Piter Yedema
Foar in planmjittige oanpak
It útjaan fan in tydskrift wurdt yn ús maatskippij rekkene ta de wurksemens fan it partikulier inysjatyf. Der is in útjouwer dy't nèt, omreden der er himsels ‘koperatyf’ neamt, ynienen fan dy opfetting ôfstân nommen hat en folslein eigen redenen hat om it spultsje draaiende te hâlden.
Yn in útjeftebelied hoecht finaal net opnommen te wêzen dat de belangen fan har meiwurkers beskiedend wêze moatte soene. Dêr binne gjin ôfspraken oer. In redaksje kin net oars as dat belied befêstigje. Hja hat in winkeltsje en dêrmei it rjocht allinne dàt yn 'e oanbieding te nimmen wat yn har kream te past komt. Hja hat gjin ferantwurdingsplicht tsjinoer lêzers en skriuwers, hja hoecht mei harren útspraken gjin rekken te hâlden. Oft soks ferstannich is, is wat oars. Hja ferplichtet gjinien om kopij yn te leverjen of in abonnemint te nimmen.
Dochs is der oanlieding om de samle meiwurkers en lêzers foar in petear út te noegjen. Krisis of net, poere loksillichheid fan de redakteuren hat der net mei anneks west.
Wat wol hja yn dat fermidden fan allegear autonome belangen eink oan de oarder stelle? Dochs grif net in ferantwurding oan guon meiwurkers dy't ek wol oer de post kin. It hat gjin sin in ploechje minsken op te trommeljen as harren miening jin kâld lit.
It leit foar de hân dat it belied yn sa'n gearsit troch meiwurkers en lêzers op it harspit nommen wurdt. Soks is net noflik as men gjin masogist is, dêr't ik earst mar fan út gean wol.
Mar der soene dochs ek alternativen te praat komme kinne?
T - algemien tydskrift foar literatuer
Hjiryn stiet skôging, proefnimming en it bewustmeitsjen fan de maatskiplike ferflechtingen fan de literatuer yn fryslân sintraal.
Hja folget de ûntjouwing yn de literêre metodology en fiert in belied dêr útlis fan te dwaan en op de fryske literatuer ta te passen.
It boekjebesprekken sec is hja fanôf stapt. Dizze tsjinstferliening oan de boekhannel moat de krante him mei rêde.
It opnimmen fan literêre bydragen yn ingere sin hat hja beheind ta it eksimplaryske. Gedichten en koarte ferhalen, de befoarrjochte genres om opnommen te wurden yn in tydskrift, kinne by in útjouwer oanbean wurde.
Hja jout omtinken oan ferwaarloazge genres as it drama, de reportaazje, it brief, it reisferslach, it essee.
Hja besiket ek oer de grinzen hinne te sjen en beskate ûntjouwingen yn