Achte Redaksje
De affêre Ypke fan der Fear - Jelle Krol, sa't dy nei foaren komt yn Trotwaer 1982 nr. 4, soe mytefoarmjend wurkje kinne yn 'e Fryske literatuer-skiednis. Om dat te foaren te kommen, is it miskien goed, dat jim yn it earstkommende nûmer fan jim tydskrift de reaksje fan Tiny Mulder, sa't dy stie yn it Friesch Dagblad fan 4 desimber 1982 ôfprintsje.
Ik stjoer jim hjirby in fotokopy fan har artikeltsje ta. Hja giet akkoard mei pleatsing dêrfan yn jim tydskrift.
Mei freonlike groeten,
J. Knol
Ypk en Iris
Jelle Krol publisearret yn it oktober-nûrner fan Trotwaer ‘in stúdzje oer de parallellen tusken Ypk fan der Fear har roman De dei is jong en The Unicorn fan Iris Murdoch’. It is in meagere stúdzje by gebrek oan kennisse. Krol lit sjen, dat der opfallende oenenkomsten besteane tusken de belangrykste romanpersoanen neffens harren posysje en taak yn beide romans, wylst ek fragminten út beide boeken wakker op elkoar lykje. It stiet foar Krol wol fêst, dat Ypk fan der Fear foar har De dei is jong hofkesongen hat by The Unicorn. As Fan der Fear no mei materiaal fan Murdoch in bettere roman skreaun hie as Murdoch, dan hie Krol dêr frede mei hân: ‘De namme fan de Fryske skriftekennisse hie faak jit swider wurde kind at Ypk fan der Fear it besteande materiaal fan The Unicorn omwurke hie ta in roman fan in noch hegere oarder’. Mar no't de roman De dei is jong neffens Krol lang net oan The Unicorn takomt, rekkenet er it gebrek oan originaliteit as sûnde. Dêrom betwivelet Jelle Krol oft Fan der Fear de Gysbert Japikspriis wol fertsjinne hie ‘foar har hiele oeuvre’, ynklusyf De dei is jong.
Ypk fan der Fear jout yn itselde Trotwaer-nûmer kommintaar. Hja jout wiidweidich ynljochting oer oarden, persoanen, tastannen en
Ypk fan der Fear
foarfallen dy't se sels meimakke en kend hat, eri dy't har stoffe joegen foar De dei is jong. Se skriuwt derby, dat se The Unicorn lang lyn alris lêzen hat en lit yn 'e midden yn hoefier keunstners ûnbewust gebrûk meitsje fan wat se yn har libben lêzen, sjoen, heard hawwe fan oare keunstners.
Jelle Krol jout noch in réaksje fan Ypk fan der Fear: hy is net tefreden steld en bliuwt derby, dat De dei is jong net in eigen kréaasje neamd wurde kin.