanwize!
Hy ferjit fansels de kritisi hjirre, of soene dy automatysk ta de skoalmasters hearre (foarsafier fansels gjin Akademylju)?
It is spitich dat Johan van der Wal yn syn stik oer de ynfloedrykste kritika fan Fryslân (Trotwaer 83-1, s. 54) him fersind hat mei de roken. Der wurdt langer ek op safolle menieren faksisme signaleard, dat jo der fan op 'e doele reitsje soene. De resinsje dêr't hy it oer hat (it besprek fan Yn Adams harnas fan Wadman) stjonkt al, mar it is de nearzige sprútsjerook fan... Ja, fan wa(t)? Ien fan beiden: Tineke Steenmeijer hat sels foar, yn en ek nei har stúdzje letteren nea ûntdutsen dat in roman earne oars foar bedoeld wêze kin as foar ûntspanning, of hja wit better, mar giet der fan út dat har publyk allinnich foar ûntspanning lêst, as tafallich in jûn gjin Dallas of Dynasty te sjen is. Beide gefallen binne like treurich!
Wat de keunstrubriken oangiet (film, Nederlânske en bûtenlanske literatuer, byldzjende keunst) fyn ik de Ljouwerter - foar in regionale krante dan altyd - lang net min. Alles giet wat achterút, langer, dat wol, want ik ha destiids myn earste noasje oer de ferteller yn de roman en it point of view út de kritiken fan Wadman yn de L.C. helle, en Gerrit Jan Zwier (cultureel anthropoloog en geograaf) jout wat dat oangiet minder.