Trotwaer. Jaargang 15(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 34] [p. 34] Eeltsje Hettinga It spoar Alle bûnte stêden fan Europa troch mei de wanhoop wat myn driuw dan mear is as de trein dy't ik einleas yn en útstap alle bûnte stêden fan Europa troch mei de waan en de drift fan dream dat ik dy earne by't libben betraapje noch nei de âlde foarmen fan de frou sa't ik bern dy foar eagen ha mar by alles wat ik socht en besocht ferwikselesto hurd fan spoar myn doarmjen elke frou is krêbe en kiste tagelyk ik klim yn har op en gean yn har del alle bûnte stêden fan Europa troch en oeral fiel ik my wer oan har byld bekocht [pagina 35] [p. 35] Antwerpen Do wat bisto mear as de fisk yn de wetterfal fan ljocht hjoed yn de oktoberstrjitten fan myn wyt fersulvere rivierstêd alhielal bern yn 't sulverklinkende ljocht folgje ik dy ûnberoaide bliid as eartiids it griene mezykkorps en leau it blinkende Skeldewetter bylâns dat 'k oars net eingje as de lytse nacht mezyk yn 't begjin fan dyn skerte no't de sinne sniewyt op 'e kop stiet 't oktoberljocht myn pinkter opropt mar fûgels boppe galmjende klokkehûzen fleane de linen fan dyn lichem fisk hjerst is in breklike dream en skimer ferkleuret stadichwei myn wûnderstêd Vorige Volgende