| |
| |
| |
Ypk fan der Fear
Wêr haw ik it wei?
Dat hat in hiele útsikerij west foar Jelle Krol!
Foar de Trotwaerredaksje, dy't de pagina's goed betellet, wurdt in ‘ûnmooglik boek’ op sa'n manier in djoere saak.
By in opset as dizze hie ik ferwachtsje mocht, dat Krol earst kontakt mei my opnommen hie, mar ja, flieën fange by in oar skynt moai wurk te wêzen. De redaksje hat it hoasker oanpakt mei my de gelegenheid te jaan fuort kommentaar te leverjen.
By de lêzing fan Krol syn ‘stúdzje’ waard ik yn earsten lilk, mar dy kaam ek by my yn in minne perioade fan sykte. Letter tocht ik: ‘Lit gewurde en gean mar gau wer fierder mei oar wurk, want dat hat altyd myn prinsipe west by minne en goede resinsjes. Mar mei't de redaksje sa aardich wie my om myn sykte in pear moannen útstel te gunnen, woe ik har net teloarstelle. Boppedat hie ik yn earste opstiging harren al in reäksje tasein.
Earst wol ik fertelle wat de opset fan myn boek west hat. Ik prate destiids gauris mei jonge froulju, dy't problematysk yn it libben stiene, slimme dingen ferwurkje moasten, fan wurk feroaren, de stúdzje fan need wer opkrigen, ensafuorthinne. Ta bemoediging en om har wer wat útsicht op de takomst te jaan, skreau ik ‘De dei is jong!’ De titel alinnich al wiist op ferbettering, barsten yn it bestean. Faak ek diggels derfan sille har wol bybliuwe. En dêr is Tea, dy't tsjin it libben, it bestean raast en skreaut, de ferpersoanliking fan, mar hy tsjinnet ek ta genêzing. Fansels haw ik de ‘Unicorn’ wol lêzen, mar al ier nei de ferskining derfan. Ik wie doe by myn neef Inne de Jong en har útfanhûs yn Amsterdam. Hy liet my it boek sjen en sei: ‘Dit is krekt wat foar dy!’
Hy hie gelyk, it hat grutte yndruk op my makke, mar it is myn favorite Murdoch net wurden. Dy is fan folle letter datum: ‘The sea, the sea’, in roman, dy't de leafde ta ûnderwerp hat. Der steane noch al wat Mur- | |
| |
dochs yn myn kast, dy't ik noch altyd lêze moat en dêrt ik mar net ta komme kin. Ik hâld mear fan Virginia Woolf. Fan dizze Ingelske skriuwster haw ik alles oantúgd en lêzen: har romans, diary, brieven, resinsjes, beskriuwingen fan har libben. Al dy boeken, tsjok en tin, steane by my yn 'e kast.
Ik wit net wa't Jelle Krol is, by (summiere) ynformaasje koe ik it net gewaar wurde, mar ik haw op him tsjin, dat er wakker suggerearret en net rjochtút beskuldiget. Ek haw ik op him tsjin, dat er him efter oaren ferskûlet. Earst al wurdt er troch in freon op it spoar fan mûglik plagiaat brocht, en dat mei hinnebruie fansels, mar syn oardiel oer ‘De dei is jong’ nimt er oer fan in resinsje fan Durk van der Ploeg. Ik haw dy resinsje net lêzen, ik wie, doe't dy ferskynde, (bûten de redaksje om) warskôge en woe myn sinnen net bedjerre litte. Ik hie al sokke goede beoardielingen yn blêden en tydskriften krigen fan resinsinten fan namme! Boppedat ha lêzers my mûnling en skriftlik te witten dien, dat hja tige wiis mei it boek wiene. Sels ferline wike krige ik noch in brief deroer fan safolle kantsjes. Net ien fan myn boeken wie lykas dit yn twa jier útferkocht.
Wat de resinsjes van Van der Ploeg oanbelanget, ik lês net ien mear, se binne my te soer, te wrantelich en te yn 'e grûntraperich. As hy it hat oer myn taal en styl, wat ik út Jelle Krol syn stik ôfliede moat, dan set ik der dit foaroer en dat moat Krol ek mar goed yn him omgean litte: ‘Wa't sels taalbrij skriuwt, kin mar fan myn taalgebrûk ôfbliuwe!’
Wêr haw ik it wei? Geart Jonkman hat ris tsjin my sein: ‘Ik lês gjin romans, om't ik bang bin der eat fan werom te finen yn myn eigen wurk.’ Dêr sit gâns yn, tinkt my, om't it bekend is, dat skriuwers wolris sûnder erch mei itselde foar it ljocht komme, dichters ek wol trouwens. Ik tink yn dit ferbân oan in fers fan Salverda en oan wurden troch him brûkt, dy't dúdlik by Gysbert Japicx werom te finen binne. Men kin Salverda perfoarst gjin originaliteit ûntsizze.
Sa fier as Jonkman gyng, mar hy hat grif net konsekwint west, gean ik net, want dan mis ik te folle. Ik lés wat my boeit en dan mei derfan komme, wat wol.
Okkerdeis hie ik in petear mei immen oer in ferhaal fan my, dat yn ‘Eros yn 'e stikels’ stiet: ‘De ferlossing’. Hy sei, dat der krekt sa'n episoade (de lykstaasje) yn ‘Julia’ fan Rhijnvis Feith stie. Yn myn middelbere skoalletiid haw ik dat yn alle gefallen lêzen. Ik wit dat noch, om't wy as jonge fammen wille hiene om Julia, dy't samar op kommando flaufalle koe. Lykwols haw ik it ferhaal fan de lykstaasje yn ‘De ferlossing’ sels belibbe, doe't ik ris yn de Krümhörne yn East-Fryslân op dragers mei in lykfet wachtsje moast. Mei wille haw ik, fan wat ik seach, gebrûk makke foar myn ferhaal. Sa net, ik haw foar de oerienkomst tusken de ‘Unicorn’ en ‘De dei is jong’ better ferklearring.
| |
| |
Al sûnt jierren útfanhúzje ik ien of twaris jiers by't simmer of by't winter by freonen yn Súd-Ingelân. Hja binne oriëntearre op in lyts stedsje, mar wenje sels yn it binnelân, yn de rimboe soe ik ek sizze kirine. Dêr stiet har mânsk hûs fan trije ferdjippingen, in slot gelyk. Op de boppeste húsmanje ik, al bin ik ek faak ûnder by har, hja neame dat de flat. Dêr haw ik eigen keuken, brûskeamer mei bad, sliep- en wenkeamer.
As ik ris in dei nei Londen west haw, stap ik út op it einstasjon fan it stedsje. Foar dat stasjon stean ik, of sit ik op in bankje te wachtsjen oant myn freonen mei har auto komme om my op te heljen. Oaren wurde mei in jeep of in buske, ek wol op in hynder nei hûs ta brocht. Hynsteride docht men yn dy streek in heap, ik mei dat graach lije.
Op in kear, doe't ik wat let út Londen wei nei hûs soe, wie it op it stasjon sa drok mei reizigers, dat it gewoane patroan fan oanslutingen op fêste perrons alhiel yn disoarder rekke wie. It wie nei seizen en dan moast men bygelyks, kommende fan Charing Cross station, op it stasjon London Bridge oerstappe. Men moat dan oer in treppen in hege brêge beklimme, dêr't wol in trettjin perrons oan beide kanten op útkomme. Myn trein nei hûs stie altyd op in fêst nûmer, mar doe net. Hieltyd waarden der foar de reizigers wer oare nûmers omroppen, dat ik wie der glêd mei oan. Dêrom frege ik in jongeman yn kakikleurige klean om ynformaasje. Hy koe my net út 'e dream helpe, mar moast wol nei itselde doel as ik. Mei't hy in Ingelskman wie, fertroude ik my oan him ta; hy wie in noflike prater, dy't de tiid moai ynkoarte en my en himsels op it lêst yn de goede trein loadste.
Wel, dy jongeman (yn de koupee trof er in jongere freon) waard myn Jetse-figuer, de freon tink Freark, al haw ik dêr myn twivels oer. Lyk ik al sei, as op it einstasjon it ferfier der einlings is, giet it de rimboe yn, earst noch oer kreaze wegen, mar yn it lêstoan oer wegen, dêr't neat oan dien wurdt, om't de bewenners ,as eigeners, dy sels opknappe moatte. Dat dogge hja mei sin net, om't it har jild kostet, mar mear om besikers ôf te skrikken en oare wegen kieze te litten, want hja binne tige op harsels. In oprydleane mei grind is it lêste, út bosschages wei sjocht men it slot hommels foar jin lizzen. Goed heech, want de kontrei is heuveleftich. Ik soe foar itselde sizze kinne, dat it hûs op in terp leit. Op it grutte hiem lizze wol trije ‘lawns’, ien ûnderoan, ien yn it midden fan de hill-terp en ien heger op 'e hichte fan healwei it hûs. Ik bin fan de sitewearring fan dit hûs en wat der omhinne leit útgien foar myn boek. Net krekt fansels, dêr kin in skriuwster mei fantasij net oan foldwaan. It hûs wie my bygelyks te heech foar it ferhaal, dat it haw it twa ferdjippingen jûn, mar om't ik by neier ynsjoch wol trije bruke moast, haw ik der in souterrain by makke. It hûs fan myn freonen hat gjin toer, dy haw ik mar fan de ‘Skierstins’ yn Feanwâlden oernommen. Hy hat deselde yndieling: trije keamers op elkoar, ek in draaitreppen. It opstoppe hart, dêr't Djoeke net
| |
| |
oer koe, komt út ‘Klein Jachtlust’ yn it Oranjewâld. Dêr stie it yn de keamer fan Rely Jorritsma, dêr't it my nitige, om't it sa grut wie. Rely syn stal ferjit ik net wer, sa't er dêr foar my oer oan de tafel siet yn in maklike stoel. Syn lang griis hier, wy wiene dat doe noch net wend fan manlju, hie er yn in oantal tinne frissels by de holle del hingjen. It frisseljen moasten de susters alle moarnen foar him dwaan.
As Djoeke út it finster fan har toerskeamer op in soarte fan kleastertún útsjocht, in tún mei krûden, kin dat út ‘Voghelsanghstate’ yn Feankleaster weikomme, dêr't Feije van Heemstra my de âlde kleastertún ris sjen litten hat en wurk hie om my oer muorkes en planken hinne te helpen. Ik wie doe dwaande in katalogus oer state en museum dêr op te setten.
Yn myn flat hawwe myn freondinne en ik gâns ôfpraat oer de problemen fan it libben. Hja prate út har oertsjûging wei en ik út mines. Hja hat in jonkje ferlern en socht treast by it spiritisme, in medium wie in kontakt tusken har en har ferstoarne bern. It is fan tinken te hawwen, dat ik hjir net op 'e finesses yngean wol, mar wy stiene rjocht foar elkoar oer mei elk syn eigen wrâldskôging, ik mei myn Kristlik leauwe en hja mei har Spiritisme. Ik ha wol mei har nei it hûs fan de spiritisten west, dat yn it hertsje fan Londen stiet. Ik waard der allinne talitten, as ik in dei lid waard en dat die ik, al wie it inkeld út nijsgjirrigens. Myn freondinne har medium, dy't dêr sitting hâlde, hat my wol ymponearre, om't er dingen oer mysels fertelde, dy't frappant útkamen. Hy wie in Croiset gelyk.
Der wenne yn it hûs fan myn freonen ek in frommeske, dat de húshâlding waarnaam. Hja wie in lytse, leave yntrigante. Elze? Ik wit it suver net, mar it soe bêst kinne. Myn freondinne is Apollonia, dat mist my net. Tea moest by har wêze om reden, dy't ik al neamd haw en fansels om de klam te lizzen op it spoekeflige en jizzelige fan it ferhaal. It eigen partikuliere tsjerkhôf fan it hûs hat dy funksje ek, partikuliere hôven kenne wy yn Fryslân wol.
Wêr haw ik Apollonia en har famylje wei? Net fan Murdoch. Wol út in argyfferhaal, dat op Skiermûntseach spilet, in ferhaal fan in skipbrek, dy't mei opsetsin troch de eilanners yn sêne set waard. Hiel wat jûnen haw ik op dat ferhaal omstavere en der skriften fol oantekens fan makke. It doel wie om der in roman oer te skriuwen, mar it boeide my te min as gehiel en yn ‘De dei is jong’ kaam it moai fan pas. De namme Apollonia komt ek fan it eilân. Sels it skildere portret komt fan it eilân. De skilder Martin van Waning hat dêr ris ien fan mysels makke. Doe haw ik yn syn atelier, dat wat efterôf stie, foar him posearre. Dat atelier wie in eilân gelyk en foar him in wolkom hinnekommen as er der út wêze woe. De see spilet hjir wol in wisse rol.
Myn Ingelske freonen wenje sa ticht net by de see as hja út 'e roman. De see haw ik derby tocht, de pingo ek, want pingo's ha my (yn de Wâlden) altyd yntrigearre en fascinearre.
| |
| |
De skriuwtiid fan ‘De dei is jong’ foei yn de opkomst fan it Jezusfolkje. Oars, it hie om my ek it Leger des Heils wêze kinnen, mar it folkje kaam op in jûn op 'e t.v. en doe haw ik de dingen, dy't my fan har opfoelen, opskreaun om dy yn myn boek te brûken.
Myn freondinne en ik hiene ek nocht oan ûnnocht. Dan wiene wy oan it fantasearjen oer hoe't harren hûs en de hiele omjouwing in útsocht objekt foar in roman wêze soe, en hoe't wy har man, dy't in skat is, mar altemets in irritaasje, yn goed selskip fan myn man ris in skoftke útfanhûs krije koene.
Sa soe ik noch wol in skoft trochgean kinne. Noch ien ding: beïerdiging, dy't op in apocalyps liket, haw ik fan in ferhaal fan Geart Jonkman oer in begraffenis, dy't hy meimakke hie, fjoer oan 'e loft, sketterjende trompetten by it grêf. Benearjend!
Jelle Krol mei syn boutade oer de Gysbert Japicx-priis, skynt min ynformearre te wêzen. Mei dy priis oan my ta te tinken, soe er oan wearde ynboete ha. Mar, bêste Jelle Krol, dy priis haw ik net foar dit ‘ûnmûglik boek’ krigen, mar foar myn hiele oeuvre mei ‘De breugeman komt’ en ‘Eilân fan de silligen’ as útrinders. Sa hat de jury, dy't goed kompetent wie, unanym besletten.
In swier pak fan Krol syn hert?
Unwilkeurich moast ik by it lêzen fan Krol syn artikel weromtinke oan it symposium, dat nei oanliding fan ‘De breugeman komt’ destiids yn Ljouwert hâlden is. Ien fan de sprekkers berôp him op syn buorman, dy't fan it boek sein hie, dat it eins in relaas wie en net in roman. Sels hie er it net lêzen, mar hy gyng op syn deskundige buorman ôf. No koe ik dy buorman goed en hy hie my komplimentearre mei myn nije ‘roman’!
Doe tocht ik wat is in symposium wurdich, as der sokke minsken oan meidogge. Dat, doe't ik oan 'e ein fan 'e gearkomste it wurd krige ta kommentaar, haw ik my der ôfmakke mei te sizzen, dat ik al lang wermei in nij boek oan 'e gong wie en dit wie 'k suver al wer fergetten. Itselde kommentaar hie ik op Krol syn suggestje as reaksje jaan kinnen, mar mei't de redaksje lyk ik al sein haw, my sa mei tiid en omtinken yn 'e mjitte kommen is, haw ik dêr fan ôfsjoen.
Wêr haw ik it wei? Rûnom wei. It libben is skatryk oan materiaal en foar de rest is de fantasij goed. Wat eventueel by oare skriuwers wei komt, kin wol útpluze wurde, mar wêr ha dy oare skriuwers it dan wei?
|
|