Trotwaer. Jaargang 15(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 31] [p. 31] Geart van der Meer VIII al pûpertsjeglidend, doe't mem even net seach, koe myn suske krekt bij de hege kûnttsjettel. doe wie de waskdei dien. trije dagen letter wie se dea, nei fûle pinen. mar o, hoe sear moat dat heit en mem dien ha: ‘it famke’ ferlern, geskink fan har god, in pân. geartsje. tegearre, op knibbels, ha se god smeke om dat stjerren mei nij libben soenje te meien. en dat bern, god ôfsmeke, in nij pân, bin ik. en nei myn berte hat in earme frou yn 't doarp in som jild krigen, as tank oan 'e hear. dat haw ik noait field as bespotlik, ik ha 't as pynlik ûndergien dat ik, atheist, wûn bin yn godsbetrouwen, en bestean fanwegen ûnferwrigber leauwen. [pagina 32] [p. 32] IX wêrom bestean ik noch? de bûthússolder wie heech genôch oars. en dêrûnder stiek in kraan ta de muorre út, mei boarnamers dêrnjonken. sa te sjen genôch, mei dy betonnen flier. heit stie mei de foarke toppen hea troch de healûken te skowen. ik tyske wat bij it ledderslûk om, die in stap twa achterút, en mei in dûk, bekkelings, bam, lei 'k tusken de amers, hûk in skrik foar ús heit, dy't lykwols doe't er nei ûndren stode, in jonkje fûn dat al wer stie en neat mankearre, net ienris gûlde. kinne jim der eat oan dwaan, kraan, amers, lûk, flier? jim as bisûndre gearskikking wiene omdôch. dat de fraach bliuwt stean: hoe koe dat? wêrom libje ik noch? wêrom bestean [pagina 33] [p. 33] X ik. wêrom bin ik der noch? it swarte wetter ûnder it stap. ik lei op knibbels en bûgde mij foaroer, boartsjend, en fielde hoe't it sûgde, dat swarte. dat swarte. ik bin yn it wetter fallen en ik flean ik sweevje troch it wetter it is om mij it is yn mij o it is mij ik sjoch ik bin draaiende stippen binne mij ringen fan blau ljocht blau blau sá blau it wetter boppe ûnder binne net mear inkeld wetter weagjend. mij. mar wat wie sterker? mij moast skieding ferneare yn ik en dat. want de ferlieding wie it bern oermânsk. it kopke boppe 't wetter (eefkes) rôp kalm: durkje, wolst mij der úthelje? sels bin 'k no de priis dy't ik dêrfoar betelje. Vorige Volgende