Trotwaer. Jaargang 15
(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 82]
| |||||
Goaitsen van der Vliet
|
1. | It besprek fan de sammelbondel Stapstiennen fan Douwe Tamminga troch Geart van der Meer dat om syn langte (oer de 60 siden) as spesjaal nûmer (Trotwaer '80-3) útbrocht wurde koe. Foar Feitsma is it ‘krekt os woe Trotwaer mei dot nûmmer syn ekskúzzes oanbiede fwar olle krytyske lûden dy't yn ut ferlyne sa foar en nei yn Trotwaer stien ha’. Gjin hier op ús hollen dy't dêr ea gedachten op hân hat. It besprek wie dúdlik rjochte op de poesij fan Tamminga, en net op de persoan. Ik bin bang dat Feitsma beide saken yndie net skiede kinnen hat, lykas hja sels al suggerearret (‘Ik mei de mon no ienkear út noch yn net lije’). Hielendal onbegryplik is de opmerking dat de siden fan Trotwaer te kostber wêze soenen ‘fwar un lang en breed erkend dichter’ as Tamminga. Wat dan te tinken fan de 116 siden dy't bestege binne oan in folle langer en breder erkend dichter as Obe Postma? Dat koe der neffens Feitsma wol op troch, ek al wie ek har oandiel oan de diskusje (57 siden) ‘kwa methoade net fernijend of sa’. |
2. | De redaksje soe har bydrage Obe Postma, un tachtiger yn Fryslôn (Trotwaer '81-1, side 12) by de graasje opnôm ha. Dat is net wier. Wegerjen fan it stik ha wy net in moment oer prakkeseard. Wol hienen wy beswier tsjin de lange frânsktalige sitaten dy't yn it earstoan sondermear yn de rinnende tekst opnôm wienen. Dat wie yn striid mei in earder redaksjebeslút dat stikken of sitaten yn frjemde talen omwille fan de lêsberens foar elkenien yn it frysk oerset of gearfet wurde moasten, al dan net mei de oarspronklike tekst derby. Dat hat by myn witten ek it iennichste west wat Feitsma frege wurden is, en as dat sa utkôm soenen wy dat wer lyksa dwaan. |
3. | De redaksje soe neat net happich west ha op Riemersma syn nijsgjirrige bydrage Halbertsma tróch de bril fon Schuitmaker en mear aardichheid ha oan in spesjaal nûmer mei en oer brieven. Behalven dat Feitsma hjir in ferbân leit tusken twa dingen dy't gjin sprút meiinoar te krijen ha, bringt hja hjirmei in saak op it aljemint dêr't hja net genôch fan witte kin om objektyf oer oardielje te kinnen. |
Fan syn artikel Halbertsma tróch de bril fon Schuitmaker sei Riemersma op de krisisgearkomste dat it nei oardel jier krekt opnôm wie, en dat der ondertusken wol eamelferhalen fan Geart van der Meer oer Douwe Tamminga en eamelige brieven publisearre wienen. Hy fergelike syn bydrage dêrby mei ien fan Rudy Bremer yn deselde snuorje (Trotwaer '81-4, side 247), dêr't moderne rjochtings as literatuersoasjology en respepsjeteory net iens yn neamd wêze soenen! It docht my deugd dat Riemersma onderwilens al wat ynboon hat (De Kul '83-1, side 13). Dat moast er ek wol, want op de krisisgearkomste hied er in ferkearde foarstelling fan saken joon, lykas Tony Feitsma yn har stimmingmeitsjend iepen brief. It muoit my dat ik wer yngean moat op detaikwestjes, mar omdat de feiten der net om lige moat ik dy hjir dochs even kwyt. It artikel dêr't it om giet kôm foar it earst yn foar de redaksjegearkomste fan 30 augustus 1980, nei it ferskinen fan it nûmer oer de Stapstiennen fan Tamminga. De redaksje foon it in nijsgjirrich stik, mar seach de lange rist foarbylden yn it middenstik graach wat bekoarte, omwille fan de lêsberens fan it gehiel. Om't wy it stik yn prinsipe wol publisearje woenen, brochten wy de skrjower dêr daliks fan op 'e hichte, en nei de tasezing dat hy der nochris nei sjen soe krige Riemersma it wer yn 'e hûs. It hat lykwols njoggen moanne duorre ear't wy it artikel werkrigen, onferoare, foar de redaksjegearkomste fan 4 july 1981, dêr't Trotwaer '81-4 oan 'e oarder kôm. Foar dat nûmer, doe al fierhinne fol, hienen wy o.o. niisneamd stik fan Bremer ornearre (dêr't de troch Riemersma neamde begripen trouwens wol yn neamd wurde), en omdat Riemersma ús net it idee joon hie dat it mei syn artikel yn 'e brân stie, lieten wy dat leze foar
it folgjend nûmer. Trotwaer '81-5 waard lykwols in temanûmer (Skriuwen is ek in fak), dat earder as yn desimber fan dat jier koe Riemersma syn stik al net mear yn it ljocht joon wurde. It waard febrewaris, ien nûmer te let dus.
Yn myn sljowens sei ik op de krisisgearkomste, dat it myn sljowens west hie dat it stik lezen bleaun wie. Ik doelde dêrby op dy twa moanne, en fansels net op de oardel jier dy't Riemersma neamde en dy't it omsittend laach dêrom, nei't my letter bliken die, ek yn 'e holle hie. Sprekken yn it iepenbier hat noait myn sterkste punt west, mar dêrfoar sit men net yn de redaksje fan in literêr tydskrift.Ga naar voetnoot*
Wat wie it gefal? Doe't ik yn oktober '81 foar in skoft om utens teach, die ik it skriuwerskip foar salang oer oan Eppie Dam, mar liet dêrby it stik fan Riemersma by ongelok yn it laad leze. By myn weromkommen om Sinterklaas hinne, wie it desimbernûmer al set. Miskyn hiene wy doe de brut noch omsmite kinnen, mar wy sieten mei dat nûmer al 16 siden oer de meiinoar tastiene 400 hinne. By einsluten woene wy de nije jiergong ('82) leaver goed úteinsette, o.o. mei it bewuste stik fan Riemersma.
Riemersma nimt my ek kwea-ou dat ik yn it petear mei de Ljouwter Krante (publisearre 7 jannewaris '83) út namme fan de redaksje sein ha soe, dat der stikken yn Trotwaer opnôm binne dy't der winliken net yn moatten hiene. At Riemersma better lêzen hie, dan hied er wite kinnen dat dat in sitaat wie (fan Piter de Groot) út in (persoanlik) brief fan my oan Eppie Dam, út it troch Riemersma sa ferspuide brievenûmer (Trotwaer '82-3, side 186). Sa docht trouwens ek bliken dat Riemersma dat hiele nûmer net iens lêzen hat, lit stean begrepen. It is yndie sa't Eppie hjirfoar al skreaun hat: ‘de iene raast, de oare flústeret; de iene provosearret, de oare synjalearret.’
Hjir woe 'k it mar my litte, it hat gjin doel en lees op alle slakken sâlt, en boppedat, men kin de klok der net mei tebekdraaie. Der wiene op de krisisgearkomste wol mear dingen dy't better net of oars sein wurde moatten hiene, of just ál. De Trotwaerredaksje sels wie dêr ek net frij fan, en it muoit my dat guon wat al te oerdwealske útspraken fan Oene
Spoelstra achterou foar redaksjoneel kommintaar fersliten binne (o.o. yn De Kul en yn De Strikel). Dat Oene meast foar himsels spruts hat er op de gearkomste dúdlik en faak genôch blike litten, tinkt my.
Fraach bljoot wat de krisisgearkomste mear opsmiten hat foar de fryske literatuer as De Kul fan Riemersma en wat skelen mei byhearrende polemyk. Want earlik is earlik, de krisis bin wy der net mei teboppe kôm, en dan doel ik net op de krisis by dit tydskrift, mar op de krisis yn de fryske literatuer dy't dêr alles mei te krijen hat.
- voetnoot*
- Feitsma tinkt dêr blykber oars oer, sjoen har reaksje op de krisisgearkomste (Fryx '83-1): ‘En de redaksje? Dy woe him net bleatjaan en hat him dêrmei yn olle dúdlikens sels ûntmaskere’. Wat mysels oanbelanget wie de aardichheid der al gau ou. Net omdat wy krityk krigen, mar om hoe't dy ynklaaid waard, mei oneigentlike arguminten en in heap ferbaal geweld. As it der om gjit wa't de greutste bek opskuort of wa't it it moaist opseze kin, is in fatsoenlik petear net mooglik, en hâld ik yndie ‘de kjizzen stiif ópenwar’, lykas Feitsma skrjoot.