| goed te brûken is foar it skriuwen fan literatuer, dat de ‘fantasij’ en de histoarje ek genôch stoffe leverje kinne, dat dêrta gaadlik is en dat wat my oanbelanget Jo rûnom wei sitearje of taspilingen meitsje op it wurk fan alle mooglike skriuw(st)ers om Jo eigen boek te skriuwen; |
- | dat nettsjinsteande de wiidweidigens fan Jo réaksje (dy't neffens my in soad hat fan in ôfliedingsmanoevre) Jo de oerienkomsten tusken De Dei is Jong en The Unicorn, sa't ik dy yn myn artikel oantoand ha, net ûntstride en dat ik dêrom De Dei is Jong amper as in boek fan Jo beskôgje kin; |
- | en dat de adfyskommisje foar de Gysbert Japiks-priis 1979 dy't yn har ferslach skriuwt dat hja ‘wiidweidich de mooglikheid besjoen hat om de nije fryske bibeloersetting fan in kollektyf ûnder lieding fan ds. B. Smilde foar de priis yn 'e beneaming komme te litten’, mar dat û.o. net docht om 't dy nije bibeloersetting net sa sear in ‘eigen literaire kréaasje’ is wannear't it bygelyks om ‘it fryske lieteboek foar de tsjerken gien hie,’ dat dy kommisje dus, sûnder mis gjin weet hân hat fan 'e episoaden yn The Unicorn dy't útholle werom te finen binne yn De Dei is Jong en dat De Dei is Jong dus ek net sa sear in ‘eigen literaire kréaasje’ is as hja faaks wol tocht. |
Mei freonlike groetenisse,
Jelle Krol