LCetera?... och hearken!
(It is net om mij, sei de hûn, mar 't keal moat noadich dea)
Al is Fryx (ûnôfhinklik, kritysk, wit jim noch wol?) dan fierders mar ien fan de wat suterige oardel-man-en-in-hynstekop-bledsjes dêr't Us Fryske Kultuer sa ‘ryk’ oan is, dat wol noch net sizze dat de Ljouwter Krante altiten better is. Oant 11 maart ta like de Ljouwter tsjin Trotwaer in wol ridlike en neutrale posysje yn te nimmen. Ek it stik fan Krol oer Murdoch waard earst at ik mij net fersin sels ridlik posityf ûntfongen, en der stie alteast net yn dat Krol arrogant wie, en ek net dat er as ‘jong baaske’ (Steven de Jong syn iennige ‘argumint’ yn Fryx - sa kritysk! wit jim noch wol!) him mar better stil hâlde koe. Mar dat is no op 11 maart hommels feroare. Earst de kop al: Trotwaer ‘literatuerfijannich tydskrift’? Dat ûnthjit gâns wat. Dy wurden binne fan Steven de Jong, faaks wol bekend, en stiene yn dat nûmer fan Fryx (faaks ek wol bekend, sa kritysk, witte jim noch wol?). No ja, tinke je dan, sels yn in ‘kultureel’ supplemint sille wol de wetten hearskje fan de nijswearde. Mar at je dan fierder lêze, docht bliken dat ynienen de Ljouwter ek al meisjongt yn it Frysk Mingd Anti-Trotwaerkoar (FMATK). Earst Eppie Dam, dy skriuwt yn Trotwaer 1983-1 in tal fersen bij skilderijen fan Henk Pietersma. Oer dy fersen wurdt neat sein, want dêr ha se bij de Ljouwter seker gjin ferstân fan. Mar at Dam dêrnei beskriuwt hoe't er yn 'e kunde kommen is mei Pietersma en syn wurk, en in ferantwurding ôfleit foar it ûntstean fan dy fersen bij it skilderwurk, en alsa de lêzer ek yn kunde komme lit mei de persoan Pietersma, dan hjit dat ynienen ‘ego- opkrikkende taal der't de lêzer neat oan hat’. Ik tocht, dat de lêzer dat sols wol útmeitsje kin.
Dan giet ús Ljouwter fierder oer Jelle Krol syn antwurd oan Tiny Mulder har FD-stikje oer de kwesje Ypk-Iris. Neffens ús Ljouwter skreau Mulder gjin poepelderij (hea, dêr hat de Ljouwter seker al ferstân fan; soene se dêr soms al The unicorn lêzen ha?), mar brûkt Krol it as ‘arrogant stylmiddel’. O... mar hoe kinne jo no poepelderij as sty/middel brûke, bêste Ljouwter? Lis mij dat nochris út. En wa is hjir ‘arrogant’ at de Ljouwter dêrnei, as kroan op dit part, mei ynstimming Steven de Jong út Fryx (kritysk dus, wit jim noch?) oanhellet, dy't fynt dat Krol as ‘baaske amper út de ruften is’ en dus net yn de ‘machtsposysje’ fan de redaksje moatten hie. Ik ken noch wol in pear mear redaksje- en eksredaksjeleden yn Fryslân dy't noch mar amper út 'e ruften wiene doe't se yn de redaksje fan in literêr tydskrift kamen, en dêr is bij myn witten noait kapsje om makke (nim bijgelyks mijsels, Goaitsen van der Vliet, en noch in rist oaren). Mar bij Krol moat dat ynienen wol. Nuver hear. O sa nuver. Mar dat dyselde Steven de Jong yn datselde Fryx- nûmer in oanfal docht op Durk van der Ploeg, in meiwurker fan de Ljouwter, sjoch, dát ferswijt ús Ljouwter dan wer (en dy oanfal fan De Jong wie earst ynstjoerd as ynstjoerd stik foar de Ljouwter, en -fansels!- wegere, want dat is ‘antikrityk’ en dat is ooeeeeeeeeeeee sa
ûnfatsoenlik). Ja ja, wól Steven oanhelje at dat goed útkomt, mar dat oare oe sa stil hâlde. Dit alles is Fryslân! Mar dan, al fierder lêzende, ûntdekke je dan einliken hoe't ús Ljouwter dit alles sa út 'e holle stjitte koe. Want sjoch, der stie yn Trotwaer 1983-1 in ynstjoerde krityk op Tineke Steenmeijer har