mij dat allegear mar kul ta, en it bêst út te fieren troch it stiftsjen fan in nij ienmansbledsje mei sa'n fjirtich abonnees en de namme De Kul. Nee, wêr't it mij no even om giet, dat is oft it wier is wat Riemersma oer mij sein hat en wat ik oan it begjin fan dit stikje sitearre haw.
Ik nim oan dat Riemersma mei ‘in artikel fan Rudy Bremer' oer literatuerwittenskip’ it stik bedoelt dat yn Trotwaer 1981-4, s. 247ff. útkommen is ûnder de titel Trije memeren om it literaire wurk benei te kommen. Wat Trinus net witte koe, en ik him dan ek net kwea ôf nimme kin, is dat op de ien of oare nuvere manier it wurd tradysjonele bij it printsjen fan myn artikel weirakke is: Trije TRADYSJONELE menieren om... hjitte it eins. Mar at er lêze kin, kin er hiel goed witte dat it net oer ‘literatuerwittenskip’ giet, mar oer trije tradysjonele menieren om in literair wurk benei te kommen, sa't yn 'e tekst foar de wissichheid hieltyd wer mar al te dûdlik makke wurdt. Mar faaks noch net dúdlik genôch? Of hat Trinus it oer in oar stik fan myn hân? At dat yn Trotwaer stien hawwe moat, dan kin dat hast net, want dêryn haw ik fierder allinne mar oer ‘literatuerwetenschap en psychoananalyse’ skreaun, en dat is al in hiel set lyn. En at er oarsearne bedoelt, dan kin er hast allinne mar doele op myn stik yn De Revisor VII/1, febr. 1980, s. 56ff, neamd Kunst en Kritiek, hoe of wat? - mar dêr komt de resepsje-estetika wiidweidich oan bod. Wêr hat dy man it dus oer?
Lit mij dus mar efkes oannimme dat Riemersma net al te bêst lêze kin en it dochs oer Trije menieren om... hat. ‘Moderne rjochtingen as literatuersosiology en resepsje-estetika wurde der net yn neamd’, seit er - en lykas hjirboppe al sein is, soe dat, noch ôfsjoen fan wat ik fan dy ‘moderne’ streamingen tink, net sa nuver wêze, sjoen it karakter en it ûnderwerp fan myn artikel. Ik woe ommers neat oars as in trijetal troch moderne streamingen (en fral troch moderne moadeferskynsels yn 'e literatuerkrityk) op 'e skopstoel rekke, âlderwetske beneieringswizen werris nei foaren helje, koart besprekke en sjen litte dat se neist harren gefaren en achterhelle fizys ek goeie kanten hiene en sels út en troch feitlik weardefolle, ja ûnmisbere útsichten op literaire wurken beaën. Alderwetsk dus, yndied, hiel âlderwetsk. Mar sjoch, wat wurdt dêr al op 'e earste side fan myn stik, as foarbyld fan de ‘psychosintryske beneiering’ neamd? Krekt: ‘... psychoanalytyske beneiering, mythopoëtyk en resepsje-estetika!’ En wat fine we op dyselde earste side as foarbylden fan de ‘sosiosintryske streaming?’ Sa't jo al tocht hiene: ‘... de sosiologyske en marxistyske beneieringen’. ‘Neamd’ wurde se sadwaande yn myn artikel wol deeglik dus, en foar mear as neamen is der yn dat spesifike artikel yndie gjin plak.
Sa, dat wie dan dat. Ik mei dan ‘sa reaksjonair as de pest’ wêze, en folle ‘âlderwetsker’ as Trinus Riemersma, en skriuwen mei dan neffens Ste-