datoangeande har útwurking net mist, mar foar publikaasje wiene se doe noch te nij, te gjalperich en te fragmintarysk.
De koele hân fan 'e stylearring rekke der letter oer gear. Foar de frage pleatst, hokker perspektyf at ik foar kar nimme soe, ik-, do- of hy/syperspektyf, foel de hy/sy-foarm foar my fuortendalik al ôf. Ik haw Henk ek yn in brief skreaun wêrom: De hy/sy-foarm hat (...) as grut beswier, dat er tefolle de suggestje jout fan in poëtysk kommintaar by it byld, it praatsje-by-in-plaatsje-idee: en no sjogge we dit en no sjogge we dat. En wat my dan al foar eagen stie, net in beskriuwen fan it skilderij. Dat wie my te maklik en soe ek net de spanning opleverje dy't ik graach kréearje woe tusken wurd en byld. Oars sein: In poëtysk duplikaat fan it byld wie my te min. It fers moat mear sizze as it skilderij, en oarsom.
De ynwindige striid tusken ik- en do-foarm, dy't ik hie ûnder it (opnij) skriuwen fan 'e fersen 2 o/m 6, is, earlik sein, in bytsje ûnderwiske wurden troch it earste fers, dat oars net as yn 'e ik-foarm skreaun en lêzen wurde kin. Ut in each fan konsewinsje en kontinuearring wei, haw ik by de oare fersen lang om let ek keazen foar de ik-foarm, hoewol't in doperspektyf hjir ek tige gaadlik west hie. It is in foarm dy't kwa effekt tusken de ik- en de hy-foarm yn stiet. Oan 'e iene kant wurde sa de mimerachtige tinzen fan it personaazje beskreaun, oan 'e oare kant is der ek romte foar it kommintaar fan 'e skriuwer. De tekst kin op twa manieren lêzen wurde: fan binnenút, fan bûtenôf.
Nel't ik Henk de fersen tastjoerd hie ta beoardieling, krige ik in brief fan him, dêr't bliken út die dat wy inoar fûn hiene, sa't dat sa moai hyt. Oer it perspektyf wiene wy lykwols noch net alhiel útpraat: Soms kin ik my fan it byld út identifisearje mei de ik-figuer fan dyn gedichten, dat wol sizze, dat ik my foarstelle kin, dat de skildere figuer de lêzer oansprekt, de lêzer wat fertelt! By oare gedichten haw ik der mear muoite mei, en dan fiel ik, dat der in tredde persoan tusken byld en wurd yn komt te stean. Wat is hjirby dyn útgongspunt? Of moat it beide kinne? Ik soe my foarstelle kinne, dat de persoanen dy't ik skildere haw, net altyd sels by steat binne om in analize te jaan fan har eigen situaasje... Hoewol't ik my perfoarst net oanfallen fielde, haw ik dêr, wat dy lêste opmerking oanbelanget, sa op réagearre: Dat de persoanen net altyd by steat wêze sille om in analize te jaan fan har sitewaasje, is grif wier. (...) Dochs is dit, nei myn betinken net rillefant, om't gjin mins dizze teksten lêze sil as persoanlik skreaun troch de skildere persoan. De dichter syn namme stiet der ommers boppe en elk beskôget dy ik-foarm as in literêre foarm. It treflikste foarbyld fan sa'n literêre ik-foarm fyn ik noch altyd it ferhaal ut skrikleke ónrjócht fan Tr. Riemersma. Dêryn set de ik-figuer op fersyk fan har psychiater, har libbensferhaal op papier yn in ûnneifolgbere styl en, as wie dat noch net genôch, yn Trinus syn eigen stavering!