Trotwaer. Jaargang 15
(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 37]
| |
Geart van der Meer
| |
[pagina 38]
| |
punt is definiearre út it negative wei, en men ferwachtet ek oare pluspunten. Easterstreek is kleardernôch net in weromsjen yn lilkens. It is in weromsjen yn leafde, troch de eagen fan de jonge fan doe, net troch dy fan de man fan no. De jonge sels stiet lykwols frijwat op 'e achtergrûn, it binne almeast de observaasjes dy't de lêzer meimakket, net de dêroan keppele emoasjes. Dat nat it foardiel dat de lêzer sels warber wêze moat, want út de wurden moat er opmeitsje watfoar gefoelens der no in rolle spylje, en wat de dichter eins sizze wol. No hat disse lêzer ek besocht om yn de krekt oanjûne sin warber te wêzen, mar it is him lykwols net slagge om út te dokterjen wat no de bedoeling is fan de measte fersen, en wat der no presiis sein wurdt. De dichter is fia de jonge fan doe dwaande mei each en ear, en dat wurdt ús yn geve taal yn 62 achtrigelige fersen, mei rigels ek wer besteande út acht wurdliddenGa naar voetnoot*), en acht ‘balladen’ dêrtusken yn, mei geve taaltechnyk trochdien. Observaasje allinne is mij lykwols net genôch, ik wol de emoasje dêrachter, of de emoasje dy't der út fuortkomt, graach sjen. Faaks is dat myn flater en sit ik as lêzer sadwaande ferkeard yninoar. Dat is dan net oars. Mar nim no dit fers (VIII):
De blauwe himel is de ein
fan wei. Oan de mei ljocht oerglânzge
wolkens jouwe skaadsmetten stâl.
Ut de dize teare hege
abeeljen 't blêd yn giele
strûzen iepen, berûn mei goud.
En fier, flak ûnder de sinne
driuwe huzen, blausulveren.
Moai, ik kin net oars sizze. Mar ik kin der fierder neat mei, ik mis de minsklike faktor. Dat ik kin no oer mijséls as lêzer fierder fêststelle, dat ik poézij lês om wat mei te meitsjen fan de tinkwrâld fan oaren, om ek harren emoasjes mei te belibjen, faaks sels om wat te learen oer it libben en wat der mei anneks is - al hoech dat lêste net perfoarst. Yn dit gefal kin ik dat net, en suvere natuerbeskriuwing seit mij net safolle. No moat foar de earlikheid drekt sein wurde dat lang net alles yn disse bondel natuerbeskriuwing is, en dat fral at we fierder komme de persoan fan 'e jonge mear nei foaren komt, lykas bijgelyks dúdlik wurdt út de pronomina ik, my, myn (al wurdt yn III noch him brûkt, foar deselde jon- | |
[pagina 39]
| |
ge, nim ik oan). Nei it earste begjin ferlizze de observaasjes har nei de minskewrâld, en ek hjirre oerhearsket it observearjende, dat him dan ek gauris utert yn it anekdoatyske, óf oer de jonge sels óf oer oare lju dy't er meimakke hat. Dat bart net sûnder humor yn koarte wisse halen fan 'e dichterspinne. Lykas hjirre (XL):
Bate kin 't fierste pisje: net ien
spant sa wiid in goudspoar yn 'e snie.
Mar Gleone Lute kin 't krije.
Yn 'e rûnte leit er te lûken
en te wriuwen. Behalven hy
hâldt elk de siken oan en sjoch -
it spul besipert it gers.
As 't net komt, spuit Lute op 'e grûn.
Grif in ûnderwerp dat noch net faak yn it Frysk yn inkelde halen sa treflik beskreaun is. Tusken de mei romeinske sifers nûmere achtrigelige fersen troch binne in tal ‘balladen’ struid, dy't fierders deselde foarm hawwe. De opfallendste dêrfan binne Ballade fan in famke mei wyt hier en Ballade fan Trijny har begraffenis, de foarste fanwegen de mystearieuze sfear, en de lêste omdat nei myn gefoel dêr allinnich de dichter himsels mear bleatjout en dúdlik ûnmidlikerwize en eksplisyt syn emoasjes (as jonge fan doe) oan 'e lêzer tabetrout. Foarsafier't ik de earstneamde ballade neikomme kin, liket er mij te gean oer in deidream, in kweade deidream, bij in spultsje mei in famke mei wyt hier, dat nim - mient er - sels deastekke wol. Dat is fansels net sa, en dan sjocht de jonge fasanten yn 'e ûnderwâl, moai / genôch om yn 'n dream te passen, / better as 'n fanke mei wyt hier (side 17). De twad-neamde ballade giet, dat is dúdlik út 'e titel, oer it tehôf-bringen fan Trijny, eat dat de jonge fûl oangrypt. Dat docht net needsaaklikerwize bliken út 'e wurden Ik skriemde om Trijny, want dat is inkeld in sizzen dát, en net in echt toanen fan emoasjes. It docht ál bliken út 'e lêste achtrigel (side 39):
Prinsesse driuw yn 't feale blau
út 't sicht fan alle minsken
gleone blink yn fierste fierte
heger as de fûgels sile
en as rein en wyn begjinne.
Yn it izichkâlde swijen
sjonge súvre stimmen foar dy
en gloeit fan kleare waarmte 't ljocht.
| |
[pagina 40]
| |
Disse rigels, disse strofe, binne yn har patetyk unyk foar disse bondel. Ik achtsje dit beslist net de moaiste achtrigel fan Easterstreek, net allinne omdat er mij wat ûnwierskynlik foarkomt foar dy jonge dy't yn 'e rest fan 'e bondel sa dwaande is syn emoasjes net eksplisyt te toanen, mar ek omdat (mar dat is, ik jou it ta, wer in persoanlike foarkar) hjir nei myn gefoel wat sabeare djipsinnichs en mystearieus suggerearre wurdt. Easterstreek giet oer de easterstreek fan Noardwâlde, sa fernijt ús de achterflap. Wêr giet it noch mear oer, hokker fyzje op de wrâld of dan yn alle gefallen de jonkheid moatte wij hjir sykje? Of moatte wij dy dêr hielendal net sykje? It iepeningsfers op side 5, in oersetting fan Li-Ho (791-817) dy't wol in Sinees wêze sil, bringt mij ek al net fierder, want dat wakker moaie byld fan it plattelân liket mij, foar Fryslân (no ja, de Stellingwerven dan...) sa idealisearre dat ik dêr ek neat mei kin. Ik tink dat ik hjir ferkeard lês: de bondel giet oer de easterstreek, sjoen troch de eagen fan in jonkje/jonge. Yn dy beskriuwing is der gjin plak foar sintimintelens, lokkich net! Yn koarte halen wurde streek en minsken, en de jonge sels, foar ús delset. Yn in tal ‘balladen’ wurdt it byld wat presizer, wat folsleiner foar ús skildere. Dêr hat de dichter it bij litte wollen, op in lytse útsûndering nei. It is in weromsjen sûnder wrok en meast sûnder de suggestje as soe der wat djipsinnichs oer de jonkheid mei te dielen wêze. Wat dat oangiet jout Wybenga ús gjin falske yllúzjes. Akkoart, dêr haw ik gjin muoite mei. Mar (en dat hie ik leau 'k ek al yn myn besprek kj 3 yn Trotwaer in pear jier lyn) ik ha sa'n gefoel dat der achter it puntsje fan 'e tonge dat Wybenga ús hjir sjen lit noch hiel wat nijsgjirrigers op it achterein fan syn tonge leit - mar dat meie wij net sjen. Dat wat ûnpersoanlike fan disse poésij is foar mij wat spitich, en ik ha dat mei syn oare poézij ek. Ik kin sadwaande op it ferstanlike nivo respekt foar disse bondel opbringe, mar ik moat der dan daalk oan tafoegje dat it mij fierder net folle docht - wylst ik oanfiel dat dat kinne moatte soe en ek moatten hie, at.... Mar Jan Wybenga is fansels, lokkich mar, Geart van der Meer net. En dêr hâldt dan ek alles mei op. |
|