Unicorn kopiearre binne ek al falle se yn De Dei is Jong minder moai út.
Oft ik soks al of net oerstjûgjend dien haw, is oan de krityske lêzer om mei fûndearre arguminten op yn te gean. Mar Ypk fan der Fear yn har reaksje (Trotwaer, 14e jiergong, nr. 4, siden 298-302), noch T.M. docht soks.
Om te sizzen dat der wol mear boeken as De Dei is Jong en The Unicorn binne, is itselde te dwaan as ik die - ik neamde it ‘modern gothic novels’ (side 286) - mar sok sizzen nimt fansels de parallelly sa 't ik dy oantoand haw, net wei.
Op T.M. har lytsachtsjende frage oft ik dat genre - dus dat fan de ‘modern gothic novels’ - ken, moat ik dimmen antwurdzje dat ik der net trochkrûpt yn bin. Dochs wol ik yn al myn ûnnoazelens har der al op wize dat hja wol in hiel ûngelokkich foarbyld nimt wannear't hja de romans fan Jane Austen (hja hyt Jane Austen en net Jane Austin) yn itselde rychje pleatse wol as De Dei is Jong en The Unicorn, want wie it Jane Austen net dy't yn har roman Northanger Abbey (útkommen yn 1818) de ‘gothic novels’ begekke? Dat der wol mear boeken binnen dy't op in stasjon begjinne, wit ik skoan. Om T.M. te helpen oan de titel fan in boek dat wat it begjin oanbelanget ferlykber is mei De Dei is Jong, mar dêr fierders hielendal net op liket, wol ik har ek noch wol wize op it boek fan Doeschka Meij-