Trotwaer. Jaargang 15(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 114] [p. 114] Geart van der Meer XI mar freegjen hat gjin doel yn dit net antwurdzjend hielal. wa't sûnder goaden libbet, fragen moat er net mear stelle. ien ding is wol wis: al hoe't men op jins wyfke omstreaket, gedichtsjes riuwend troch it libben bûkelt, goed jins bêst docht bij it sykheljen - ienkear komt de tiid dat de fuotten rjochtút moatte, en dan sil men foargoed witte wat rintsje ferver ek al sei: ‘'t i' mar sa't it is, mar 't i' ma' sa’, en dêr is, leau ik, alles wol mei sein. en wol men ‘ivichheid’ en ‘skientme’ sjen (en dat bín dochs synonimen?), dan sil men dy séls skeppe moatte, en út eigen gaos sil de geast koarte kosmoskes fan harmony opdreame moatte, mei soms flardsjes melody. [pagina 115] [p. 115] XII josquin (o alma redemptoris mater, o! seinge mem fan ús ferlosser. jo dy't skepen ha jo eigen skepper) - hoe hat hij der weet fan hân dat muzyk, it himelsk ingletongjen, ta ús hart yntsjocht wat ús fersoenje kin mei riik en tsjêf en ai 't fergean - fergean moat de gearskik ek fan dísse toanen, dísse stimmen, en ek myn harkjen hat begjin en ein. mar dit muzyk iepent yn ús inerlik in ûneinichheid, sûnder mjitte, sûnder tiid. want de oardering fan toanen wurdt yn 'e geast ta de opheffing fan oarder, en ein wurdt begjin, en einichheid ûneinichheid. soms is de minsk syn eigen god, skept er himsels ta minske, eigen heechst gebod. Vorige Volgende