Trotwaer. Jaargang 15(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 13] [p. 13] [Eppie Dam (vervolg)] 6 maklik sein: de kop derby, wylst hier en tosken my ûntfallen binne, wangbonk', kin & kakemint, allinkenoan in streekje fierder út 'e foegen rekke, har ûntwrame oan har anatomysk makkelei noch mear is by my wei: gjin kont mear om te sitten, reitsje ik de bining bjuster mei beklaaisel, treed & lining - sweevje 'k no? sa al, wêrhinne, en: allinne? roeikjend om it lêste lykwicht, taast ik yn it ûngewisse as in bline Vorige Volgende