Jitris Josse
It wie Josse de Haan dy't nei oanlieding fan it negative besprek fan syn Omskotten fan leafde yn Frysk & Frij (12 sept. 1981), Eppie Dam beskuldige fan it produsearjen fan Telegraafstront, om't Eppie soe mei opsetsin ferkeard sitearre en mei teksten manipulearre hawwe. Elkenien dy't lêze kin, moat ta de konklúzje komme dat dy beskuldiging der fier by troch wie, en it muoit my dan ek neat dat de byhearrende polemyk doedestiids de lêzers fan Trotwaer besparre bleaun is.
In bytsje resinsint sil wol wizer wêze, wol er syn eigen glêzen net ynsmite. Malversaasjes binne ommers maklik oan te toanen. Ienkear printe teksten bliuwe swart op wyt stean, en kinne altyd wurd foar wurd neiriden wurde.
Mei persoanlike útspraken dy't net yn it iepenbier dien wurde leit dat al eefkes oars. Der is dan ek in soarte fan fatsoenskoade dy't it sûnder tastimming fan de persoan yn kwestje it (mis)brûken fan sokke útspraken troch oaren ferbiedt. Inkeld pulpblêden as Privé en Story lûke har ornaris fan sa'n koade net it measte oan, en as foar it berikken fan it winske effekt in opmerking folslein út it ferbân skuord of ferdraaid wurde moat, dogge se dat gewoan.
Dat is no ek krekt wat Josse de Haan (ja dyselde) docht yn Fryx '83-2 (side 29):
It brefet fan ûnfermogen dat de redaksje himsels joech ûntstie yn 't foarste plak troch it opnimmen fan it sikehûsfragmint fan Willem Abma (Goaitsen van der Vliet: ‘ik wit no wat kwaliteit is’, nei ôfrin fan de gearkomste op 75 jannewaris). Dy ‘kwaliteit’ fan Van der Vliet, en dat wie it twadde teken fan ûnmacht, hat Tr. Riemersma bleat lein yn syn masterlike pastiche op 'e niisneamde sikehûsscène. Ek dat waard opnommen, want ‘wy witte sa njonkenlytsen wat kwaliteit is...’.
Ik wyt net rjocht mear wat ik yn myn bluisterigens dan wol sein ha, en tsjin wa, mar dat yn gjin gefal. It soe ek net iens kinne yn ferbân mei de Fragminten út ‘De Klinyk’ sa't dy yn Trotwaer '81-4 stonnen (en dat wyt Josse likegoed as ik).
It mei my noch wol heuge dat ik nei ourin fan de krisisgearkomste tsjin ferskillende minsken sein ha dat ik in soad wizer wurden wie. Dat bin ik no wer. Ik gjin hjir dan ek mar net yn op Josse syn ‘krityk’. Hy komt ek diskear net folle fierder as de searje provosearjend bedoelde lege gjalpen dy't wy sa njonkenlytsen al fan him wend binne, en it neikaugjen fan syn masters Riemersma en Canetti.
At Josse de Haan wier nochris earnstich nôm wurde wol, sil er syn krityk op de wrâld earst ris wat logysker, wat earliker en fral wat saakliker beargumintearje moatte.
Goaitsen van der Vliet