- Ah. Soixante-neuf!
- Jo seine?
- Soixante-neuf. Dat is Frâns.
- Frâns? Bouke sille jo bedoele.
- Nee, Frâns! As yn de ‘Frânse révolúsje’.
- O. De trotwaar-révolúsje, de oergong fan Fryks op Frâns.
- Einliks net. It wurd doelde tagelyk op in soarte fan évolúsje, seksistyske onfoech.
- Dat bestiet net, neffens my. In révolúsje, dy't tagelyk in évolúsje wêze soe. Dat hie Bouke nea goed krije kinnen.
- Dat wit ik, dat wit ik, sei de Grutte Frykse wurch.
- Want nim dat fan my oan. Rotjonges wiene wy, mar rjochtút. Alle beide, ik en Bouke. Goed dwers en ferkeard. En nonkonformistysk dat it sawat die!
- Ja, ja.
- Alle grutte initialen ha wy yn ien grutte raam de grûn yn boarre. EBF, DAT, DVDP, neam mar op. It hiele âlde establishment.
- Dat wie goed wurk, benammen DAT, dy hat my altyd yn 'e wei west. Jimme setten de krityske trend fan jim foargongers feardich fuort.
- Mar dan folle kréativer.
- En djipper dollend, suchte de Grutte Frykse, dy't yn 'e grutte spegel foar har oer seach dat se ongemurken har swarte baret optikke hie.
- En mei helte mear fyzje, sei Steffen foldien. - Wy hoegden al gau net iens mear te skriuwen. Wy kamen, wy seagen en de boel wie al berêden.
- Mar dêr kaam in klap op.
- Ja en hoe't dat koe! Dêr lit ik noch faak myn tinzen oer gean. Joast mei witte wêr't him dat oan lein hat. Mar op in dei wie alles oer en foarby mei ús bied.
- Dêr hat DAT efter sitten te stokeljen. Dêr bin ik hast wol wis fan, sei de Grutte Frykse, dy't wat temûk, troch krekt te dwaan oft se yn 'e gedachten wei derop tikke, har baret ontbûn hie. Om frijer prate te kinnen.
- Nim fan my oan, Steffen, dat dy âld strûk deryn behelle wie. Oan dy réaksjonêr ha se ommers kilo's kostber papier fergriemd.
- Mar, sei Steffen, - it kin ek kommen wêze troch it gefaarlike systeem fan de koöptaasje, dêr't de âld liuw ús hieltyd wer foar warskôge hat. Mar wy ha de moraal fan syn fabel gjin acht slein. En sa kaam it op it lêst safier mei ús skoandere bied, dat foege bern al koöptearjendewei machtsposysjes krigen. Doe waard dat djoere papier brûkt as ruften, dêr't de jongste baaskes har loarten yn draaie mochten. Jelle Uriah Heep en sokken, dy't froulju op har âlde dei gnypsk oantaaste. Ba, sis ik, en Ba! mien ik. Want dat Wylde Bouke de âlde EBF útrôp ta rassistyske doarpsgek dat wie fansels allinne mar in puike bydrage ta de nonkon-