| |
| |
| |
Eppie Dam
Black & Decker en It Skuldgefoel
‘Sjoch,’ sei Black, ‘en dat is no krekt wat ik bedoel.’
Decker knikte en sloech syn lêste stealtsje gin-tonic achteroer.
‘Ja,’ sei er doe, wylst er it glês mei in klap op it wite taffeltsje delsette, ‘dat is no krekt wat do en ik bedoele.’
Black ferskikte nei it puntsje fan 'e stoel, stoarre -de earmtakken op 'e knibbels- swijend yn it egaalblauwe wetter fan it bassin en liet syn tinzen de frije loop. It koe net oars, op dit momint wist syn maat wol krekt wat der yn him omgyng. Dêr koene se inoar sa linkenoan goedernôch foar en oars hoegde er himsels mar nei te gean. Black stoarre. Twangmjittich en sûnder de eachslidden te ferwegen. De fûle sinne lei in skelle skittering oer it metalige wetter hinne, dy't him fan 'e weromstuit as fjoer yn 'e eagen spatte. Starich loek it blau út it bassin wei en feroare, fia hellich wyt en driigjend roazich, yn lôgjend read. It like ien see fan fjoer, de flammen sloegen derút. De triennen kamen him yn 'e eagen en hoewol't er wist dat er it net koe, woed er him omdraaie, fuortrinne, wat dan ek, mar mei wie dêr de grutte plûmp! Hy sloech de beide hannen beskermjend foar de eagen. De skerpe fûnken spatten him as gleone hagel tsjin 'e bleate earmen oan, mar op itselde stuit besefte er, it wie mar wetter ommers. Hy fielde Decker syn sterke hannen ek dalik om syn polsen hinne.
‘Kom mar,’ sei Decker, ‘it is Ferguson. Fjoerfizioentsje, tink? Haw ik ek lêst fan op 't heden. It sit him yn 't waar.’
Black skodholle as woed er sa de bylden út syn harsens rûgelje litte, knikte doe en betsjutte Decker dat it mei him yn oarder wie. Yn it bassin dreau de generaal op 'e rêch, de beide fuotten kalm op en del bewegend. Hy hie de pet noch op, mar dat wie likemin útsûnderlik as de kleur fan it wetter -it wie wer like blau as wat-, want sûnder pet gjin Ferguson.
‘Ferrek,’ sei er, ‘ik toch even, dy springt my der sa op 'e bealich yn.’
‘Fjoerfizioen,’ sei Decker starich foar him út, ‘dat binne wer fan dy dingen.’
‘Ja,’ sei Black, mear net.
‘Hasto it der eins wolris mei him oer hân?’ woe Decker ynienen witte en hy knikte nei de generaal.
‘Ik? Mei Ferguson? Nee, noait,’ sei Black dalik. ‘Ik praat eins noait mei dy man. My tinkt, hy hat it hjir wol aardich nei 't sin.’
‘Begrypsto sa'n man?’
‘Ik?’ frege Black. ‘No, om earlik te wêzen, dêr stean ik noait by stil. Ik ha hjir mear as genôch oan mysels.’
| |
| |
‘Ik begryp sa'n man net,’ sei Decker. ‘Men soe sizze, sa'n man moat dochs it selde fiele as wy.’
‘Wa wit,’ sei Black ûnferskillich, en doe: ‘Wit hy fan ús wat wy fiele?’ ‘Nee,’ sei Decker mimerjend, ‘dêr hast gelyk oan.’
Black knipte mei twa fingers en wonk de tsjinstfeint, dy't altyd as in stânbyld sa ûnferweechlik ûnder de griene beamkes stie, mar der no oanstrûzen kaam yn syn wite linnense jûpe, in fûgel allyk.
‘Twa gin-tonic,’ sei Black, ‘en in bytsje mear iis deryn, at it skikt wurde kin. It is hjir fergemy om te smoaren sa hyt.’
‘Komt klear, menear. Oars noch wat, menear?’
Black makke hastige meneuvels fan nee. De feint bûgde as in knipmes en ferdwûn wjukjendewei. Se koene sa hurd net tinke, of hy wie der wer, de twa glêzen mei drank en in sulveren iisammerke op in houten presintearblêd op it taffeltsje delsettend.
‘Dan kin menear der sels...’
‘Ja, toe no mar, smoarch âld seefûgel,’ snaude Decker en wiisde mei in ferachtlik earmgebeart de tsjinstfeint op syn fêste plak ûnder beamkes. ‘Hjoed wie ik seis-en-fyftich wurden,’ sei Black wat mismoedich en hy plûmpte trije iisklobkes yn it glês. ‘Do ek iis?’
Decker knikte.
‘Seis-en-fyftich,’ preuvele er, ‘by libben en wolwêzen. Black, jonge, is 't net wat?’ Hy skodholle en swijde.
‘Proast!’ rôp Black boppe de stilte út en hood it glês omheech.
Decker joech gjin azem. Hy gyng foaroer sitten mei de skonken in eintsje útinoar, lei de earmtakken op 'e knibbels en hood de fingertoppen fan 'e beide hannen justjes tsjininoar oan. Menutenlang stoarre er foar him út, sûnderdat him ien wurd oer de lippen kaam. Black die opnij in taast yn it iisammerke, wylst generaal Ferguson oanienwei syn baantsjes loek troch it bassin. De tsjinstfeint stie ûnferweechlik ûnder de beamkes. Achter en boppe him wie it in tsjotterjen en risseljen fan fûgels en tûzen griene bledsjes. De loft wie prachtich wyt. Decker kaam ynienen oerein en postearre him njonken Black syn stoel.
‘Ien ding kloppet net,’ sei er. It klonk as wie it in fynst. ‘Begryp my goed, it is hjir allegear like moai en oerdiedich as wat, en wy ha hjir ek in libben as in lús op in seare kop, mar ien ding kloppet net. Sjoch, at dit de himel wie, ik bedoel, wat ik fan 'e himel begrepen ha, dan is dat in oarde dêr't in mins einlings oan it folsleine lok takomt. Normaal soene wroech en skuldgefoel hjir dus hielendal gjin foet krije moatte. No, do en ik witte hjir wol oars. Begrypsto wêr't ik hinne wol?’
‘Decker,’ sei Black, hy kaam oerein fan syn stoel en lei syn hân by syn maat op it skouder, ‘wat bin ik bliid, datsto hjiroer begjinst. Om dy earlik de wierheid te sizzen, ik ha my al dy jierren al ôffrege oft wy hjir werklik
| |
| |
wol oan it goeie adres wiene. Wat haw ik hjir in nachten wekker lein en wat in prakkesaasjes haw ik hjir lizzen, wat in eangsten útstien, spoekbylden foar my hân, wat in...’
‘Ja, stil no mar,’ foel Decker him wrantelich tusken de wurden, ‘krekt as haw ik hjir neat meimakke. Mar dat soe dan ynhâlde...’
‘Ferdomme!’ pipe Black. It wie de earste kear yn al dy jierren dat er flokte. ‘Ferdomme, Decker, wy sitte net yn 'e himel, wy sitte hjir...’ It wurd woe him net oer de lippen komme.
Decker krige it glês fan it taffeltsje en dronk it yn ien kear leech, mar hy wist by ûnderfining dat it effekt nihil wêze soe.
‘Dat mei dy drank,’ sei er oeral, ‘dat is my no ek dúdlik. Wy wurde hjir net dronken, om't wy lije moatte, dei út dei yn lije moatte, sûnder ferdôving of wat dan ek. Bist der achter?’
‘En wy mar tinke,’ jankte Black, ‘dat soks ta de himelske fernoegens hearde.’ Black wie der slim foarwei.
‘Wy moatte de feiten ûnder eagen sjen,’ sei Decker manmoedich. ‘Stean dêr no net te jammerjen as in lyts bern. Wy ha mei dy ferrekte bommen fan ús komplete doarpen mei ûnskuldige boargerminsken platsmiten en yn in fjoersee feroare. Hiene wy better fertsjinne? Se seagen ús dêr oankommen.’
‘Mar ik wie in man fan 'e tsjerke!’
‘Neat mei noarich.’
‘Ik wie in kristen, Decker, man!’
‘Ja, krekt dêrom.’
‘Telt soks dan net mear?’
‘Jawis, at soks ek telt. Dat sis ik no krekt.’
‘Mar ik haw op 'e knibbels west om ferjouwing,’ nokkere Black.
‘Ienkear hâldt alles op,’ sei Decker koartôf. ‘God kin ek net alles.’
‘Dat meisto net sizze. God kin alles. No, en at er alles kin!’
‘Ek in stien meitsje, dy't er sels net risse kin?’ gnyske Decker. ‘Flau grapke, hear, mar God mei dan izer mei hannen brekke kinne, en dat nim ik ek dalik oan, mar Hy wie net by machte om ús te ferjaan. Us skuld wie te grut.’
‘Mar it wiene kommunisten!’ rôp Black der oerhinne.
‘Se wiene ûnskuldich,’ sei Decker kalm. ‘Bisto hjir ek mar ien fan dy lju tsjinkommen hjir?’
‘Wat woesto dêr mei sizze, hen!’ raasde Black. Hy krige syn maat by de fodden en loek him nei him ta, tilde him suver fan 'e grûn. ‘Woesto dêr miskyn mei sizze, dat wy se regelrjocht de himel yn bombardearre ha? No?’
‘Menear is der achter,’ sei Decker. ‘No, doch net sa healwiis en lit my los.’
| |
| |
Black joech om sizzen en liet him hymjend yn 'e stoel sakje, like slop as in dweil. Decker gyng ek wer sitten en op it selde stuit hise generaal Ferguson him by it stielen trepke út it bassins wei.
‘Sjoch,’ flústere Decker, ‘wy hiene it witte kind. Dy ferrekkeling dêre, dy hat safolle moarden op syn kape, dy hat de hel mei eare fertsjinne’.
‘Mar at er no in kristen wie,’ sei Black mei taknypte eagen. ‘Wêr bliuwt de genede!’
‘Der binne grinzen oan 'e genede,’ sei Decker.
‘Nee, dy binne der net,’ woe Black ha. ‘Wat grutter de sûnde, wat grutter de genede. Wêr bedarje wy at wy sa sille?’
‘Dat moatsto nochris freegie, ja,’ hune Decker. ‘Krekt as sieten wy hjir net en leine wy klear om mei it skip de himelske haven yn. Sjoch him dêr noris stean.’
‘Hy liket oars in lokkich man,’ fûn Black.
‘Liket,’ sei Decker mei klam, ‘mar tink der goed om, dat it bytiden raar yn manje omwine kin, likegoed as by ús. Mar koestdy, dêr komt er oan.’
Generaal Ferguson rûn droegjendewei it terraske op, sette him by Black en Decker del en bestelde doe trije konsumpsjes. De pet hie noch net fan syn holle ôf west.
‘Moatte de hearen net swimme?’ frege de generaal op kliemske toan. ‘Seker alle ûngerjochtichheden fan my ôfspiele,’ blaasde Decker. ‘Jo binne wer even skjin op 'e lea?’
‘It is allegear jo skuld,’ smiet Black der ynienen út. ‘Jo ha ús opdracht jûn!’
‘Hâldt dy even stil, Black jonge,’ sei Decker. ‘Menear hat noch gjin antwurd jûn op myn fraach. No, menear Ferguson, binne jo wer even skjin op 'e lea?’
‘Ik wit net wêrdatsto hinne wolst,’ sei de generaal en hy draaide de holle in oare kant út.
‘Hast dat heard, Black? Menear Ferguson wit net wêr't wy hinne wolle. Krekt as kinne wy hjir in kant út, ferjamme. Mar goed, menear Ferguson, om op jo wurden werom te kommen, wat soene jo tinke fan in reiske yn in B 52 nei Vietnam? Moaie wrâld dêr en it wol der bytiden omraak baarne. Och nee, dat ha jo doedestiids net sjoen fansels. Jo sieten moai mei skjinne hannen achter jo buro en nifelen mei in lúsjefersprikje de rotsoai ûnder jo neilen wei. Siet der net in triedsje bargefleis tusken jo tosken, dat jo der mei gjin mooglikheid... mar wachtsje no, hoe ik ik ek sa, jo hiene ommers doe al in keunstgebit, dat jo algeduerich fan it iene wang nei it oare reizge. Wat? Wat sizze jo dêr? Leine jo mei de fuotten op 'e tafel nei jo netsjese skuon te sjen? Och, ik hie it witte kind. En fan
| |
| |
'e wrâld neat ôfwitte fansels. Mar jo wiene al ferantwurdlik, man. En skuldich. Krekt wat Black hjir seit. Black?’
‘It is allegear jo skuld,’ herhelle Black reewillich.
‘No hearre jo it, menear Ferguson,’ sei Black spotsk. ‘Dizze man hjir seit, dat it allegear jo skuld is. Black, no even katoen. Wat ha jo dêr op te sizzen, menear Ferguson?’
‘Ik bin hjir gjin mins ferantwurding skuldich,’ sei de generaal.
‘Nee, hjir net,’ sei Decker, ‘dat kin útkomme. Jo sille hjir nammentlik al ferdealde lang sykje moatte om ek mar ien mins te finen. Dit is hjir in steltsje ûnnutten byinoar. Mar is de grutste ûnnut net ferantwurding skuldich oan 'e ûnnutten, dy't er sels ta ûnnut makke hat?’
‘Sa is it mar krekt,’ kaam Black dertusken. ‘Sunder jo hie ik hjir net sitten.’
‘Black, no even stil,’ sei Decker.
‘Praat net sa,’ sei de generaal bestraffend. ‘Ik kin hjir neat op sizze. Ik ha fannacht gjin each tichtdien. Ik bin wat fan 'e regel.’
‘Krekt goed,’ liet Black him ûntkomme.
‘Black, hâld dy de bek! Och, menear Ferguson, en jo sliepten noch wol mei dy moaie pet op 'e holle, mei ik oannimme. Ha de duvels en demoanen dan hjoeddedei sa'n lyts bytsje ûntsach foar de macht, dat se jo út 'e sliep hâlde en jo de ivige rêst misgunne? Man, wat is my dat yn 'e wei.’ ‘Hâld op!’ rôp de generaal.
‘Wa hie dat tocht,’ gyng Decker lykwols fierder, ‘dat se allegear nochris by jo op bêd komme soene, al dy deaden, manlju, froulju, bern, dy't jo fermoarde hawwe sûnder in spoar fan emoasje, op ôfstân, mei in hammerslach, in jawurd, in hântekening mei sierlike krollen, achterôf en foar in bûtenstanner ûnwerkenber, mar jo namme sit der oan fêst, man. Nee, ik bin noch net útpraat. Want jo ha fansels omraak bidden foar it slagjen fan 'e operaasje. Jo ha wat ôfbidden yn dy tiid. Foar jo freonen, foar ús, Black en my. Wel, menear Ferguson, ek út namme fan Black hjir kin ik jo sizze, de operaasje is slagge. Black? It baarnde as de duvel. Hoewol, net fanwegen jo gebed, mar om't wy, Black en ik, sa merakel goed op 'e hichte wiene mei it ôffjurjen fan dy soademiterse dingen, begripe jo wol? Dat wie ús goed leard wurden. Wat do, Black?’
‘Ferrekte goed, Decker,’ sei Black, ‘Ik wit noch...’
‘Jim moatte hjir oer ophâlde!’ rôp de generaal.
‘Stil mar, Black, wachtsje mar even,’ sei Decker. ‘Menear Ferguson, wat ik jo freegje woe, Black pielt hjir nammentlik frijwat mei om: wiene jo in kristen?’
‘Ja, wat oars,’ andere de generaal grimmitich. ‘Genesis, Exodus, Leviticus...’
‘Ha jo dan ek bidden foar jo fijannen?’ frege Decker.
| |
| |
‘It wiene kommunisten!’
‘Seit de Skrift ús net, dat wy ús fijannen leafhawwe moatte, menear Ferguson?’
‘It wiene kommunisten!’
‘It wiene jo fijannen, menear Ferguson.’
‘Do silst nerges yn 'e bibel fine, dat ik foar kommunisten bidde moat. Dat moatsto my dan ris oanwize. Dat kinst net, ha-ha, want dat stiet der net yn.’
‘O,’ sei Decker, ‘op sa'n foet. En dêrom sjitte wy se dan mar finaal ferrot. No wurdt it my ynienen allegear dúdlik.’
‘Ik gean hjirwei,’ sei de generaal.
‘Wêr woene jo hinne, menear Ferguson?’ ynformearre Decker. ‘De deaden sille jo yn optocht achterfolgje by elke stap dy't jo dogge. Krekt salang sille har skeletten yn in makabere dûns om jo hinne tjirmje, oant it jo klear foar it ferstân stiet, dat dy kommunisten fan jo hiel gewoane boargerminsken wiene mei in húske en in stikje bou. Jo ha in man fermoarde, menear Ferguson, dy't wiis wie mei syn wiif en grutsk op syn bern, like grutsk as dat jo grutsk wiene op josels. Jo ha in frommes fermoarde yn 'e bloei fan har jierren en swier fan in bern. Ek dat bern ha jo fermoarde, menear Ferguson, en boppedat it bern dat yn 'e sânbak siet te boartsjen. Jo tochten dochs seker net, dat bern fan kommunisten net yn 'e sânbak boarten?’
‘De duvel sit yn dy, rotfint!’ raasde de generaal. Hy fleach op it bassin ta en dûkte hals oer de kop yn it egaalblauwe wetter. Kopke ûnder. Allinnich de pet bleau driuwen, dobbere noch in setsje op 'e koarte, ferheftige weagen. Doe wie it wetter wer stil.
‘Hy hat himsels fersûpt,’ konstatearre Black net frij fan emoasje.
‘Nee,’ sei Decker, ‘dat soed er wol wolle. It ivige libben is hjir baas.’ Menutenlang bleau it wetter like stil en flak. Black en Decker sieten der nei te sjen en namen út en troch in slokje fan har gin-tonic. Doe kaam de generaal foar 't ljocht. Hy libbe yndie as in hart.
‘Do kinst hjir net fersûpe,’ sei Decker tsjin syn maat. ‘Dat wurdt dy hjir net gund.’
‘Likemin as dronken wurde,’ sei Black mismoedich. ‘Ober!’
‘Nee, net dwaan,’ sei Decker hastich, ‘lit dy fint gewurde.’ Mar it wie al te let: de âld albino-roek stie dalik by har taffeltsje.
‘Do hast hjoed in frije dei,’ sei Decker minlik. ‘Ja, stil mar, ik haw it mei dyn baas ferpraat. Gean mar moai in ein te fytsen mei dit moaie waar. En no hjirwei! Opkrosse!’
De roek kraste op. Black seach Decker mei in pear grutte en ferwyldere eagen oan. By libben hie syn maat al noait in gewoanenien west en ek hjir koed er bytiden de meast ûnferwachte dingen dwaan, mar dit? It
| |
| |
fuortstjoeren fan in tsjinstfeint wie ommers in strafber feit, dêr't yn it geunstichste gefal fjouwer jier Sporthuis Centrum op stie, de griis fan elke ynwenner hjir. Tsjinstfeinten wiene tagelyk bewakers, dy't, sa gau't immen ek mar ien foet fan it terrein sette, alarm sloegen en it hiele bewakingsapparaat yn wurking stelden. Johnson hiene se sa oppakt: achttjin jier Kurort, kompleet mei sauna en al. Sa'n man kaam as ruïne werom. Hie dat al net in teken wêze moatten?
‘Hast Ferguson noch sjoen?’ woe Decker witte.
‘Dy is hurd fuortflein,’ sei Black. ‘Ik soe net witte wêr't er keard is.’
‘No moatsto even goed nei my hearre, Black,’ sei Decker. ‘Ik wit fansels net hoe't it dy fergiet, mar ik bin no safier hinne, ik wol hjirwei. Ik kin my noch net begripe, dat ik noait earder ynsjoen ha, hoedat de flagge der hjir byhinget. Sjoch, Black, dit is hjir in ferdeald raffineard systeem. Typys satanswurk. Elk dy't hjir komt te sitten, kin syn wille net op, sa noflik giet it hjir om en ta. Mar dan komt it, hiel starich, suver ûngemurken: it begjint mei de ferfeling, dan komme de prakkesaasjes, dêrnei hast it wroech, it skuldgefoel, de ynderlike tramtaasje, it ûngenedich rânseljen fan 'e geast. En it giet troch, Black, tink om myn wurden, it giet hieltyd fierder en it hâldt net wer op. Ja, it sil noch safier komme, dat wy de Satan op ús bleate knibbeltsjes smeekje sille om it lôgjende fjoer, de bûtenste tsjusternis, it geskriem, de krimmenaasjes troch alles hinne en it knersen fan 'e tosken. Mar hy sil it ús net gunne, de satan!, om't er wit dat wy dat gâns better ferneare soene as dit. Hjir is gjin ferwar tsjin. Johnson, hen? Ik haw it dêr wolris mei dy oer hân, en stom dat my de eagen doe noch net iepen gien binne, mar no bin ik der alhiel wis fan: Johnson komt werom as in wrak. Ja, ho-ho, in wrak, mar krekt net fier genôch hinne om fierderoan net lije te kinne, want dat giet hjir wol troch. Sjoch, Black, sa wurket it hjir.’
‘It komt my miskyn in bytsje oer 't mad,’ filosofearre Black, ‘mar at ik alles nochris goed yn my omgean lit allegear, dan bin ik no ek wol safier dat ik sis, Decker, do hast gelyk.’
‘Wy moatte hjirwei,’ sei Decker prakkesearjend.
‘Ik gean mei,’ sei Black resolút, ‘Mar hoe woesto...’
‘Stil no even,’ sei Becker mei in pynlik trekje om 'e mûle. ‘Lit my no even prakkesearje, ja? Black. Hee, Black. Hasto dyn parasjute hjir noch?’
‘Ikke wol,’ spriek Black grutsk. ‘Leit noch altyd krekt sa yn 'e kast.’
‘Moai,’ tocht Decker lûdop, ‘ik ek.’
‘Mar do woest my dochs net fertelle...’
‘Ja, dat woe ik al,’ sei Decker kalm. ‘Fannacht om healwei trijen by It Klif. Dêr springe wy derôf, jonge, wy stappe hjir like maklik út as in bern út 'e sânbak.’
Black swijde.
| |
| |
‘Ja, asto hjir soms sitten bliuwe wolst,’ sei Decker ynienen lulk, ‘dan moatst it sels mar witte. Dêr wit ik mear net fan.’
‘Nee, dêr giet it net om,’ sei Black in bytsje panikerich, ‘nee, wier net, Decker. Mar wat dogge wy mei Ferguson?’
‘Ferguson? Dy hat hjir in bêst plak. Litte de wroechwjirms him mar goed neisjen,’ lake Decker.
‘Mar is dat no wol earlik?’ frege Black him ôf.
‘Hy hat der sels om frege, net?’ sei Decker.
‘Ja, dat seisto no wol,’ sei Black foarsichtich, ‘mar at it der op oankomt, is it fansels allegear Johnson syn skuld. Ik bedoel, Ferguson krige fan him syn ynstruksjes op deselde manier as dat wy se fan him krigen.’
‘Dêr sit wat yn,’ seach Decker no ek yn. It wie krekt as wied er der even foarwei.
‘En at ik dan noch in stap fierdergean,’ riddenearre Black, ‘dan falt ek Johnson likemin wat te ferwiten as Ferguson, Decker en Black. Want, Decker, sis no sels, hat it folk de presidint net keazen op grûn fan syn plannen yn syn program? It is allegear it folk syn skuld. It folk hat him oan moard besûndige, wy wiene de ynstruminten yn it folk syn hannen.
‘Sok prakkesearjen is gekkewurk,’ sei Decker ynienen, ‘sa komme wy hjir net wei. Ferguson hat gjin parasjute, Johnson likemin en it folk sit hjir net. It folk giet frijút. It punt is, dat wy hjirwei moatte. Dat is no it punt.’
‘Dêr falt net in soad tsjinyn te bringen,’ fûn Black, ‘ik jou my derûnder del. Do hast gelyk, wy moatte hjirwei. Dat is no it punt. Kom, dan sykje wy it spul fêst byinoar.’
‘Maat fan my!’ Decker sloech Black op it skouder dat it klapte.
Under de frije fal, dêr't se allinnich mar fan riede koene hoelang at er duorje soe, hoden se inoar stiif by de hân beet. Decker wie grif tweintich kilo swierder as syn maat en inoar kwytreitsje wie wol it alderlêste wat se yn dizze sitewaasje brûke koene. De ûntsnapping wie trouwens noch frij maklik yn syn wurken gien, wat benammen Black fernuvere hie. Syn foarstellingsfermogen wie no ienkear wat minder breed ûntwikkele as Decker sines en ynwindich hied er de mooglikheden fan har flecht betwifele. Dochs hie it allegear like ienfâldich west as dat Becker sein hie. Beide hiene se har deroer besaud hoe'n bytsje bewaking at der de nachts by It Klif west hie, mar oan 'e oare kant, in escape út 'e hel mei help fan in parasjute wie no ek wer net it earste dêr't je as bewakingstsjinst rekken mei hoden fansels. It idee! Dêr moasten je al echt Decker foar hjitte. Black hie in poerbêst sin.
‘Falt wol lekker sa, hen?’
‘Ja,’ sei Decker.
| |
| |
‘Hasto trouwens ek mar in flau idee wêr't wy telâne komme sille?’
‘Nee,’ sei Decker.
‘Dus dit wurdt letterlik en figuerlik in sprong yn it tsjuster?’ Black nokkere deroer, kontint at er wie mei dizze ûnferwachte fynst.
‘Ja,’ sei Decker net sûnder argewaasje.
‘En at wy de ierde berikt ha? Wat dan!’
‘Ja,’ sei Decker, ‘dêr siet ik krekt oer te prakkesearjen. Sjoch, wy kinne twa dingen dwaan. Ien. Wy geane nei dat iene doarpke yn Vietnam. Dat bombardemint stiet my noch altyd foar de geast, ferskriklik. Hoe hjit it ek al wer... ja, ik doch no krekt as haw ik de namme ea yn 'e holle hân...’ ‘Ik haw it witten,’ sei Black, ‘mar ik bin de namme, leau ik, even kwyt.’ ‘...en wy sjogge wat der fan oerbleaun is,’ gyng Decker fierder, ‘of yn elk gefal hoe't it wer opboud wurden is, at it teminsten opboud wurden is. Ik fiel my skuldich, ik wol dat útprate. Ik sis dêr planút wa't ik bin en wat ik dien ha. Wurd ik dan om hals brocht, dan sil ik dat akseptearje, dan nim ik dat sa't it is. Dan wit ik teminsten foar mysels, dat ik alles dien haw om it út 'e wei te krijen. Dit is gjin libben sa.’
‘Praat net sa drok, Decker,’ sei Black senuwachtich. ‘Do moatst net sa drok prate. Asto sa praatst, dan makkest my bang. Do moatst rêstich bliuwe, ik bin by dy.’
‘Twa,’ sei Decker, ‘wy meitsje in toernee oer de ierde hinne. Wy binne de earsten dy't weromkommen binne, dêr moatte wy wat mei dwaan. Do en ik witte no, dat lang net elk dy't him by libben kristen hjit, dêrom ek samar as fansels de himel ynwaait by syn ferstjerren. De hiele thélogy moat om. Wy ha no wol oars meimakke. Dêrom moatte wy de minsken warskôgje, benammen dy't yn it leger tsjinje.’
‘It earste, at ik myn sin sis,’ sei Black. ‘Der sit gjin dûmny yn my. Ik moat tefolle om wurden sykje.’
‘Wy kinne ek elk apart fansels,’ sei Decker.
‘Nee, Decker,’ smeke Black, ‘asjeblyft net. Ik bin no al sa bang. Meitsje my no net noch mear oerstjoer.’
‘Stil no mar,’ sei Decker. ‘Wy geane earst nei dat doarpke ta, hoe hjit it ek.’
Se sylden noch oerenlang mei deselde faasje fuort. Wat langer it duorre, wat mear't Decker rekken hood mei de mooglikheid, dat it risseltaat fan in ûntsnapping út 'e hel oars net wêze koe as in ivichheid troch lege romten strûze moatte. It besette him derfan, ek noch doe't it tsjin de moarntiid foarsichtich begûn te ljochtsjen. Black like ynienen mear oertsjûge te wêzen fan it slagjen fan har boetetocht en sindingsreis as hysels en hy wie it dan ek, dy't as earste lân en huzen gewaar waard. Syn stim trille deroer doe't er Decker dêr opmerksum op makke. Dy hie himsels dalik wer yn 'e macht.
| |
| |
‘Lân,’ sei er, ‘yndie.’
‘Mar Vietnam?’ frege Black him ôf.
‘Soe al tafallich wêze,’ sei Decker. ‘Jout ek neat. Wy krije wer fêste grûn ûnder fuotten, Black, de falskerms moatte út. Ik lit dy no los.’
‘Mar wy geane dochs wol tegearre, hen?’
‘Jaaaa,’ sei Decker, ‘haw dêr mar gjin noed mei. Ik wachtsje op dy.’
Nei it delkommen yn in griene greide -Black kwakte midden yn in pankoek weake kowestront- pakten se de wite knûkers byinoar. It wie krekt as seagen se inoar nei al dy jierren ynienen mei oare eagen.
‘Dêr is in doarpke,’ sei Decker. ‘Kom, wy moatte dochs witte wêr't wy hjir bedarre binne.’
Se rûnen op 'e huzen ta en seagen in man fan yn 'e sechstich, dy't mei ynmoed in hage oan it behoffenjen wie.
‘Nim ús net kwea ôf,’ sei Black, ‘mar hoefier sitte wy hjir fan Vietnam?’ De man sech ferheard op, skodholle en sette doe syn elektryske hageskjirre út it wurk.
‘Wat sei?’
‘Hy bedoelt,’ sei Decker, ‘wêr sitte wy hjir.’
‘Dit?’ sei de man, wylst er om him hinne seach. ‘O, dit hjir is Piaam.’
‘Phy Am!’ rôp Black optein. ‘Dat wie it, Decker! Ja, no wit ik it wer.’
‘Vietnam?’ ynformearre Decker foar alle wissichheid.
‘Piaam!’ raasde de hageknipper en kontrolearre, oft er de elektryske skjirre yndie útdien hie. ‘Net Vietnam! Pi-aam!’
‘Phy Am!’ herhelle Black mei klam.
‘Ja, Pi-aam,’ baude de knipper nei. ‘Teminsten, juster hiet it hjir noch sa.’
‘Hoe fier sitte wy hjir fan Vietnam?’ weage Decker te freegjen.
‘No, my tinkt, dan binne de hearen in moai ein út 'e rjochting,’ lake de knipper. ‘Mar dit is seker in stunt, net? Wêr lizze jim mei it fotospul? Ja, kom der no mar earlik foar út. Bananesplit? Bin ik no op 'e tillefyzje?’
‘Kom,’ sei Decker, ‘wy moatte hjirwei.’
(1981)
|
|