Fan 'e redaksje
Untkomme oan in cul de sac
1. Belied
Om't it der mei de Fryske literatuer neffens de Trotwaer-redaksje net al te florissant foar stiet, hie de redaksje in gearkomste mei har lêzers en meiwurkers belein om de sitewaasje te besprekken, oarsaken nei te gean en mooglik te kommen ta it finen fan nije wegen. Konstruktive oplossingen binne op dy gearkomste mar amper nei foaren kommen. De gearsit fan 15 jannewaris I.I. hat net de gaadlikste manier west om de tastân fan de Fryske literatuer te bepraten. Op 15 jannewaris like it der alteast in soad op as hie de redaksje yn in masogistyske rite de kontribuanten fan Trotwaer in stôk jûn om har as in hûn mei te slaan. Hja is hinne gien en hat har wûnen wat beslikke. Alhiel ûnskeind is hja der dus net foarwei kommen, mar dea is hja noch net, likemin as Trotwaer. As redaksje binne wy net fan doel om te rekuperearjen yn dy sin dat de minsken sizze sille: ‘Jonge ja, no isTrotwaer de âlde wer, it blêd dat wy sa jerne liezen.’ Sa'n oansjitske flaaikjende hâlding soene wy allinne mar tsjinnichheid yn ha.
Sa't wy dat jimmeroan besocht ha, sille wy writen dwaan om ús lêzers op in ferantwurde wize Fryske literatuer en wat dêrmei anneks is oan te bieden. Dat is neat gjin nijs, foar ús alteast net. Mar om't it op de krisisgearkomste bliken dien hat dat in stikmannich literatoaren dêr hiel oars oer prakkesearret, moat it redaksjebelied dat wy de kommende tiid tinke te fieren oan de oarder komme.
Om koart te kriemen: de útgongspunten sa't dy formulearre binne yn Trotwaer 1979-1 wolle wy foar de takommende tiid foar it grutste part oan fêsthâlde. It neifolgjende moat dan ek mear as in oanfolling sjoen wurde.
Yn it foarste plak moat it dúdlik wêze dat wy it eksperimintele, it fernijende, it opposysjonele, it wittenskiplike en it nonkonformistyske net út 'e wei gean sille. Wy binne nammers fan betinken dat dat nettsjinsteande de fûle oanfallen foar, op en nei de krisisgearkomste ek net it gefal west hat. (Sjoch ek de artikels fan Eppie Dam en Goaitsen van der Vliet yn dit nûmer)
Yn 1979 skreau de redaksje: ‘Trotwaer wol kreatyf proaza, poëzij en toaniel biede mei in eigentiidske tematyk.’ Ofsjoen fan de lêste bepaling wol de redaksje dizze sin anno 1983 graach hanthavenje. Tematyk fan oare tiden is fansels likegoed wolkom. Ommers, om in platitude te herheljen, it giet by literatuer om in wikselwurking tusken foarm en ynhâld. Troch in beskate foarm kinne âlde tema's nijsgjirrige literatuer opsmite,