in bulte nocht lêzen, yn ienkear. Dit alles sis ik jimme yn't foar, omt it ferfolch fan myn besprek de negative kant neist wêze sil. De earste twa haadstikken binne ntl. briljant en ik bin wat grimmitich omt it de skriuwer nei myn betinken net slagge is en hâld dy hichte.
Lit ús it boek der eefkes by krije. Yn haadstik 1 komme wy yn 'e kunde mei in yn in brainward (in auto) ridende man, dy't op in hite snein wat ôflieding siket. De hiele roman spilet op dizze hite snein. De auto bringt beweging yn it byld. De auto bringt de haadpersoan, de autorider, op de ferskillende settings fan dit sneinske drama. It perspektyf fan it hiele drama yn al syn bedriuwen is keppele oan de manlike autorider.
Wy as lêzer kinne ús dan ek rêstich deljaan achter de eagen fan dy haadpersoan. Wy hoege net yn oarmans fel te krûpen. Soks jout de mûglikheid fan in sterke identifikaasje mei dy haadpersoan. Wy hearre wat hy heart, wy tinke wat hy tinkt, wy sjogge wat hy sjocht. (Gèdferdarry, dat fanke dêr yn it pishokje haadstik 1; - Jakkes, lit er ús dat kutfimeljen meimeitsje en dat mislike deaknipen fan sa'n stom pûdeltsje -haadstik 2) Mar goed, wy kinne der ek neat oan dwaan, wy sjogge it no ienkear, hy en wy sochten it net. Der is gjin inkelde reden ús út de strûp fan de identifikaasje te befrijen. De skriuwer hat ús yn 'e macht en kin gnyskjend syn mâlfiten úthelje! Hiel ferfelend yn haadstik 1 fûnen wy al dat eptich mantsje dat oan ús taffeltsje sitten gie en mar seure en mar seure! Mar ja, men kin der net by wei rinne as de haadpersoan sitten bliuwt.
Mar wêrom moat soks yn haadstik 3 no wer? Dat geëamel fan dy mûnts. Unwierskynlik ek dizze setting. Fol wjersin bytiden, mar hy hie ús yn 'e auto, dat sa kamen wy troch haadstik 1 en 2, mar mei dizze mûnts en syn geëamel oer de ‘partij’ makket de skriuwer ús bannen mei de haadpersoan los. Reizgje wy net troch ús eigen binnenlannen? Is it in oare, frjemde oarde? De skientme wurdt ferboelguodde, wis wier, mar net hjirre blykber, mar dêre, yn fiere frjemde úthoeken! (Nee, lokkich mar). Neist dat it praat fan de mûnts stomferfelend is, steurt de skriuwer hjir de opbou fan it byld. De identifikaasje falt stil. Dêrby, de ynhâld fan haadstik 3 kin nei myn betinken yn it totaal bêst mist wurde. Lokkigernôch giet de reis fierder en wy moatte stilhâlde yn in stedsje dêr't de útslach fan in fuotbalkriich befeeste wurdt. Wy ferjitte haadstik 3 wer wat, wy binne der wer hielendal by. En ek hjir sjogge wy wer bizarre saken: bgl. it neuken fan in fanke troch supporters op it biljert. Alle fiif episoades ha dat bizarre: Us wurdt in setting beskreaun, wy krije alle gelegenheid ús yn te libjen en oan 'e ein fan 'e setting jout de skriuwer ús in slinger om 'e earen:
1 | - it fanke yn it pishokje |
2 | - it deade hûntsje, it fanke sûnder kut |
3 | - it lytse fanke ûnder de mûntsepij |
4 | - it neuken op it biljert |
5 | - de moard op it fanke en de suggestje fan de dea fan de haadpersoan. |
Krekt dat lêste haadstik bedjêrt nei myn betinken de hiele byldfoarming en brekt ús bân mei de haadpersoan. It slagget de skriuwer net en meitsje ús mandélich oan in moard en it slagget him net dat wy gjin oare wei sjogge as mei in klap mei de auto op in betonpylder. Wy litte de haadpersoan skodholjend gean en as in ballon rint it ferhaal leech. En dy gong fan saken hat syn wjerslach op wat de skriuwer yn it