Trotwaer. Jaargang 15(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 116] [p. 116] R.R.R. Van der Leest in seemansreis 't ôffarren út makkum wei nei madagaskar slachtmoanne d'achttjinde fan sekstjinacht de noardewyn boaze oan ûnder loasdunen moai foar it lapke sa gyng it as 't spoar dy duvelske bútslije kapers fan dúntsjerk dústen wy bûklings út túch en kajút it bjustere tsjustere swurk is losbrutsen tusken jeropa en afrika's kust d'orkaan houde grousum op ynhouten yn en touwere rou troch teraffele tou ûntspanning en wûnder hat ús de jûn jûn by bûkdûnseressen fan noeadhiboe de see as in spegel de sinne yn 't senit stees gjin ferweech troch de bocht fan gunee [pagina 117] [p. 117] by allemans skuorring wie kokosnútmolke salve en balsem foar 't syktmegefal op 't lêst dochs in fleach yn 'e rêch en ús eagen seagen oer weagen sjedêr lei kaapstêd út farafangana werom mei in lading baalfollen nagels en dadels yn maart nei togo in hopen maleur en marokko skode in stower oer ús tsjok as smook dat gjin fjirtjin skippen te cadiz fiif minder stikken op klippen of mist yn 'e mist mei lekken en brekken om kaap finisterre neffens 't bestek jit oer brest nei calais dan 't einleaze ein efter reinige einder ein fan de reis dêr't de seine op lei de tsiende fan july mei 't wiif wer feriene bliid oan it miel en it liif stiiffol bier [pagina 118] [p. 118] Vorige Volgende