Aktuële, populaire en boartlike teksten, protest, kommunikaasje, it wiist allegearre nei in oare struktuer as dy fan it literaire tydskrift en de dichtbundel allinne. It frege om in breder publyk, fuortdaalks te berikken.
De rûnte wie behalven mei it literaire wurk fan de dielnimmers ek op oare wize yn aksje.
De bundel Yn petear mei de ljochte, dyselde hjerstmis útkaam, mei dêr as foarbyld fan jilde.
Ek de struktuer fan it útjaan fan boeken en dy fan de literêre krityk kaam gauris te praat, en dat net allinne, de rûnte skromme net en doch der wat oan. De Kikkert-rige, in earsten foarm fan meiinoar oparbeidzjen fan Fryske útjouwers, krige yn 'e Skriuwersrûnte syn oantrún. Mar ek hiel wat ideeën, út spirituële boarne ûntstien, liken de oare deis mei de wyn ferwaaid, waarden alteast wei, setten har net, of rûnen yn har útwurking stomp.
Sa stoar Sniewytsje in pree-proazayske dea en koe it mei f2 (sjoch boppe) ek neat wurde. De Kikkert- of Paperbackrige rekke in pear jier letter sels hielendal fan 'e baan.
Sa net, de Skriuwersrûnte hat tige fan betsjutting west foar de feroarings yn 'e struktueren fan de Fryske literatuer yn dy jierren.
Operaesje Fers, Koperative Utjowerij, Trotwaer, se hiene op ien of oare wize har oarsprong mei yn dy rûnte. Wat der byg. oangeande De Tsjerne yn 1967 al broeide, blykt út de Deisteat VO-3: De oprichting van een nieuw literair tijdschrift werd voorlopig nog afgewezen, hoewel de stemming steeds meer gaat in de richting van een 2e naast het bestaande tijdschrift De Tsjerne.
It petear oer de winsklike kommunikaasjemiddels foar de poëzij (sjoch boppe by e.) brocht dy sneintemoarns in breinstoarmeftige ideeëfloed tewei, dêr't de hiele ploech by betrutsen wie. (De deisteat sprekt wol fan de middeis, mar it wie de moarns).
Dr. Sixma van Heemstra neamde de telefoanyske automatyske beäntwurder, K.l.-stasjons brûkten dy dingen, en dokters ek al wol. Yn Harns stjoerde in evangelist der godstjinstige boadskippen mei de wrâld yn.
Elke dei in oar fers, soe dat net wat wêze?
Meindert Bijlsma, Josse de Haan en Geart van der Zwaag soene, sa besleat de rûnte, it plan op syn praktyske útfierberheid besjen en, as it der mei de kosten wat op like, ek útfiere.
Drs. Gerben Abma skriuwt yn 'e Encyclopedie van het hedendaagse Friesland (1975) (sjoch Compendium De Friese Letteren, side 46), nei't er it hân hat oer de betsjutting fan de Skriuwersrûnte foar de literaire krityk: Wel waren de schrijversweekends van belang voor de persoonlijke contacten. Zo was het te Kortehemmen, dat F.S. Sixma zijn idee lanceerde om gedichten via de telefoonlijn ten gehore te brengen. Dat is, sa