Trotwaer. Jaargang 15
(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd2. Feitsma, De Nije Jonges & De Ode HapFeitsma smyt de ‘nije jonges’ (wa?) foar de fuotten dat hja (‘mei sin’ noch wol) ‘de ôde hap’ (wa?) bûtendoar set hawwe. Dat is net wier. Alle bydragen fan de ‘ôde hap’ hawwe krekt deselde behanneling krige as hokker oare bydragen dan ek. Fan de ôde hap binne dus ek bydragen opnommen, likegoed as dat der fan de ‘ôde hap’ bydragen ôfkard binne. Allinnich, de bydragen fan de ‘ôde hap’ dy't opnommen/ôfkard binne, binne net opnommen/ôfkard om't se fan de ‘ôde hap’ wiene - dat gyng de ‘nije jonges’ te fier. Ek hawwe de ‘nije jonges’ altyd brieven nei de ‘ôde hap’ ferstjoerd en de ‘ôde hap’ dêryn frege om bydragen foar de ‘nije jonges’ harren spesjaal-nûmers. Ik kin it Feitsma noch sterker fertelle: yn 1978 hawwe de ‘nije jonges’ sa'n ‘ôde happer’ frege om yn 'e redaksje, mar hy hat ús oant twa kear ta sitte litten. Kenlik hie de ‘ôde hap’ mear muoite mei de ‘nije jonges’ as de ‘nije jonges’ mei de ‘ôde hap’. | |
2. Feitsma, Van Der Veer & De FerwachtingFeitsma tsjûget fan har teloarstelling yn Akky van der Veer. Ommers, ‘krekt fon har’ hie hja ‘mear begryp ferwachte fwar meensken yn de ópposysje’. Alle opposysjes binne | |
[pagina 123]
| |
kenlik itselde, mar noch ôtsjoen dêrfan, dit komt dochs del op it útoefenje wollen fan in morele druk. Akky wurdt hjir as in ûndogens bern behannele, dat troch de mem binnen de stringen fan it hûs besocht wurdt te hâlden troch it op te skypjen mei ferwachtingspatroanen. Lulkens en argewaasje jouwe de oar rejaal gelegenheid ta rejaksje en litte dêrom de persoan yn syn wêzen en wearde, teloarsteld-wêze-yn docht dat net en twingt de oar ta skamte en ûnderdienigens - it lykwicht tusken de partijen wurdt op in ûnearlike manier fersteurd. It fenyn sit benammen yn 'e wurden ‘krekt fon’, dy't de oanfallen persoan ommers earst ek noch op in fuotstik sette: ‘En ik hie dý noch wol sa heech.’ Deemoed, útpraat, eagen del. Doek. | |
3. Feitsma & Ut Gefol Jan Wybenga‘Jan Wybenga is un oar gefol’ skriuwt Feitsma yn har stikje. Fansels, Jan is in grut ljocht, mar net yn dy sin dat er him tsjin 'e autoriteiten keard en fan 'e stroom ôfsnije litten hat. Jan kin him dus net beroppe op in opposysjoneel ferline - krekt as hied er net yn Alternatyf sitten, mar goed, dat is miskyn Feitsma har soarte fan opposysje net. Feitsma, dy't Tamminga gewoan net leije mei en yn Akky gewoan teloarsteld is, beskôget de man Jan Wybenga dus no gewoan as ‘un gefol’. As wie it in rjochtsaak, it hoegde net oars. Of stiet Jan yndie by Feitsma efter it houten stekje ûnder har beklach? ‘Wybenga Jan, ik lês hjir yn Fryx, jo. soene op 'e Trotwaer-krisisgearkomste fan 15 jannewaris 1983 yn It Anker te Ljouwert om 15.21 oere skeptysk glimke hawwe. Boppedat, sa stiet hjir, wiene jo yn al jo skepsis solider mei âld en nij establishment. Wat hawwe jo dêr op te sizzen, man? Is dat sa?’ ‘Ja en nee...’ ‘Ja en nee? Ha, dy Jan! Menear Wybenga J. begrypt it noch net. Sjoch, menear Wybenga J., it is hjir by ús net in kwestje fan ja én nee, mar fan ja óf nee. No?’ ‘Ja, nee, sjoch, ik stean hjir nammentlik nochal skeptysk foaroer. Ik...’ ‘Dizze man is skuldich. Mar dêr is er op it lêst ek man foar. Folgjende gefol.’ | |
4. De Jong & De Jonge JelleDe Jong hat de rapen fan it gasstel krige, doe't er lies dat it baaske Jelle Krol -it jonkje leit ‘literêr noch yn 'e ruften’- no ek al yn 'e redaksje fan Trotwaer sit. Neffens De Jong is dat ‘sykjen om swierrichheden’. Dat binne fansels skytmerakels fan De Jong. Net allinnich hawwe syn maten-yn-'e-opposysje pleite foar in farske ynbring fan 'e jongerein, hy hat sels ek sjen litten dat lju mei in pear knopen mear oan 'e broek, dêrom literêr noch net alhiel sindlik hoege te wêzen. De Jong syn opmerking dat Trotwaer in ‘literatuerfijannich tydskrift’ wurden wêze soe, is der ommers samar hinne skiten en liket fierders nearne nei. ‘Opblaze de boel!’ ropt De Jong no nochris yn neifolging fan Abma. Dat is dan aardich korrekt útdrukt, want dít is net oerdriuwen mear. | |
5. De Jong, De Lange Teannen & De Brede RêchDe Jong seit, bliid te wêzen mei syn lange teannen - syn literêre antennes sitte deryn. Hat er dêr miskyn mei opfongen, dat ‘Eppie Dam (...) sa'n brede rêch hat yn dizze saak?’ Ik begryp net goed hoe't De Jong dêr by komt, at ik earlik bin. Haw ik, sa't De Jong seit, ‘foar in grut part it gesicht (no ja) út(makke) fan | |
[pagina 124]
| |
trotwaer?’ Dat hear ik dan foar it earst. Ik haw nea better witten as wy diene dat ornaris meiinoar. Ik wol der net op oan en krûp der ûnderwei, mar sa'n sekfol image at ik no yndienen drage mei, dat is grif tefolle eare. Wat trouwens net sizze wol, dat ik net bliid wêze soe mei myn brêde rêch - myn literêre argewaasjes gliidzje der by del. | |
6. De Jong & De Pedante Trochsketten Krop SlaadDe Jong is bang, dat ik slachtoffer wurden bin fan 'e ‘benypte Fryske literaire sitewaasje, dêr't al gau ien dy't wat kin (...) oer it hynder tild wurdt.’ Hy kwalifisearret my dêrnei as ‘in pedante trochsketten krop slaad’. It wurd ‘pedant’ hat, krekt as ‘arrogant’, miskyn in bytsje fan syn wearde ferlern, no't it systematysk brûkt wurden is yn relaasje ta de jonge jonges (Goaitsen van der Vliet, Jelle Krol, ûnderskreaune), mar dan hâlde wy fansels noch altyd ‘in trochsketten krop slaad’ oer en dat slacht dus op my. Ik moat De Jong dalik neijaan, it is in prachtich byld, mar miskyn in bytsje besiden de werklikheid. Ik wit wol, in oankommend skriuwer moat te uzes fjochtsje om yn 'e lijte fan 'e publisiteit te rypjen ta wat er wurde kin en wol, want dat giet hjir samar net. Us literêr klimaat is ommers elke lijte brek - sels de earste de bêste sneinsdichter stiet dalik yn it folle ljocht en sil dus nei in blauwe moandei troch in tydskrift frege wurde as redaksjelid. En om't in miny-literatuer oars net as út 'e krapte tarre kin, stiet er yn wêzen mear foar it blok as foar de kar. Mar dat wol dan noch net sizze, dat er him as skriuwer net hieltyd swierdere easken oplizze kin en moat. Dêrom ek haw ik my luik makke om De Jong syn bewearing dat skriuwen hielendal gjin fak is. Krekt sa'n (yn)stelling smyt, nei myn idee, trochsketten-slaad-skriuwers op. Sa net, dy moat men lang en stil gewurde litte, dan kriget men de grutste trachten sied, noch ôfsjoen fan 'e moaiste blommen. | |
7. De Jong, It Adfys & Stap OpIk ha begrepen, dat de beide oerbleaune redaksjeleden (Goaitsen van der Vliet en Jelle Krol) har net sadanich rekke fielden troch it skriuwen fan De Jong, dat hja syn adfys om op te stappen, ek werklik opfolge hawwe. De Jong wie dêr ek al bang foar. Earlik sein, hy hat it der sels nei makke, want dêr wie ‘dit skriuwen’ it stik net nei. Trouwens, suver it hiele Fryx-nûmer stie wat yn it teken fan it idee-fixe, dat as genôch stôken mar lang genôch op 'e hûn omslane, it dier it wol bestjerre sil. Yntusken wurde nije tûken út 'e beammen snijd en dekt De Haan der aansent yn Fryx 83-2 fansels nochris omraak op los ûnder it mom fan ‘Trotwaer is dea’, mar mei yn 'e efterholle ‘Trotwaer sil dea’. En dan wy wer, seker - sa hâldt men kopij.
Eppie Dam |
|