meijer) ûntkrije om saken út te djipjen dy't hja dat wurdich fynt, mar der stie mear yn Trotwaer 83-1.
Persoanlik haw ik my fernuvere oer it feit, dat al yngien wurdt op it stikje eftergrûnynformaasje by de koproduksje fan Henk Pietersma syn skilderijen (en gjin ‘tekeningen’) en de fersen fan my, wylst oer dy skilderijen en fersen sels neat sein wurdt.
Yn it stikje oer it tydskrift Hjir wurdt it ûntbrekken fan skeppend proaza sels noch memorabel achte, mar de oanwêzigens fan twa koarte ferhalen yn Trotwaer skynber net, likemin as in searje fersen, skôgings/besprekken en trioelstikjes.
Wat my lykwols it measte steurd hat, is de omswaai dy't de LC kenlik makke hat oangeande Jelle Krol syn publikaasje oer de parallellen tusken The Unicorn (Iris Murdoch) en De dei is jong (Ypk fan der Fear). Yn 'e earste rejaksje fan De Ljouwerter op dat stik (LC, 26-11-1983) wurdt Jelle suver stiif oankrûpt - no kriget er ynienen (ek al arrogant) in skop ûnder de kont en wurdt der sels, yn neifolging fan St. de Jong, in fraachteken by syn hiele redakteurskip set. In prachtich wolkom foar sa'n jonge - dêr moat de Fryske literatuer it fan ha!
Ik fyn it flau en irritant, dat de bydragen oan 'e rubryk ‘Fryske tydskriften’ yn 'e LC, net mei namme of mei inisjalen ûndertekene wurde. Koe bliken dwaan, dat meardere minsken oer dy rubryk gear binne, dan wie sa'n omswaai hiel wat better te fertarren as no. No kriget men de yndruk, dat it mei De Ljouwerter ditoangeande alle kanten út kin. En watfoar kant - in tydskrift dat troch oaren al yn 'e ûnderwal wâde is, kriget nocht in traap nei. De bliedende hin wurdt pikt.
Eppie Dam