Trotwaer. Jaargang 15
(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 47]
| |||||||
1.- Wat is dat noris in leaf, geef, lyts, blau boekje, rôp Amarens. - Mar der steane wol sa'n hondert spreuken yn. - En in soad flinterkes. Sa op 'e rûs en yn 'e gauwens, wol trije hondert. - Stik foar stik tekene, Amarens. Net ien is in oaren gelyk. - Apart, slim apart. - Ja. Moast dit mar ris hearre: Oan alle dingen komt in punt. - Dat is wier, sels oan in holle, as ien trije hondert flinterkes tekene hat. En dizze: Neat is wichtich op dizze wrâld. - Dat hat bestek. Us omke leme koe it ek sa skerp en filosofysk sizze. Om in foarbyld fan te jaan: ‘Wat ienkear bard is, is ienkear bard.’ Noch gjin spjelde wie der tusken te krijen. Op it Skylger strân hat er ris sein: ‘Hjir leit niks mar te niksen.’ De man bedoelde soks as: ‘It Neat leit hjir te flinterknippen.’ - Mar, Amarens. Sjoch ris goed nei dy titel: deidreAMERIJKES. Dat is in soarte fan kryptogram, bern. Der sit in wurd yn in wurd. - Sjochst dat no pas! Amerijkes binne flinterkes fan de tiid, mini-mominten. Dêrom sil der ek in mini-boekje fan makke wêze. - It frouljuseach sjocht skerp. Amerijen. Dy skreau muoike Wike ek, de lettere stypster fan Dr. D. Kalma. Dat wie al yn 1921, yn ‘Frisia’. Ik kin my begripe (fiele) det hjar dy't yn 'e finzenis sletten binne fen fleandriuw wjukken waechse. Of: Ik hâld fen de rein, dy't de stiennen fris wiet makket, en de drippen yn 't sân set. Dat lêste hat foar my in âldtestamintyske eftergrûn, mar ik kin it net teplak bringe. En dan noch dizze: De wyn, de wyn, de bolle wyn, giet as in seil lâns my foarby! | |||||||
[pagina 48]
| |||||||
Amarens stoarre yn de ‘Entre Deux Mers’. - De wyn, de wyn, de wite wyn: en ik in seil yn dizich blau. - Dy hie der yn 't fermidden fan ‘Frisia’ yn 1921 net op troch kind. - Dat is spitich, sei Amarens, - It is oars in moaie sweverigen ien. Mar in lid fan de Jongfryske Mienskip hie dat net op syn noed nimme doarst? - Nee. Yn 'e bolle wyn oprinne mocht, mar yn 'e wite wyn stoarje net. - Dit is echt in mini-boekje. In skoft lyn hat de ien of oare idioat ris skreaun dat yn Fryslân de boeken hieltyd tinner en hieltyd lytser wurde. -Ja. Dit is 40 siden en 110 by 145 mm. Mar der binne al lytsere. Dit bygelyks is 20 siden en 80 by 135 mm. - Taaiwaar/it iis is brutsen/tusken wyn en wetter. Kreas boekje. Spitich dat der flak boppe en onder de ets yn 'e midden sa'n grou nietsje sit. - Ja, it is wol in sinnich dinkje, mar krekt net lúks genôch.
de romte efter de wurden
is grutter
as wat oer de tonge rôlet
lykas ek de see
grutter is
as wat oer it strân spielt
| |||||||
2.- Hasto ferstân fan Amerikaanske essef-romans? - Nee, Amarens. Likemin as fan wat oars ek, oft it no om Ingelske kastielromans giet of om marxistysk onderboud Frysk nasjonalisme. Ik folgje sels de grutte teevee-seary's net, dat ik mei nearne oer meiprate. - Mar silst dochs wolris in essef-boekje lêzen ha, fan Jack Vance of sa! - No, inkeldris. Trullion liuw'k. De earste Alastor-roman fan de master! - No, dêr giet it om. In jonge dy't ik ken, Jenne Doating, hat in essef-roman yn it Frysk skreaun. Hy hie der al in útjouwer foar. Dy hie it earst lêze litten oan in Fryske skriuwster, dy't der tige mei op 't skik wie. Mar om wis te wêzen hat de sokses it dêrnei oan in ‘lektor’ yn hannen jûn, sa'n jong, proastich mantsje, krekt fan de universiteit. Dy hat der in wiidweidich rapport by skreaun, in echte roman wurdich. Hy hie in hiel rychje oerienkomsten opsneupt tusken Jenne syn boek en ien fan Jack Vance, it iennichste essef-ferhaal, dat er lêzen hat. It resultaat is fansels in meagere stúdzje. By sa'n gebrek oan kennisse wie ek net oars te ferwachtsjen, fansels! Sa stelt er fêst dat de beide ferhalen winliken mei it fjirde haadstik begjinne, as de haadfiguer oankomt op in romtehaven. Mar dat heart by it genre. In romtehaven is in essef-fariant op it klassike startplak, it stasjon. En al dy fierdere parallellen dy't dat sneuperke op in rychje set, bin- | |||||||
[pagina 49]
| |||||||
ne wol nijsgjirrich, mar as ien dy opspeurt en rapporteart, bewust er dêrmei, dat er fan it hiele genre gjin bliksem begrypt. En dat dy útjouwer doe Jenne syn boek weromstjoerd hat, mei in kopij fan it rapport, is fansels in blamaazje foar de man. - In blamaazje? - Ja, fansels, sei Amarens resolút. - Hy hie dochs begripe moatten, dat wat yn it kader fan de literatuur der hielendal net op troch kin, yn it kader fan de lektuer in normale, akseptabele wurkwize is. Benammen ek omdat foar lektuer gjin prizen jûn wurde. Dat der kin gjin bloed útrinne. Nee, in blamaazje, dat is it wurd. En wyls Jenne de blurb foar efterop al klear hie. Lês mar. | |||||||
De perten fan de serfan
| |||||||
[pagina 50]
| |||||||
3.- Wat hast dêr foar âlde tydskriften te lizzen? frege Amarens. - Dat is de fjirtsjinde jiergong fan ‘Frisia’. Sjoch, ik lês alle Fryske tydskriften dy't der hjoeddedei ferskine. Mar dêr bin ik gau trochhinne. Dêrom lês ik der in blêd fan fyftich jier lyn by. Dit hjir wie it klubblêd fan de ‘Fryske Bibleteek’ yn 1932. It kaam alle moannen mei fjouwerentweintich siden út. It wie mar sa'n foech bledsje, mei noch gjin twahondert lêzers. De Bibleteek hat yn 1931 yn ien ding goed boerke: it tokoart dêr't det forieningsjier mei ynsette, is foart. Om't dit yet al in aerdich somke wier, kinne wy dêr tofreden oer wêze. In jiergong wie 288 siden lyts. Dêrfan wie yn 1932 40% ferheljend proaza, 16% poëzij, 23% drama en 21% skôging. De redaksje makke 135 siden fol, dat is 47%. De redaksjeskriuwer, D. Kalma, allinne 89 siden, dat is 30%. Dy syn oersetting fan de ‘Macbeth’ beslacht 71 siden, dat is sa'n 23%. - Wêrom besikest my dea te slaan mei al dat siferspul? - Ik wol dy allinne sjen litte dat de illinde mei in Frysk tydskrift yn 1932 net minder wie as yn 1982. Oars neat. En út de adfertinsjes fan doe kin men opmeitsje dat it yn dy dagen ek al in toer wie om Fryske fersen te sliten. | |||||||
[pagina 51]
| |||||||
4.- Mar dat jimme mei in bledsje as ‘Trotwaer’ net better buorkje, leit hielendal oan jimme sels. As jimme net wat betters meitsje kinne as in bled dat sels in redakteur fan in tydskrift, dat mear as fiif sm. heger en ek nochris twa sm. breder is, hielendal net oansprekt, leit dat dan oan sa'n redakteur of oan jimme! En dat jimme sa griis en kleurleas foar 't ljocht komme, like skier as ‘Onkruid’ bygelyks, dat it ek net bolwurkje kin, is oan neat oars as jimme eigen onferstân te witen. Dy't sa sleau is, wat de presintaasje oanbelanget, moat de slach wol ferlieze. - Ja, Amarins, do seist wier, bern! Mar noch ien sitaat fan Berber. Soms tink ik oan de deaden en oan al dy't noch folgje moatte. - Treastlik? - Witsto dan wat skriten betsjut? - Nee. Do? - Nee. | |||||||
Literatuer:
|
|