Dat, komma, dat is ús Fryske flagge, útropteken, twaris, dat, komma, dat is ús Fryske flagge, útropteken, dan omheech, komma, dan omleech, komma, ek noch op en del mei wyn en weagen, komma, dan wer omheech en omleech mei al dy komma's dy't har om 'e teannen rinne, boppedat wiuwend kliuwe, komma, of kliuwend wiuwe, komma, steech en dreech, sûnder komma, sisa, punt, Billebout kwakt de tendum fansiden en ploft neist Bahama Bêzje.
De hingelmattefroulju sette de swannehals mei it krêmige antlit rjochtoerein op it langute langoereuze lichem, de luchtbêdmanlju flappe it liif in healslach om en gnuve oer oardel bierbûk, jongkeardels litte har krosmotors en reesweinen yn in knoop waaie, en fammen loere feninich troch de kykgatten fan har romankastieltsjes.
Bahama Bêzje beakert har yn de sinne, de eilantsjes fan har mei fochtich skier sân bepoeiere boarsten dúnje op in hânwaarme brûnzen see en Billebout, ljochter mar dekadinter fan hûd, speaket har de sjongsume lea; in kobbel glierket út de lijte efter in earskulp wei by oankrúnjend strân op troch de dúngloppe tusken twa blinkers oer sêft lân nei it strypke mei de waskfoarskriften en sljurket dêr har slipke yn, deun nêst it begjin fan in smelle wite streek dy't oan de sneed fan in blinetermoperaasje liket, maar de groede fan in japs is, dy't har mei in heafoarke tabrocht waard troch postgiroman T.G.L. te L., dat wol sizze Th.G. Lucassen, Stasionsstrjitte 33, 8913 HA Lowâld, dy't dêrfoar in jier terbeskikkingstelling fan it regear krigen hat, wêrfan tolve moannen op betingst.
Harkje, net dwelmje of ôfdwelmje no, harkje!
Want koar en orkest helje machtich, grutmachtich, mear as grutmachtich, oermachtich, alderoermachtichst it oarde koeplet fan it Flaggeliet op. Sopranen lylje liljend, de hûch slacht har yn 'e kalkoenske kiel as in lammesturtsje, alten heve de bûterberch fan har foarkommen en parse jubeljend in string klankjuwielen út it mulruft wei, tenoaren sette har tsjalskonkich te skrep, de hannen foar it balgeliif gearnaam en toetsje it sunige mûltsje troch it hoepeltsje fan de o, bassen lûke it kin yn, lizze de holle bryk en sjogge skean by de noas lâns nei de fuotten fan buorman, noch leger holderjend as de bûkdelling fan in Wolga-skipper, klanken hippelje troch slakkehuzen fan tuba's, tepdûnsje op de heechspanningskabels fan kontrabassen, govertsje oer de ierdskoddings fan pauken, útskroevenheid draaft de wurden efternei, de hiele mar rûsdoddet, rydwjirmet, rabbelskûtet, reidsjongt, rinkelroait, rosbeiert, as middenyn it spektakel in sweevjend hynsteblomplúske har njummel spoar fan stillens lûkt en delstrykt op it stútsje fan Bahama Bêzje.
(wurdt fuortset)