Trotwaer. Jaargang 15
(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 71]
| |
Eppie Dam
| |
[pagina 72]
| |
as op 'e redaksje fan 1982. No is it fansels ûnsinnich om de krisis -it wurd is no fallen- ta te skriuwen oan ien ploechje minsken, ferantwurdlik foar ien jiergong fan in tydskrift dat elk jier wer in oare redaksje hat. Dêrom haw ik Goaitsen van der Vliet belle en frege, oft er it net better op ‘redaksjes’ hâlde koe, meartal. Dy korreksje is by de setter net hielendal slagge - sjoch de konfokaasje: ‘Of wiene de sittende redaksje gewoan net kompetint?’, mar de bedoeling wie dúdlik. Ik ha mei dat útstel ta feroaring úteraard net op persoanlik belang útwêze kind, want ik hie yn seis redaksjes sitting hân en wie der dus altyd by. It like my lykwols korrekt foar benammen Akky Kuiper oer, dy't noch mar in jier meidien hie en allinnich foar dat iene jier ferantwurdlik wie, en is. Dat Riemersma no Jelle Krol (twa wiken redakteur) ek al ferantwurdlik stelt foar tsien jier Trotwaer-belied en dus ek foar de krisis, raast fansels oan 'e protters. At wy sa sille, dan binne hy en Abma ek ferantwurdlik foar de krisis, want hja sieten yn 'e redaksje dy't my frege hat om redakteur te wurden. Itselde soe dan nochris jilde foar Abma allinnich yn relaasje ta de foardracht fan Goaitsen van der Vliet. Efternei besjoen hie de fraach nei de kompetinsje fan 'e sittende redaksje(s), fuortlitten wurde moatten. At redaksjeleden begjinne te twifeljen oan har eigen kompetinsje, moatte se út 'e redaksje stappe. Se hoege har der net útjeie te litten, om't in pear skriuwers fine dat se net kompetint binne. It oardiel oan 'e lêzers oerlitte is noch wat, mar at it fan 'e kant fan 'e skriuwers komme moat, dan komme dy fansels al gau de frustraasjes fan (heai-)ôfkard wurk foar it ferstân en de útslach is yn 't foaren bekend. Ik wit wêr't ik oer praat - yn krapoan fyftjin jier skriuwerij haw ik tusken de fyftich en sechstich bydragen weromkrigen fan ferskillende redaksjes (sa slim oer it hynder tild bin ik dus ek wer net, De Jong) en op sa'n momint hat men mar ien konklúzje foar hannen: it leit him net oan my, sy kinne net lêze, se begripe der neat fan, se doge dêr net, se binne net kompetint. ‘Sa'n kâns meie jo fansels net slûpe litte!’ stiet der op 'e konfokaasje. No, dat hie ik ek tocht at ik spul oer myn treflike kopij hân hie mei sa'n redaksje, dy't dan boppedat har eigen kompetinsje ek nochris yn twifel lûkt - sa'n foarset is dan mar min mear te missen. Hoewol't de kritikasters it yn It Anker yn toanaarden ûntstride, kin elk dy't de tekst fan 'e gearkomste lêst, der net omhinne dat in fernaam part fan 'e krityk hiel ordinêr werom te bringen falt op frustraasjes oer weromstjoerde kopij. Dat is fansels net alhiel ûnbegryplik, mar op himsels noch gjin reden om in redaksje opstappe te litten. Oer it wêrom fan weromstjoeren en oer oare punten fan krityk dalik mear. Ik haw yn it begjin al opmurken dat de krisis perfoarst net in kwestje fan 'e lêste jierren is. At der praat wurde moat oer it kompetint-wêzen fan redaksjes en redaksjeleden, jildt faaks itselde. Riemersma hat sein dat wy | |
[pagina 73]
| |
net allinnich nei de takomst sjen moatte, mar dat ek it ferline wichtich is (hoewol't er der wer neat fan witte moat at Goaitsen van der Vliet him mei syn eigen konfrontearret). Yn datselde ferline binne ek dingen bard dy't in kompetinte redaksje ûnwurdich binne. Hoewol't yn tiden fan krisis faak oare wetten jilde, mei ik, leau ik, no net sa fier gean en doch dêr in boekje oer iepen - der is op 't lêst noch gjin needtastân. Misse setten fan no binne ek net goed te praten mei misse setten fan doe, mar ik wol allinnich mar sizze dat elke redaksje of better: elk redaksjelid kompetint is op syn manier en dat kompetinsje in reklik, dus subjektyf begryp is.
Yn it brief dêr't de redaksje fan 1976 (mei Abma en Riemersma deryn) my yn freget om redakteur te wurden fan Trotwaer, stiet mei safolle wurden te lêzen: ‘It like de redaksje ta, der moast in kréative persoan by diskear’ (kursifearring fan my, ED). Ik ha dêr doe út preaun dat de redaksje wolris fan betinken west ha koe, dat de balâns tusken it krejative elemint oan 'e iene kant en it literêr-krityske & -théoretyske elemint oan 'e oare kant, in bytsje fersteurd wie. Hoe't it ek wêze mei, yn alle jierren dat ik redakteur west ha, hat der in spanning west tusken dy beide eleminten. Doe't ik deryn rekke, wie der net allinnich bûten mar ek binnen it blêd, geandewei al in beskade sêdens ûntstien at it gyng om bygelyks de saneamde struktuer-analyses, dêr't Trotwaer in skoftlang mei ferienselsige wurden is. It is net ûnlogysk dat der op sa'n perioade in rejaksje komt en dat de aksinten dan justjes oars komme te lizzen, yn dit gefal yn it foardiel fan it omtinken foar it krejative elemint. Mar it ferskowen fan prioriteiten -de marzjes binne mar smel, want it blêd moat fol- hat der nea ta laat dat der redaksjeleden, lit stean: reaaksjes, west ha dy't har út prinsipe ôfset ha tsjin 'e literêr-krityske & -théoretyske kant fan 'e literatuer, lykas út 'e krisisgearkomste begrepen wurden kinne soe. It lizzen-bliuwen (wêr!?) fan Riemersma syn stik oer resepsje-estetika falt te nuansearjen, net alhiel goed te praten. Goaitsen van der Vliet hat dat lêste ek net dien en him by de skriuwer ûntskuldige. At dy der dan ferlet fan hat en gryp sa'n sleauwichheid(?) oan om dy foar belied te fersliten, dan is dat syn saak, mar net syn goed rjocht. Likegoed as fersen en ferhalen, wurde ek skôgings en besprekken somtiden ôfkard of nei de skriuwer weromstjoerd mei útstellen ta feroaring. Dat is de normaalste saak fan 'e wrâld. De taak fan in redaksje is, út te meitsjen wat hja al en wat hja net yn har tydskrift publisearje wol - soe hja neat opnimme, dan wie der gjin tydskrift; soe hja neat ôfwize, dan koe alle kopij yn ien kear nei de printer ta. Yn beide gefallen wie de redaksje oerstallich. Op 'e krisisgearkomste wurdt no krekt dien as wie it ôfkarren fan kopij in útfynsel fan 'e sittende redaksje en as wie in fersyk om in tekst te behoffenjen, in grut skandaal. It wurdt ferfelend, mar | |
[pagina 74]
| |
nochris: ik ha nea oars meimakke. Ik hie noch net op in redaksjegearkomste west, nee, noch net iens in sniperke kopij yn 'e hûs hân, doe krige ik al in warskôgjend brief fan 'e redaksjeskriuwer, dêr't er my yn te witten die dat ik (as gyng it om in bom) oppasse moast mei de kopijpûde, want dêr koe in bydrage yn sitte dy't al in kear ûnderwerp fan dreech petear west hie, dêrnei troch de skriuwer behoffene en opnij ynstjoerd wurden wie, koartsein: der wie wat mei ‘oan 'e knikker’, dan wist ik dat. Dat wie it begjin, want: ôfkarre, weromstjoere, heal ôfkarre, lilke koppen, útwreidzje, lange teannen, ynkoartsje, behoffenje, swarte gesichten -der wie ivich wat oan dy knikker. Allinnich, de redaksje hie it lêste wurd. Yn 'e lêste jierren hat dat ek sa west, mar der wie doe dochs wat langer wat mear in tendins by âldere skriuwers waar te nimmen, dat se sels it lêste wurd ha woene. De redaksje waard inkeld foar fol oansjoen en har oardiel inkeld dan akseptearre at it geunstich útfoel foar harren bydragen. Ik bin der miskyn net mei klear at ik sis, dat soks benammen in kwestje wie fan ferskil yn jierren (ik doel no even op Goaitsen van der Vliet en mysels) mar der is in soad fan oan. Ik oerdriuw: ik redaksjelid mei in snotbongel fan ûnder de tritich wêze en ek nochris gjin moer skreaun hawwe, mar dan noch in oardiel oer literêre bydragen foar har tydskrift der op neihâlde, dat is te folle. Dan is men skoalmastereftich, arrogant, net-kompetint. Miskyn oerdriuw ik net iens. Hornstra neamt ús ‘jonges’ en Abma seit mei safolle wurden, dat er deselde krityk fele kind hie at er jûn wurden wie troch mannen op jierren en fan namme: Riemersma en Wadman. Mei de meast mooglike achtinge foar dizze beide skriuwers, mar it is dochs seker net sa dat de wearde fan in oardiel útgiet by de rom en de âlderdom fan 'e sprekker? Abma fynt dat sels ek net. Dy ûntlient de wearde en de kwaliteit fan in oardiel oan 'e fraach, oft it posityf of negatyf foar him útpakt. Yn 1978 (ik wie doe 25) bespriek ik syn fersebondel Rânnen fan forjitnis frijwat posityf en dalik krige ik de kompliminten, want hjir wie in besprek levere fan ‘heech nivo’. Yn 1981 bespriek ik syn roman In satansbern frijwat negatyf en ik hearde neat, útsein dan fan Akky Kuiper dat ik ‘spul mei Willem’ hie oer ‘dat minne besprek’. Doe't ik Abma dêroer skreau, hied er net iens it fatsoen en gean der op yn, want sa wurket soks: fear yn 'e broek? dan krijsto ien fan my werom - klap foar 'e kop? ik swij dy dea.
Nei oanlieding fan myn negative besprek foar Frysk & Frij fan Josse de Haan syn roman Omskotten fan leafde, hat de skriuwer op myn útnoeging in rejaksje skreaun en dy ynstjoerd foar de rubryk Tichelwurk/Trioel. It wie in mislik stik, dat acht siden lang stiif stie fan 'e foaroardielen en ynsinuaasjes; dêr't û.o. yn sein waard, dat ik mei opsetsin ferkeard si- | |
[pagina 75]
| |
tearre en mei teksten manipulearre hawwe soe en boppedat yn suggerearre waard, dat ik homo's, swarten, froulju, turken, marokkanen, friezen bestriid en joaden as ûnkrûd beskôgje. Dêr haw ik aardich beroerd fan west en hoewol't ik altyd fûn dat it yn Tichelwurk/Trioel hiel wat lije kinne moast, hie ik foar dat stik in min jûn at it net tsjin my rjochte west hie. Sûnderdat ik de oare redaksjeleden tante oer harren plussen en minnen, skreau ik der in rejaksje yn tritich noaten by, om't ik der dochs mei rekkene dat it stik opnommen wurde soe. Op 'e gearkomste die lykwols bliken dat de oare fjouwer redakteuren tsjin opnimmen wiene yn dizze foarm.Ga naar voetnoot* Sels haw ik my -de iennichste kear yn dy seis jier- fan stimming ûnthoden. Dat dit stik ûnrant fan De Haan no op 'e krisisgearkomste brûkt wurden is om oan te toanen dat de redaksje gjin polemyk oandoart, is der fier by troch. Ien fan 'e kritykpunten hat west, dat de redaksje net altyd like soarchfâldich en fatsoenlik west hawwe soe yn har korrespondinsje mei de skriuwers. Ik wol net úthâlde dat dêr gjin flaters by makke binne, mar Alex Riemersma hat gelyk at er seit, dat it net allinnich de redaksjeleden binne dy't lange teanne hawwe. At men as redaksje beslút om jins ôfkarde kopij werom te stjoeren mei in wiidweidich kommintaar derby, dan makket men jinsels tige kwetsber. Mei in foar-stinsele berjocht fan wegering, bliuwt men altyd korrekt; by in mear beriddenearre rejaksje, hat dat der wolris oan. Yn in briefpetear tusken skriuwer en redaksje-skriuwer, is de lêste altyd yn it neidiel, om't er nea net folút gean kin en syn hoflikens bewarje moat, hoe't er ek rekke wurden is. En: hoe djip at se ek sitte, hoe farsk at se ek binne, persoanlike skelen moatte oan kant. Om 'e brieven, dêr't wy ditoangeande yn oer de skreef gien binne, moat socht wurde. Boppedat ha wy ús nea net skamme om ús te ûntskuldigjen - it iennichste wat dan noch oerbliuwt. Doe't Goaitsen van der Vliet in skoftke yn 'e States siet, haw ik tydlik it skriuwerskip fan him oerkrigen. Ik moast doe û.o. in roman-analize fan De Haan syn hân weromstjoere en him teffens te witten dwaan, dat it besprek fan syn fersebondel De dei fan de kraenfûgel noch langer ûnderweis wêze soe, om't no ek de twadde besprekker -nei tasizzing- der fan ôfsjoen hie. Efternei besjoen hie ik in oar redaksjelid freegje moat- | |
[pagina 76]
| |
ten om dizze saken mei De Haan ôf te hanneljen, want yn deselde snuorje spilen der ek oare saken tusken De Haan en my. Om mysels yn 'e stringen te hâlden, haw ik foar dat brief safolle mooglik gebrûk makke fan 'e skriftlike rejaksjes fan 'e oare redakteurenGa naar voetnoot* (út soarte sûnder nammen te neamen) op De Haan syn analyze, dy't neffens ús oardiel, behoffene wurde moast. Mar hoe't ik ek sitearre, tusken de rigels troch binne dochs in pear dripkes fenyn yn dat brief slûpt, benammen doe't ik my sabeare ôffrege, oft it miskyn in kwestje fan ‘lêskultuer’ wêze soe dat ‘dy boeren’ hjir net by steat wiene om syn fersen te besprekken. Doe't ik skreau dat er der oars sels mar oer gear moast, wie dat fansels net aardich en seker foar in redaksje-skriuwer net korrekt, mar ek wer mear as inkeld in flauwe opmerking, om't ik fan betinken wie (en bin) dat De Haan ornaris in soarte fan fersen skriuwt, dêr't in oar neat mei kin. Lykwols muot it my dat it sa gien is (ik ha hjir mis mei west en ûntskuldigje my by De Haan en de redaksje), likegoed as dat it my muoit dat De Haan, neidat dat er ús krityk yn grutte linen meistimd en in tasizzing ta behoffenjen dien hie, dêr no wer foar omlizzen gien is. It hat der alles fan wei, dat de opposanten har op 'e krisisgearkomste mei alle geweld fan Trotwaer losraasd en har dêrmei op har eigen wurden fêstspikere hawwe. Se binne demonstratyf op it spoar sitten gien en no is der gjin wei werom. Dat is net de oarsaak fan 'e kontroverse en dat ik dêrmei ek net oer de krityk hinne hobbelje of har bagatellisearje wol, hoopje ik aansent noch oan te toanen. Riemersma en hysteary, dat wol by my net rymje. Mar at ik fan him lês, dat ik De Haan as meiwurker opsetlik en bewust(!) ôfstaat ha -wylst De Haan wer mei it ôfkarde stik oan 'e gong soe!- en dat ik út 'e redaksje skopt wurde moatten hie nei oanlieding fan dat redaksjonele brief, wriuw ik my al de eagen út.
It ôfkarren fan in boekbesprek dêr't de skriuwer foar frege wurden is, is noedlik wurk (aaklik is it ek, mar dat jildt foar it ôfkarren fan alle kopij). De krityk fan 'e redaksje op Hornstra syn besprek fan Daniël Daan syn Hjerstreach wie, dat it te fragmintarysk en benammen te min beärgumintearre wie - de redaksje fûn, it koe der sa net yn. Hornstra krige it stik werom (notulen: ‘Goaitsen sil in foarsichtig brief skriuwe.’), mar hy wie net reewillich ta refyzje en retoernearre syn bydrage. Twa fan 'e fiif redakteuren woene it stik doe lykwols al opnimme, de oare trije wiene dêr | |
[pagina 77]
| |
op tsjin. Ik hearde by dy trije, om't ik fûn dat opnimmen, de redaksje de mooglikheid út hannen slaan soe om yn 'e takomst ek noch mar ien kear útstellen ta bystelling fan kopij te dwaan. It gyng doe om it skeppen fan in presedint. Boppedat lei der al in oar presedint. Yn 1977 (mei yn 'e redaksje Riemersma en Abma, dy't him no flokkende drok makket om it ôfwizen fan Hornstra syn stik) waard û.o. in koart ferhaal ôfkard en mei kommintaar weromstjoerd. De skriuwer koe it lang net lykfine mei ús argumintaasje en stjoerde it ferhaal gewoan wer yn. Wy hawwe it ferhaal wer ôfkard of winlik moat ik sizze: net wer ôfkard, want, fûnen wy (notulen): ‘Wy komme net werom op ús earder nommen beslút it forhael (...) net to publisearjen.’
De Jong hat my lulk makke. Ik haw oant no ta net skoatich west mei sitaten út 'e tekst fan 'e krisisgearkomste, mar dizz' kear kom ik der net omhinne. De Jong: ‘En at ik Trotwaer fan hjoeddedei besjoch, ha 'k in bytsje it idee, ik wit net oft ik my fersin, mar in bytsje, miskyn ek wol in hiele protte it idee, dat de literêre wearde fan Trotwaer op 't heden is: in bepaalde ambachtlikheid, fakmanskip en neffens my hawwe ambachtlikheid en fakmanskip hielendal neat mei literatuer te meitsjen. Dat is sekundêr, dat komt derby.’ De Jong: ‘Ik woe hjir noch even op ynheakje, want as foarbyld wat ik bedoelde is it essay of it besprek fan Eppie Dam oer de roman fan Daniël Daan hiel wichtich, want wat wie de krityk fan Eppie Dam? Dat wie dat dy jonge hie mar wat op papier kwakt en hie der gjin ambacht fan makke en dat wie eigentlik de haadsaak fan syn krityk. En wat bedoel ik mei non-konformisme? Dan kin 't sa wêze: je kwakke 't op papier en bliuw der a.u.b. ôf, want je kinn' 't allinne mar beroerder meitsje.’ De Jong: ‘Der bestiet in nûmer (fan Trotwaer, ED) en dêr stiet mei grutte swarte letters op: Skriuwen is ek in fak. No, dat fyn 'k ûnsin, skriuwen is heiendal gjin fak.’ Oant safier De Jong. Ik fyn it ûnbegryplik dat sokke dingen beweard wurde kinne troch immen, fan wa't ik oannimme wol dat it him tinken is mei de literatuer. Ik bin bang, dat dat lêste ek beneistenby it iennichste is dêr't De Jong en ik ien yn binne. Foar my hawwe ambachtlikheid en fakmanskip alles mei literatuer te krijen. Se binne primêr, se komme earst. Om misbegryp tefoaren te bliuwen, sil ik dalik mar sizze wat ik ûnder fakmanskip beflap en wat no krekt net. Fakmanskip hat foar my te krijen mei it behearskjen fan 'e technyk fan it skriuwen, lykas dy ta utering komt yn begripen as wurdkar, taalgefoel, stylberoai, struktuerbehearsking, komposysjebesef - fundamintele skaaimerken fan it literêre skriuwerskip. Nei oanlieding fan Abma en De Haan harren romans, haw ik skreaun: In skriuwer dy't wat te sizzen hat en dat op papier set, sil earst soargje moatte dat er mei it ark en de matearje omgean kin. Oars stiet de foarm de ynhâld yn | |
[pagina 78]
| |
it paad en wurde sels de alderdjipste, searieus-bedoelde minsklike gefoelens fan bygelyks syn personaazje, neat-sizzend, klisjee-mjittich, pretinsjeus en/of ridikûl, koartsein: ûnearlik en ûnecht. Ik sis dêr no by mei de dúdlikens fan 'e oerdriuwing: In skriuwer dy't wat te sizzen hat, mar net omgean kin mei it ark en de matearje en dus gjin fakman is, moat de literatuer deroan jaan en profeet wurde, fotograaf, pamflettist, fakbûnslieder, skilder, politikus, dûmny, sjonger of doarpsomropper. Ik ha murken dat omtinken foar it skriuwen as ambacht by guon ferienselsige wurdt mei moaie gledde skriuwerij, yn 'e sin fan rol- & maatskippij-befêstigjende lektuer-produksje. Dat is no krekt net wat ik mei fakmanskip bedoel - wat sille we no krije? De Jong krejearret in kontroverse tusken fakmanskip en non-konformisme - se soene inoar útslute. Wa't him dus sterk makket foar it ambacht, fersmyt dêrmei it nonkonformisme. De tsjinstelling doocht net, alteast net foar my. Ik ferset my net tsjin it non-konformisme, likemin as dat ik har omearmkje, nee, ik ferset my tsjin it idee dat in fakkundich skreaune tekst net non-konformistysk wêze kinne soe en, oarsom, dat non-konformistysk skriuwen by definysje literatuer opsmyt. Mar: Brecht, spile troch it amatuertoaniel fan 'e Harkema, smyt net toaniel op, ek al wurdt it op toaniel spile. Likegoed as konformistyske literatuer, bestiet der non-konformistyske lektuer, hoewol't ik dalik tajaan wol dat de foarmkritearia foar in konformistysk wurk folle neger lizze moatte as foar in non-konformistysk. Likemin as dat non-konformisme automatysk laat ta literatuer, docht fakmanskip dat, mar it lêste dochs earder. Non-konformisme (hoewol fansels folle mear as moai-meinommen) is foar literatuer net in betingst, fakmanskip al. De Jong fynt it ûnsin en sis dat skriuwen in fak is. Dat fyn ik no ûnsin en boppedat fynt ik it beskamsum. Skriuwers dy't in tekst op papier kwakke en der dan ôfbliuwe moatte om't se allinnich noch mar minder meitsje kinne, binne yn myn eagen gjin skriuwers en bringe de literatuer yn diskredyt. Salang't it skriuwen net, lykas de measte oare keunsten (sic) al, op akademysk nivo leard wurde kin, hat de skriuwer de djoere plicht om himsels efter de skriuwtafel hieltyd mei it each fan in master op 'e fingers te sjen.Ga naar voetnoot* | |
[pagina 79]
| |
At De Jong it idee hat dat Trotwaer fan hjoeddedei in klam leit op fakmanskip en ambachtlikheid, dan koe dat bêst wier wêze. Foar safier't ik dêr ferantwurlik foar bin, nim ik dy ferantwurdlikens foar de folle hûndert persint op my. Ik tink ek net sa âld te wurden, dat ik my dêrfoar skamje sil. Ik wurd net mislik fan in wurd as ‘kwaliteit’ en at Piter (Boersma) fynt, dat kwaliteit ‘in waansinnich, in subjektyf kritearium is’, dan wurd ik it noch net, want de facto is elk kritearium waansinnich subjektyf. Oft Trotwaer fan 'e lêste jierren yndie de kwaliteit hân hat dy't troch de redaksjes neistribbe wurden is, dêr moat ik ôfbliuwe (dêrfoar haw ik sels te folle yn it blêd skreaun), mar de ûnderstelde ambachtlikheid is ynhâldlik nea net op kosten gien fan eksistinsjele ûnfrede of maatskippijkrityk. It is my te min om dêr foarbylden by oan te heljen (ik soe it ek oer mysels ha moatte), mar de jiergongen lizze derfoar as in tsjûgenis, ek al sil it de âldere generaasje nei alle gedachten net oertsjûgje. Mar dat is dan in aksintueel ferskil: de iene raast, de oare flústeret; de iene provosearret, de oare synjalearret.
In stikmannich siden lyn haw ik al skreaun, dat ik der miskyn net mei klear bin en smyt de problemen (ik hie it doe oer Goaitsen van der Vliet en mysels) op it poddehier fan ús jonge jierren. Dy hawwe dan ûnbinlikernôch al bydroegen oan it brekme oar gesach fan 'e redaksjes, mar sis ik der dan by yn ús neidiel: gesach kin ôftwongen wurde - dat hat mei jierren neat te krijen. Kenlik ha wy dat gesach net ôftwongen of yn alle gefallen foar guon net genôch, om't wy der mooglikerwize tefolle fan útgien binne dat it ús oanwaaid wie op it momint dat wy ús nei sitten setten op in redaksjestoel. Wylst ik dit delskriuw, giet it my al te fier, om't der út opmakke wurde kinne soe dat wy ús ferknûkere ha yn ús posysje fan it lêste wurd. Dat is perfoarst net wier. Dêrfoar twifelen wy te folle en te faak oan ús eigen kar en wiene de ûnderlinge ferskillen yn taksaasje en ynterpretaasje ek gauris te grut. Earder moat it brekme oan gesach socht wurde yn in brekme oan liederskip en oan in beskate sleauwens at it gyng om in presintaasje fan it belied, mar dy beide dingen hingje mei inoar gear. Ik praat allinnich foar mysels at ik sis, dat ik ek net mar ien momint de yllúzje hân ha dat ik de man wie, dy't Trotwaer in gesicht en dêrmei gesach jaan koe - ik bedoel: net eksplisyt, want ymplisyt haw ik fansels it byld fan it blêd mei bepaald troch myn bydragen. In fuotbaltiim moat ien spulbepaler ha, in hurdfytsploech in kopman, de oaren krije de bal en sjouwe mei wetter. Yn dy lêste kategoary koe ik meidraaie. It skaaimerk fan 'e lieder is dat er alle eleminten dy't yn it spul sitte, yn him ferieniget en boppedat in soarte fan útstrieling hat. Dy bin ik fierhinne brek en | |
[pagina 80]
| |
om't ik krejatyf-produktyf, mar literêr-théoretysk-konsumptyf bin, wit ik dat ik net de man bin om in literêr tydskrift te dragen. Ik sei dêrniis dat ik allinnich foar mysels praat, mar miskyn wiene der wol mear. It mei sa wêze dat hja oer bedoelde kapasiteiten beskikke koene, feit bliuwt dat hja dêr gjin gebrûk fan makke hawwe, faaks ek net meitsje woene, en dat der nimmen west hat dy't yn it gat sprongen is dat in folbloed-lieder as Riemersma by syn fertsjen efterlitten hat. Wy wiene hurdfytsers sûnder kopman. Mar wy fytsten al hurd. En wy wisten wêr't wy hinne woene. Of betten: wêr net hinne. Alinnich, de pest wie, dat wy it allinnich wisten. Wy hiene dus gjin sterke figuer dy't it gesicht en dêrmei it gesach fan it belied bepaald hat, gjin professjonele swiergewicht. Hoewol -dit jildt net as ferwar en likemin as in ûntskuldiging-: swiergewichten, dêr wiene wy miskyn de generaasje net nei, of: dêr wie dit miskyn de tiid net nei. Riemersma hat sein dat Trotwaer syn tydskrift net mear is - Trotwaer is net mear wat it west hat. Dat kin fansels útkomme. Ik oerdriuw mar wer, dan kin ik koarter krieme: Trotwaer hie in gesicht, syn gesicht, it gesicht fan 'e sechstiger jierren; Riemersma hat dat gesicht hoden (fûlder pronosearre sels), Trotwaer hat in oar gesicht krigen of lit ik sizze: oare gesichten, de gesichten fan 'e santiger jierren - foar Riemersma itselde as: gjin gesicht. It wurd ‘generaasje’ is al fallen. Ornaris wurdt it brûkt om in ploech minsken fan likernôch deselde jierren en mei likernôch deselde ideeën ûnder ien neamer te bringen, wat foar de sechstiger jierren net sa'n heislike toer is. Ik gean no op it gefoel ôf, mar dêrnei hat der faaks in generaasje west sûnder dúdlik mienskiplike ideeën en dus sûnder generaasje-besef, isolearre fan inoar at de yndifiduën wiene en der nei oerhongen om de dingen, behalve fan 'e iene, ek fan 'e oare kant te besjen. Ofstanlikens, ridlikens, pragmatisme en tolerânsje hawwe har skaaimerken west, mar dy waarden troch oaren dêrnei al rillegau fersliten foar ynhâldsleazens, oerflakkigens, fragmintarisme en twaslachtige loftfytserij - in politike partij as Democraten '66 wit dêr alles fan. Iensidigens is maklik en makket sterk, tolerânsje makket kwetsber, dus fijannen. Al dizze dingen binne yn 'e lêste jiergongen fan Trotwaer net dúdlik oanwiisber werom te finen, mar it belied hie der trekken fan wei miskyn en oer fyftich jier sil bliken dwaan, dat Trotwaer yn 'e santiger jierren likegoed as yn 'e sechstiger jierren, by de tiid wie - dat is gjin weardeoardiel, mar in konstatearring. It heart net sa te wêzen dat in literêr tydskrift tsjin 'e tiid oanlinet dêr't it yn ferskynt, krekt oarsom: it moat appellearjendewei har eigen wegen sykje. Trotwaer nat dat ek dien, mar it wiene yndie wegen, meartal - wat net sizze wol dat wy alle kanten út koene. Der kin ús foar de skinen smiten wurde dat wy ús te min profilearre hawwe en loai en gemaksuchtich | |
[pagina 81]
| |
west hawwe yn it presintearjen fan it belied, mar net dat wy alles sûnder ferwar oer ús hinne komme lieten en kritykleas it bestean omearmken sa't it ús no ienkear oanfoel. Op dat punt ha wy de tradysje fan Trotwaer fuortset, doar ik te sizzen. Mei dit ferskil, dat it radikale non-konformisme (dêr't ik sa'n Frysk wurd noch ien kear om sis) net ús alderearste prioriteit wie, lykas dat doedestiids mear it gefal west hat. Us earste prioriteit wie (ek al klinkt it pretinsjeus) it literêre alloai fan in tekst. Yn 'e Haagse Post fan dizze wike (12 febrewaris) seit Jacques Hamelink nei oanlieding fan 'e krisis by it literêr tydskrift Tirade en it ‘wegerjen’ troch Van Oorschot fan linkse bydragen fan dichters as Kouwenaar en Ten Berge: ‘Dat beargumenteert Van Oorschot politiek: Het zijn linkse jongens en die mogen niet in zíjn blad. Dat is natuurlijk flauwe kul, want als het om literatuur gaat is het enige belangrijke: is het goede literatuur?’ (kursifearrings fan my, ED). It liket hast it yntraapjen fan in iepen doar, mar yndie, dêr giet it by út. En dêr is it by it Trotwaer fan 'e lêste jierren ek altyd by útgien, ek al wie der dan fakernôch persoanlike ûnfrede oer in mearderheidsbeslút. De resinte redaksjes hoege har net mear en net minder te skamjen as de eardere en dêrom hat de lêste op 'e krisisgearkomste te Ljouwert, ek it iennichste antwurd jûn dat mooglik wie op 'e fraach om op te stappen: sitten bliuwe.Ga naar voetnoot*
(febrewaris, 1983) |
|