giet, en dat it dêrom nijsgjirrich wêze soe om ris in froulike kritikus te lêzen dy't sa konkreet mooglik neigean soe hoe't dy werklikheid yn wurden heind is. Gjinien kin mij ûntstride dat der tusken IGJ en de werklikheid fan it bern krijen in seker ferbân bestiet, en dat fierders froulju wol, en manlju net, swier wêze kinne. Dat sadwaande in froulike kritikus nijsgjirrige dingen sizze kin oer IGJ. Mar at Riemersma dan fêststelt dat ik dus in oanhinger bin fan in ‘primitive’ wjerspegelings-theory, dy't wol dat literatuer de werklikheid kopiearret, dan is dat ek al wer in brike konklúzje. At er IGJ en myn skôging dêroer goed lêzen hie, dan hie er fêststelle kinnen dat hast alles yn byldspraak en symboalen beskreaun wurdt, en dat de relaasje werklikheid - literatuer sadwaande net sa rjochtstreeks is, ek net yn myn eagen.
Riemersma seit dat nammers sels, at er der op wiist dat in frou bij it klearkommen grif net letterlik it gefoel ha sil dat har wjerlûd oer griene diken ferstjert yn it Al (IGJ, 2e pr., s.10). De implikaasje is dat ik, yn myn primitivens, tink dat in frou wol letterlik dat gefoel hat.
De lêzer moat no mar oardielje, wa't no sa primityf is, ‘boargerlike’ (want dat skyn ik ek noch te wêzen) Geart, of marxistyske Trinus.
En fierders, wat bedoelt Riemersma no mei werklikheid? Ik tocht dat it sûnt Hume en Kant dúdlik west hat dat de werklikheid, as datjinge dat bûten de minske en syn geast om bestiet, net rjochtstreeks kend wurde kin, en dat it objekt dat de waarnimmer sjocht hiel wat oars is (al is der bij einsluten wol in ferbân) as it ding an sich. Wat de minske fan de wrâld ken en wit hinget altyd ôf fan de tiid dêr't er yn libbet en de wrâldskôging(s) fan dy tiid. Der binne mei oare wurden ferskillende werklikheden, de werklikheid fan it Ding an sich, en de werklikheid fan de kennende minske, dy't kultuerbepaald is. At Riemersma dan skriuwt dat de werklikheid fan it swierwêzen yn biologyske en fysiologyske sin foar ús hjir net sa relevant is, hat er folslein gelyk. It giet ús hjir net om in natuerwittenskiplike beskriuwing, dy't besiket de werklikheid fan it Ding an sich benei te kommen. It giet yn IGJ om de werklikheid fan in minske, en om hiel krekt te wêzen fan in minske as dichter, pleatst yn in bepaald kultureel ferbân. Dy dichterlike werklikheid fan IGJ hat bepaalde relaasjes mei de kultuerbepaalde werklikheid út 'e tiid dat IGJ ûntstien is, en beide ha bepaalde relaasjes mei de natuerwittenskiplike werklikheid, de werklikheid fan it bûten de minsklike geast om pleatsfinende biologysk barren. Koartsein, wij sjogge de wrâld troch ús minsklike bril, soms troch mear brillen, en sûnder in bril sjogge wij neat. At Riemersma dan, yn neifolging fan de bewûndere neo-marxistyske kritisi, seit dat der tusken it literaire wurk en de werklikheid gjin rjochtstreeks ferbân bestiet, mar dat der noch in laach tuskenbeiden sit, de ‘vision du monde, de ‘ideology’, in ‘sosiolekt’ of watfoar oare nammen der ek wêze meie, dan
begryp ik dat net. Sa't Broer van der Hoek ek al skreau yn syn reaksje op ditselde stik fan Riemersma (noch te ferskinen yn Hjir), is IGJ sels in werklikheid. In dichterlike werklikheid, sûnder mis ferbân hâldend mei in net dichterlike sosiokulturele werklikheid fan de tritiger jierren. Mei oare wurden, wêr makket Riemersma al dy marxistyske drokte oer (net allinne marxisten hawwe ûntdutsen dat de werklikheid kultuerbepaald is), en hoe komt er der bij om te ûnderstellen, sa't er liket te dwaan, dat ik in direkt ferbân lizze wol tusken it biologysk barren en IGJ?