Trioel
Steven kin soks sa wol even
It is mei it Frysk wat oars as mei in gewoane taal. Dat skreau Obe Postma al, en dat wurde je sa no en dan foargoed gewaar. Wat je soms yn 'e Fryske kranten en bledsjes lêze, no dat moat je earst trije kear oerlêze foar't je leauwe wolle wat dêr stiet. Nim no ris wat Steven de Jong yn it lêste nûmer fan Fryx, Tydskrift foar Polityk en Kultuer (ûnofhinklik, kritysk) (jann/febr. 1983) skriuwt oer de kwestje Ypk fan der Fear - Iris Murdoch. De Jong nimt it dêr op foar Fan der Fear, dy't sa't bekend is yn Trotwaer 1982-4 troch Jelle Krol derfan beskuldige is it foarnaamste part fan De dei is jong ûntliend te hawwen oan The unicorn fan Murdoch. Dat De Jong it opnimt foar in goekunde kin ik tige ynkomme. Dat De Jong it eventueel opnimme wolle soe foar in goekunde tsjin better witten yn, dêr kin ik ek noch ynkomme (minsklik sjoen dan, al fyn ik dat net ferstandich). Mar dat De Jong soks docht sûnder, en dat skriuwt er wrychtich ek noch swart op wyt del!, sûnder ien fan de beide boeken dêr't it hjir om giet, lêzen te hawwen - wel, dat is wol it ûnnoazelste wat je dwaan kinne. Like ûnnoazel is it dat er The unicorn in ‘bakfiskroman’ neamt (mar goed, hij hat dat boek dan ek net lêzen, en wit blykber fierder ek neat ôf fan Murdoch). It alderûnnoazelste is dan wol, dat er op grûn fan al dy net-lêzen boeken mient krityk leverje te kinnen op Krol syn stik. At De Jong werklik Fan der Fear helpe wollen hie, dan hie er earst de muoite nimme moatten en lês even dy twa boeken. Mar De Jong is net fierder kommen as Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad, en dy baut er dan ek braaf nei. Hjir is Fan der Fear net mei holpen, en Steven de Jong toant hjirmei werris oan dat er... no ja, gewoan Steven de Jong is.
Persoanlik bin ik hielendal net bliid mei disse saak, want de beskuldiging fan plagiaat (dêr't it hjir feitliken om giet) is hjoed-de-dei in tige swierenien. Men hoecht dat gjinien ta te winskjen. Omt ik persoanlik ek in miening oer dy saak ha woe, haw ik drekt beide boeken fuort nei-inoarlêzen. Ik bin doe ta de konklúzje kommen dat Jelle Krol gelyk hie. No kinne Krol, en ik ek, en oaren dy't nei't ik wit Krol gelyk jouwe, fansels noch wol ûngelyk hawwe, mar dat soe dan oantoand wurde moatte mei tsjinarguminten - en dan it leafst fansels troch lju dy't de boeken lêzen hawwe... (en ik fertink Tiny Mulder, sjoen har FD stikje, der ek fan dat se The unicorn net lêzen hat, moat ik sizze). Wat ik oant no ta sjoen ha is, yndie, poepelderij. En dêr hat Ypk fan der Fear, dêr ha wij, gjin ferlet fan. En dan: Hoe kin de redaksje fan Fryx (jim witte wol, sa ûnôfhinklik en sa kritysk!) sokke rigels no opnimme? Ja, ik leau dat Prof. dr. A. Feitsma yn de redaksje sit, en dy hat, at it mij net mist, wat op Trotwaer (sa'n middelskoalle-bledsje neffens harsels yn datselde nûmer, jaja!) tsjin, en dan is fansels alles goed genôch, at Trotwaer mar in feech krijt. Sa giet soks yn Fryslân. Mar goed, Steven moat mar gau The unicorn lêze, al is it dan wol in tsjok en Ingelsk boek, en dan mar werris skriuwe. Net daalk opspatte en tinke: Steven kin soks sa wol even.
Geart van der Meer