frysk boek keapje, mar ek de lju dy't men mei in resinsje der ta oansette kin ekris nei de boekhannel te rinnen om te sjen oft it boek dêr't men sa fan útmetten hat (of just krekt net) der al is.
Yn dat ljocht besjoen hat in deiblêdresinsint in ferantwurdlike posysje. Miskyn noch wol wichtiger as dy fan jins kollega fan in literêr blêd.
In nij frysktalich boek hat dan ek rjocht op in besprek dat dat boek rjocht docht. Dat wol fansels net sizze dat sa'n boek streekrjocht de himel ynpriizge wurde moat: wy hawwe it hjir oer krityk.
Mar ta de saak. De grutste krante te uzes is de Ljouwter. Hast alle wiken hat dizze krante in side dy't omtinken jout oan de fryske literatuer. Dêr figurearje ferskillende resinsinten op, en Tineke Steenmeier-Wielinga giet troch foar de wichtichste. Ik ha my besaud oer har wize fan ‘besprekken’ fan Yn Adam's harnas, de nije roman fan Anne Wadman. Men soe ferwachtsje dat hja yn har krityk rjocht dwaan soe oan it boek fan in skriuwer - en net de earste de bêste - dy't al sa lang neat mear fan him hearre litten hat. Mar nee hear. Neist wat geëamel oer fertel- en fertelde tiide, oer de struktuer, oer in eardere toanielferzje fan it boek, komt hja net fierder as it yn eigen wurden werjaan fan de koarte ynhâld. Mar dat alles noch mei in slinger en in slach, want har wichtichste boadskip oer Yn Adam's harnas is, dat it in o sa'n swier boek is. It is in boek foar trochsetters, in dreech boek, tsjokker as wy wend binne en jo moatte de kop der goed byhâlde. Want: wy libje yn in hastige tiid en as wy de gelegenheid ris hawwe in roman te lêzen dan dogge wy dat foar ûntspanning. Dêrom sil dit net syn meast lêzen boek wurde, dêrfoar freget it lêzen tefolle úthâlden, en no komt it: mear as ik yn myn frije tiid opbrocht hawwe soe. Ja, hjir wurdt literêre krityk bedreaun! Ik hie al in pear wiken útsjoen nei in resinsje nei't ik Yn Adam's harnas lêzen hie. De ‘resinsje’ fan frou Steenmeier foel by my dan ek goed ferkeard. Yn har stik wurdt oan alle rjochten foarby gong: oan it rjocht fan Wadman op in earlik besprek en oan it rjocht fan de krantelêzers op goede ynformaasje oer in nij literêr wurk. Krekt as soe dit boek gjin rjocht hawwe. Ik kin my dat
net yntinke fan in boek dat in Europeesk probleem behannelt, in boek dat ek fan Europeesk nivo is, in boek dêr't parallellen mei te lûken binne nei wat yn ús buorlannen útkomt. Sa'n boek fertsjinnet in resinsje dêr't men as lêzer wat mei kin, in resinsje dy't miskyn wol in ljocht oer it boek skine litte kin dat men sels noch net sjoen hie. Mar hja fynt it allinne mar dreech. It lêzen hat har úthâlden koste! Ik ha nea witten dat dat nochris as literêr argumint oanfierd wurde soe. As hja wurch wurdt fan it lêzen fan in boek, wat docht hja dan op in literêre side fan in krante?
It sil wol dúdlik wêze dat ik hjir poerrazend om bin. Dy resinsje stjonkt. It is de reek dy't opstiicht at boeken ferbrând wurde om't hja ‘entartet’ binne.
Ik bin benijd wat in echte kritikus fan Wadman syn boek fynt, ik bin ek benijd wat sa'n ien hjirfan fynt. Wa hat mear úthâldingsfermogen? In elk moat syn of har plak wite.
Dat fan Tineke Steenmeier-Wielinga is neffens my yn gjin gefal op de literêre side fan de Ljouwter krante, mar earne oars: foar it rim mei kastielromans yn de supermerk bygelyks. Lju mei sokke ‘literêre’ boadskippen moatte fan ús literatuer ôfbliuwe. Wêrfan akte.
Harns, Johan van der Wal.