Trotwaer. Jaargang 14
(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 285]
| |||||||||||||||||||||||||||
Jelle krol
|
Marian, de selskipsdame fan Hannah Crean-Smith, de frou fan Gaze; | Djoeke, de selskipsdame fan Apollonia, de frou fan Séhiem; |
Peter, de man fan Hannah dy't fuort is; | de kapitein, de man fan Apollonia dy't fuort is; |
Gerald Scottow, dy't no sa'n bytsje it behear oer Gaze hat; | Jetze, dy't no sa'n bytsje it behear oer Séhiem hat; |
Violet Evercreech, de frou dy't ek har wurk hat op Gaze en nei besibbe is oan Jamesie, de freon en meiwurker fan Gerald; | Elze, de frou dy't ek har wurk hat op Séhiem en mem is fan Freark, de freon en meiwurker fan Jetse; |
Denis Nolan, de man dy't it wurk om Gaze hinne meast berêdt; | Denis hat gjin tsjinhinger yn De Dei is Jong |
Alice, in frou fan Riders, it hûs net fier fan Gaze; Effingham Cooper in freon fan Alice. | Helene, in frou fan 'e Sépleats, in hûs net fier fan Séhiem; Effingham Cooper hat gjin tsjinhinger yn De Dei is Jong. |
Fan beide boeken soe men sizze kinne dat se hearre ta it genre fan ‘modern gothic novel’. Lykas yn 'e achttjinde-ieuske ‘gothic novel’ binne yn 'e ‘gothic’ romans fan tsjintwurdich ferwizingen nei de midsieuwen, mystyk, mystearje en kjelmeitsjende eleminten fan grut belang. Wie it sa dat yn 'e âldere ‘gothic novel’ dy saken op harsels al it ferhaal útmakken, yn 'e hjoeddeiske ‘gothic novel’ is it fakentiids sa dat dy eleminten it ramt foarmje foar karakterstúdzje en it ferklearjen fan geastlike prosessen. Yn beide boeken binne de ‘gothic’ eleminten ryklik oanwêzich: de kastieleftige huzen dêr't alles him ôfspilet, fier fan 'e bewenne wrâld, spoekjen, byleauwe en slimme tafallichheden dêr't men kjel fan wurdt. Yn in wat ‘unheimliche’ sfear tekenje Iris Murdoch en Ypk fan der Fear resp. Hannah Crean-Smith en Apollonia, figueren dy't jin oan midsieuske slotfroulju tinken dogge en dy't de lêzer yn beide boeken benammen troch de eagen fan de selskipdames, resp. Marian Taylor en Djoeke te sjen kriget.
Beide boeken sette útein mei in tafriel op it stasjon.
Marian, resp. Djoeke, beide noch jonge froulju, sitte te wachtsjen op in lyts provinsiaal stasjon. Se hawwe skreaun op in advertinsje om selskipsdame te wurden fan in frou dy't wennet yn in hûs dat net fier fan 'e see ôfleit resp. Gaze en Séhiem. Geoffrey resp. Herman, de feinten fan Marian en Djoeke, dy't har de lêste tiid sa't it liket net safolle mear dogge, hawwe se ferlitten en har gean nei Gaze/Séhiem hat in soad fan in romantyske flecht.
De begjinscenes fan De Dei is JongGa naar eind1 (yn sitaten oantsjut mei Dei) en The UnicornGa naar eind2 (U) binne hast identyk:
‘How far away is it?’ | Se stie forlegen by de útgong fan it lytse stasjon, se soe ophelle wurde, mar der wie net ien. Doe't de oare reizigers, trije mar, fuort |
‘Fifteen miles’. | |
‘Is there a bus?’ | |
‘There is not.’ | |
(U 7) |
wiene, gyng se nei de chef ta om to freegjen, oft der ek in bus dy kant útried. It soe wol goed komme, treastte er, dat folk dêr wie wol faker let, mar in bus, né! (Dei 5) |
Yn De Dei is Jong wurdt Djoeke troch de stasjonchef oansjoen ‘oft der hwat oan har mankearre’ (Dei 5) en yn The Unicorn sjogge de minsken ‘a little strangely when she told them where she was going,’ (U 7) Ze hadden haar wat bevreemd aangezien toen ze hun verteld had waar ze naar toe ging.’ (E 7)
Lang om let ferskine der dan minsken fan Gaze/Séhiem op it toaniel om Marian/Djoeke ôf te heljen. Yn De Dei is Jong is de lânrover stikken en komme Jetse en Freark mei in hynder en in ponny en weintsje nei it stasjon ta. Yn The Unicorn is de rover noch net stikken en wurdt Marian mei de auto ophelle troch Gerald Scottow en Jamesie Evercreech. Op wei nei Gaze/Séhiem prate resp. Marian en Scottow en Djoeke en Jetse oer it fiskersdoarp dat yn it gefal fan The Unicorn hast net mear bestiet om't it troch in ramp foar in grut part ûnder wetter rekke wie en yn it gefal fan De Dei is Jong hat dêr in floed west yn santjin dêr't sa'n tweintich minsken by omkamen. (Dei 51). Nei oanlieding fan de see, dêr't se yn beide boeken lâns komme, wurdt dan ek noch oer swimmen praat. At se nei de rit by Gaze/Séhiem oankomme, docht bliken dat sawol Gaze as Séhiem grutte lânhûzen binne dy't wol wat fan in kastiel hawwe:
As the car began to descend, Marian made out on the opposite hillside a big grey forbidding house with a crenellated façade and tall thin Windows which glittered now with light from the sea. (U 15) | Mar dêr stiene se noch hommels foar in great stik greide as in Ingelske lawn. Oan de oare kant in hûs as in slot, dat moast it wêze, hwant der wie in toer by, in kastieltsje mei in buorkerij wie it, efter leine de bygebouwen, in great kompleks. |
(Dei 17) |
Sawol yn The Unicorn as De Dei is Jong fiele Marian en Djoeke dan, at se krekt by Gaze/Séhiem binne, eangst yn har opkommen foar it nije en ûnbewende:
Marian was suddenly overcome by an appalling crippling panic... She felt, for the first time in her life, completely isolated and in danger. ( U 15-16) | Doe fielde se wer eangst foar it nije en ûngewoane om't se lykme allinnich yn de frjemdte wie.... (Dei 16-17) |
Yn The Unicorn kriget Marian de frou dy't se selskip hâlde moat net
fuortendalik by har oankomst te sjen. Ek yn De Dei is Jong duorret it in pear dagen ear't Djoeke by Apollonia, de frou fan it hûs, komme kin. Nei't Marian en Djoeke har nije keamer besjoen hawwe, wurde se wer troch Scottow/Jetse nei de grutte keamer ûnder brocht. Dêr is dan de ‘swarte frou’ (Dei 25), de Elze fan De Dei is Jong en de Violet Evercreech fan The Unicorn, mei wa't Marian en Djoeke op in har kjel meitsjende manier yn 'e kunde komme:
‘Binne jim dêr einlings?’ hearde se hommels etter har in stim. |
Se huvere. |
It wie in greate frou hielendal yn it swart klaeid. (Dei 19) |
Op side tweintich yn The Unicorn lêze wy wannear't Marian allinnich wat yn 'e grutte keamer omsneupt en besiket om de doar fan 'e boekekast iepen te meitsjen.
‘It's locked’, said a voice close behind her. Marian jumped violently round. A tall woman had come very near to her.. She wore a dark dress with white lace collar and cuffs. |
Yn The Unicorn wurdt der fan út gien dat der op Gaze ek bern binne dy't Marian fersoargje en opliede moatte sil, mar it docht bliken dat der gjin sbern binne en dat Marian har wurk hielendal op Hannah rjochtsje kin. (U 19)
Yn De Dei is Jong wurdt der krekt oarsom fan út gien dat der op Séhiem gjin bern binne, mar dat is al sa, dêr is Tea, it soantsje fan Apollonia, in mongoaltsje. De earst kears dat Djoeke fan Tea heart, is se al bang dat se foar gouvernante spylje moat. (Dei 25) Letter lykwols fynt se it alhiel net slim om Tea te fersoargjen en sjocht se dat as har ropping en taak. Troch Tea yn te fieren yn De Dei is Jong kin Fan der Fear de isolearring fan Apollonia, de ‘slotfrou,’ maklik ferklearje. Ek yn The Unicorn is de isolearring fan de ‘slotfrou’ in wichtich thema. De redenen dat Hannah Crean Smith finzen sit yn har eigen hûs en har deljaan moat ûnder dy tastân binne mear komplisearre en slimmer te beskriuwen as yn it gefal fan Apollonia. By Hannah rinne de redenen bot útinoar. Oan 'e iene kant wol se boete dwaan foar har ûntrou oan Peter Crean-Smith, har man dy't se in kear hast fermoarde hie; oan 'e oare kant jout it har befrediging de manlju op en by Gaze oan har bûn te hawwen; dat sy ek bûn is liket se earst net witte te wollen, mar wurdt har op 'en doer needlottich at bliken docht hoe bot Gerald Scottow har yn 'e macht hat. Yn De Dei is Jong
binne de redenen foar Apollonia har finzenskip makliker te befetsjen. Syds, de earste soan fan Apollonia en de kapitein, Apollonia har man, wie in dryste jonge en syn heit tige nei. At Syds troch it fallen fan in beam omkomt, sjocht de kapitein gjin reden mear om op Séhiem te bliuwen. Hy lit syn frou mei in skuldgefoel en it mongoaltsje dat er amper as sines beskôget, efter. Benammen Tea -de miswoeksene, in bekende figuer yh Fan der Fear har romans- hâldt Apollonia yn 'e hûs om't se net wol dat Tea fan 'e minsken bespot wurde sil. Mar ek krekt as by Hannah hâlde skuldgefoel en it tsjinstfolk -dêrta hjitten troch har man- har finzen.
De yndrukken dy't Marian en Djoeke by de earste moeting mei resp. Hannah en Apollonia krije, binne wakker gelyk. Beide kearen binne de froulju fan Gaze/Séhiem jonger as Marian en Djoeke tocht hawwe (U 23; Dei 43) en hawwe Hannah en Apollonia wat sikeliks oer har (U 23; Dei 29). De petearen tusken resp. Marian en Hannah en Djoeke en Apollonia geane gauris oer godtsjinst. Yn The Unicorn wurdt dan meast op in frij abstrakt nivo praat. Troch ynfiering fan it Jezusfolkje -in sekte, en dêrom alwer in net ûnbekend elemint út de oare romans fan Fan der Fearhellet Fan der Fear dy petearen nei in wat mear konkrete sitewaasje ta om sa ek wat theologyske en filosofyske saken op it aljemint te bringen, lykwols sûnder al te folle djipgong.
Ek de nuodlike sitewaasje dêr't Djoeke yn telâne komt, sa't dy beskreaun wurdt yn De Dei is Jong, mist djipgong en liket in ôftreksel te wêzen fan in scène út The Unicorn. Yn The Unicorn rint de scene dêr't ik op doel fan de lêste alinea op side 30 oant sa en om ende by de helte fan side 34. Om de scènes yn beide boeken te fergelykjen, soe eins de hiele passaazje út The Unicorn oanhelle wurde moatte, mar om de paralellen oan te jaan, folstean ik mei in sitaat út it lêste part fan it tafriel en lis dat njonken de scene út De Dei is Jong:
In her bathing-costume she approached the steep verge. The pebbles hurt her feet and it was hard to stand upright on the descending avalanche of stones. | By de poel liet se it hynder rinne. It wie wend om to wachtsjen. It wie der glysterich. It wetter like wol flewiel, it wie helder, al koe se de boaijem net sjen. As dit in morenegefal wie, kaam dat wol út. Se tyspele der even mei in tûke yn om. Doe loek se de skuon út. Soe it slim steil nei ûnderen gean? Wylst se mei ien bleate foet boartlik ronfeltsjes yn it wetter makke en har dêrby mei de hân oan in tûke fan in wylgemuozze beethold, skrok se fan in stim efter har: ‘Dat soe 'k |
‘Hey, you!’ | |
She started back and sat down, already exhausted. A man was approaching. She sat upon the beach until the man was near to her, and then got up and threw a towel round her shoulders. The voice from the sea and the stones was so loud that it was difficult to hear |
what he said. He seemed to be a local man. | mar net dwaen!’ Se makke in lytse gisel. |
‘You mustn't go swimming in that sea.’ Almost in tears now, Marian said, exasperated and determined to misunderstand him, ‘Why not? Is this a private beach? I come trom Gaze Castle.’ | Der kaam immen hurd oanrinnen. |
‘You mustn't go swimming here,’ said the man as if he had not heard her. Perhaps he had not. ‘You'll be drowned directly.’ | ‘It spyt my dat ik dy kjel makke ha, en ik woe krekt warskôgje.’ |
‘I won't be,’ said Marian. ‘I can swim very well.’ But she knew with a premonition of deeper fear that she was defeated. | Djoeke beseach it frommeske, dat it sei, len fan de pleats? |
‘Two Germans were drowned last week,’ said the man. ‘Swimming near Blackport they were. We're watching for their bodies yet.’ He spoke with the lilting accent of the region, solemn, incantatory, dignified. He looked at Marian out of ancient alien eyes. He resembled the seal. | ‘Ik seach dy stean en waerd hwat bang, hwant dû bist hjir frjemd, mar ik wit wol hwa'tst bist.’ |
‘All right,’ said Marian shortly. She turned her shoulder to send him away. | ‘Ha se it dy net forteld,’ prottele se, ‘dit is gjin plak om to poatsjebaeijen of to swimmen, mar om to fordrinken. |
‘And don't be hanging about too long either. | Hwa't syn nocht fan it libben hat by ús, krûpt der yn en dat bart noch alris, hwant wy fan de sé-igge binne mar swiermoedich fan aerd. Sokken wurde pas foun, as se wer boppe driuwen komt. Dêr wurdt ek leaver op wachte, hwant om to drêgjen is it to djip.’ |
The tide comes in fast. You don't want to climb the cliff, do you?’ He moved off. | Djoeke seach oer it wetter, as soe der al in lyk boppe komme. |
Marian began to fumble with her clothes. Hot tears blinded her eyes. The sun had got in and a chill was blowing. | ‘Dan mei'k myn foet wol goed waskje’, ornearre se, ‘it liket oars sa klear as wie it leidingwetter.’ |
‘Hello.’ | It fanke hie lang bloun hier, dat har los oer de skouders hong. Se hie in smel gesicht mei greate, blauwe eagen. Se droech in brune cape by in beige broek. |
Marian pressed the towel quickly to her face, pulled up the strap of her bathing-costume and turned again. Another figure had come close to her, this time a woman. | Har fyts lei op in distânsje yn it gers. |
‘Hello,’ said Marian. | ‘Ik wenje dêr,’ wiisde se nei de buorkerij. |
The woman was dressed in honey coloured local tweed and had a sort of tall staff in her hand. It was | (Dei 69-70) |
evident, even before she spoke again, that she belonged to the ‘gentry’. | |
‘Are you Miss Taylor?’ | |
‘Yes.’ | |
‘I'm Alice Lejour.’ She held out her hand. | |
Marian shook it, recalling almost at once that Lejour was the name of the family at Riders. | |
(U 33-34) |
Op dizze wize komt Marian yn 'e kunde mei Alice, de frou dy't wennet op Riders, in hûs net sa fier fan Gaze, fan waans bewenners Marian hope dat se wat mear oer de minsken fan Gaze fertelle soene. Ek Djoeke komt sa yn kontakt mei Helene, in jonge frou dy't op de Sépleats wennet, net sa fier fan Séhiem en ek Djoeke tinkt dat se fan 'e minsken op dy pleats wol wat ‘oer har folkje’ (Dei 69) te witten komme kin.
Dat it nettsjinsteande de ûndúdlikheden foar Djoeke oer de ferhâldingen tusken de minsken ûnderling sa njonkenlytsen yndied ek ‘har folkje’ is, kin men út Djoeke har relaasjes ta de minsken op Séhiem opmeitsje. Datselde kin fan Marian sein wurde at it giet om de minsken op Gaze. Sawol Marian as Djoeke gean koarte ferhâldingen oan mei manlju dy't op Gaze/Séhiem har wurk hawwe. Beide fiele se har oanlutsen troch de eardere freon fan de hear fan it hûs, de wat dominante Scottow/Jetse figuer, troch wa't benammen ek de ‘slotfroulju’ betsjoend lykje te wêzen. Foar Marian/Djoeke ferrinne de kontakten mei Scottow/Jetse net sa glêd. Beide kinne se it mar min ferneare dat Scottow/Jetse froulju sa yn de besnijing hawwe; se binne fan miening dat Scottow/Jetse har macht oer froulju misbrûke. Dêrby komt dat Djoeke Herman, har freon dy't se efterlitten hat, har mar net út 'e holle sette kin, wylst Marian mear foar Denis Nolan begjint te fielen, in sljocht en rjochte, ynbannige man dy't it wurk om Gaze hinne meast berêdt.
Dat Scottow/Jetse de froulju fan Gaze/Séhiem sa yn 'e macht hawwe kinne, komt mei om't de froulju har wol bot ta Scottow/Jetse oanlutsen fiele, mar dat oarsom Scottow/Jetse gefoelsmjittich net sa ôfhinklik fan dy froulju binne. Sawol yn The Unicorn as yn De Dei is Jong is dúdlik de suggesje oanwêzich dat Scottow/Jetse faaks leaver seksuele omgong hawwe mei minsken fan har eigen geslacht. Ek wat Marian/Djoeke har ûntdekking fan de seksuele aard fan Scottow/Jetse oanbelanget, kin wer op paralelle passaazjes yn beide boeken wiisd wurde. Yn The Unicorn wurdt Marian de ferhâlding tusken Scottow en Jamesie dúdlik at se de keamer fan Jamesie ris yngiet. Yn De Dei is Jong wurdt Djoeke de seksuele aard fan Jetse gewaar at se Jetse syn keamer besjocht en
wannear't se fan Freark fernimt dat Jetse ‘freonen en freondinnen by de rûs’ hat en dat Freark dêr sels ien fan is (Dei 134):
The next, the corner room, must surely be Jamesie's. She [Marian] knocked again, softly, and cautiously opened the door...
Marian stood still a moment, finding her breath. She made out an unmade disordered bed and a heap of detective novels on the floor. On a table there were trays and bottles, presumably something to do with photography. There was a curious patterned wallpaper on the walls. Marian moved instinctively to the window and pulled back the curtains. She looked, closer. As the room lightened she could see that what the walls were covered with was photographs, large and small, fitted nearly edge to edge covering three sides of the room. She peered at them curiously. It took her some moments to realize that the photographs represented, every single one of them, Gerald Scottow: Gerald grave, Gerald on foot, Gerald clothed, Gerald unclothed, Gerald in some very strange postures in deed... With shocked amaze-ment and appalled fascination Marian looked at the pictures. (U 130-131) |
‘As er [de keamer] iepen is, wol ik der yn sjen,’ sei se [Djoeke].
Hy hie mear as ien kear yn har roefke west, hwêrom hie se noch nea yn sines sjoen? ‘Hwêrom wolst dat?’ frege Elze. ‘Ut nijsgjirrigens.’ ‘Wolst Freark sines ek biwûnderje?’ ‘Freark wennet der mar heal.’ Jetse hie syn fortrek artistyk ynrjochte mei in heap kleur en mei fjremde erotyske plastiken en skilderijen. ‘Sekskeet’ sei Elze forachtlik, ‘moaije jonkjes!’ It wie wier, gjin bylden fan froulju sasear, mar hwerom sei se dan sekskeet? (Dei 114-115) |
Yn The Unicorn komt nei foaren dat Jamesie -dêr hast it slaafke fan Scottow- tige wiis is mei Marian. Miss Evercreech seit dat tsjin Marian en wol it oanstjoere op in ferhâlding tusken Jamesie en Marian (U 128-129). Yn De Dei is Jong is Freark tige ynnommen mei Djoeke en dêr is it dan fansels Elze dy't besiket om Freark en Djoeke oan inoar te ferbinen (Dei 103, 110).
Wat better Djoeke de minsken op Séhiem kennen leart, wat mear se it idee kriget dat der op Séhiem wat feroarje moat. De gedachte dat Apollonia finzen hoden wurdt yn har eigen hûs troch û.o. har eigen man dy't
it personiel hjitten hat Apollonia op Séhiem te hâlden, makket dat Djoeke Apollonia útbrekke litte wol. Djoeke makket dan plannen om mei Apollonia en Tea Séhiem in setsje te ferlitten at Jetse der net is. Jetse giet wol gauris in skoft fuort en at Apollonia en Tea net lang weibliuwe wolle, kinne se faaks wol werom wêze ear't Jetse der wer is. Apollonia stimt de plannen fan Djoeke mar sa heal en heal mei; se sjocht gâns beswieren. Djoeke set lykwols troch en ropt de help yn fan Helene, de jonge frou fan 'e Sépleats. Wannear't Helene, Apollonia, Tea en Djoeke fuortride sille yn Helene har auto, docht bliken dat Elze it plan oan Jetse ferret hat, want op dat stuit giet Elze foar de auto stean sa dat Helene net fuortride kin en se wachtet de lânrover ôf dy't it hiem opriden komt. Jetse dy't de rover útspringt, skuort even letter de doar fan Helene har auto iepen, seit Djoeke it leksum op, jaget Helene fuort en giet dêrnei mei Tea en de skouwe Apollonia it hûs yn (Dei 125-128)
Itselde ferhaal komt mei wat feroaringen yn 'e nammen wat wiidweidiger foar yn The Unicorn. Dêr wol Marian Hannah ek befrije en se freget ien fan Riders om har mei in auto te helpen om it plan út te fieren. Ek dêr wurde Marian har plannen yn 'e bulten jage en komme Scottow en Jamesie krekt it hiem opriden at Marian en dy yn 'e auto sitte en fuort sille. (U 141-147).
Nei dizze episoades komme Scottow/Jetse by Marian/Djoeke om har te fertellen hoe dom har plannen west hawwe. Se behannelje Marian en Djoeke as lytse bern:
‘Maid Marian, wasn't that a foolish thing to do?’... | ‘Sa âld as bist, in bern!’ |
‘Well there's a good girl.’ | (Dei 130) |
(U 149, 151) |
Sa litte Scottow/Jetse de beide ‘befrijers’ hielendal ferslein efter (sj. ek noch U 152 en Dei 131).
De ‘befrijers’ Djoeke en Effingham Cooper, de man fan Riders dy't Marian holpen hat, wurde op in hast identike wize mei har sels konfrontearre at se op in kear it paad bjuster reitsje.
Effingham Cooper komt yn mersken en driuwlân telâne at er, nei't it mislearre is om Hannah fan Gaze te krijen, beslút om nei Riders ta te rinnen yn pleats fan mei Alice mei te riden. Hy tinkt oan 'e hoarizon in hunebêd te sjen dat er ken, mar it docht bliken dat it in beam is. Hy ferlit de beam, it plak dêr't er feilich wie en giet fierder. It wurdt tsjuster en it lân sompiger. Op it lêst kin er hast gjin foet mear fersette. Hy falt en fielt hoe't it lân him opsûcht. Dan wurdt er foar it earst yn syn libben konfrontearre mei de dea en wurde him dingen dúdlik oer dea, leafde en himsels, dy't er earder noch nea sa klear sjoen hie. Op syn skreau om help
komt lang om let de rop fan Denis Nolan dy't him út 'e driuwsompen rêdt (U 157-170).
De episoade dy't paralel rint mei it aventoer fan Effingham Cooper wurdt yn De Dei is Jong beskreaun yn haadstik njoggentjin. Ek hjir liket de passaazje út De Dei is Jong in ôftreksel te wêzen fan de scene út The Unicorn. Djoeke siket Apollonia -dêroer aanst mear- en rekket it paad bjuster. Troch de dize mient se it stal fan Apollonia op 'e slykflakte te sjen. Se giet der op ôf, mar lykas Effingham Cooper komt se op in bedragen ein út en fynt se net mear as in ‘âlde wibelige stobbe mei in útsteksel’ (Dei 151). It slyk kwitst har yn 'e skuon en se is bang dat se yn it slyk weisakje sil. Dêrom bliuwt se by de stobbe, it plak dêr't se noch feilich is. Ek Djoeke wurdt har dan bewust fan 'e dea en se tinkt dêr dan nei oer God en har libben. At se harsels ynienen ‘help’ roppen heart, heart dat har, krekt as dat it gefal wie by Effingham Cooper healwiis yn 'e earen (Dei 154, U162). Ek op Djoeke har roppen komt einlings in antwurd. Helene heart har, komt de slykflakte op en bringt har thús.
Op Séhiem, yn har roefke, dreamt Djoeke op in kear oer in swarte ruter dy't op 'e einichste dei in frou efternei giet en har taropt: ‘Hjir is it oardiel, dû hast it sels wollen.’ Earst is dy frou yn 'e dream Apollonia, letter is Djoeke sels dy frou (Dei 101-102). De útrop fan 'e swarte ruter soe likegoed Hannah jilde kinne. Beide ‘slotfroulju’ jouwe har willich del ûnder de tastân sa't dy is en dogge gjin writen om dy te feroarjen. Ek de plannen fan Marian/Djoeke om har fan in oare wrâld priuwe te litten wurde net sa bot fan har wurdearre. At der lang om let al wêzentlik dingen feroarje yn 'e libbens fan 'e ‘slotfroulju,’ hâldt dat har úteinlike dea yn.
Yn it gefal fan Hannah bart dat wannear't se har folslein oan Gerald Scottow oerjout en dêrmei tajout dat se mear as allinnich oanbidders nedich hat. At Scottow in twadde kear op 'en nij har ûnderwerping befêstigje wol, wurdt de spanning Hannah te grut en sjit se Gerald dea. De ûnderwerping oan Gerald en dêrnei it geweld dat se tsjin him brûkt, makket dat der in ein komt oan Hannah har âlde libbenspatroan. Se is net langer de froede ‘slotfrou’ omjûn troch oanbidders en hearrigen dy't troch har libben boete docht foar it geweld dat se har man ienris oandien hat. Dit en faaks it berjocht dat har man op kommende weis is, binne faaks de oanliedingen ta har selsmoard; Hannah fersûpt harsels. By Apollonia is de winsk om boete te dwaan en fermoedsoening te sykjen sa grut dat it har it bêste taliket om oerdoopt te wurden. At Apollonia nei't se sels fuortrûn is by in poel fûn wurdt, wurdt dan ek suggerearre dat se harsels dope wollen hie (Dei 162). Fan har Onderdompeling yn 'e poel hâldt Apollonia in sykte oer dy't de oersaak is fan har lettere dea. Op har stjerbêd, dêr't û.o. ek har man en Jetse om hinne steane, wurdt, lykas oan 'e ein fan Hannah har libben, dúdlik dat har wiere leafde de eardere freon fan har man jildt; yn dit gefal dus Jetse.
Op 'e dei fan Apollonia har begraffenis sjocht Djoeke dat de sinne bloedrea ûndergiet: ‘de bosk skynde út 'en readens, as stie er yn 'e brân. Der hong in ûnwaersloft boppe. Se moast oan 'e lêste dei tinke. Elk stjerren wie ek in jongste dei.’ (Dei 196). Ek Hannah wurdt yn ferbân brocht mei de einichste dei. Nei't se Gerald deasketten hat, wurdt der sein: ‘The sphere was scattered now and the open sky looked in. Hannah had brought the day of judgement upon them.’ (U 230). En ek nei Hannah har dea hat de loft in frjemde kleur:
Oan 'e ein fan beide boeken geane Marian en Djoeke wer in folslein nij libben yn 'e mjitte. Djoeke hat der foar keazen om Tea, it geastlik miswoeksen bern fan Apollonia, mei te nimmen en foar him te soargjen. Marian lit Gaze definitief efter har en sil hielendal op 'en nij begjinne moatte. Sawol Djoeke as Marian hawwe in brief fan har eks-freon krigen, dat earst in skoft efterhoden is en dat har earst letter berikt (Dei 202, U 257). Ut dy brieven docht bliken dat se it mar better út 'e holle sette kinne om wer nei harren âlde freonen ta te gean.
Beide boeken hâlde op mei it tafriel dêr't se ek mei úteinsetten: it stasjon en de trein. De minsken dy't út ‘the big well-lighted world’ (U 270) kommen binne, geane dêr nei werom.
Sa kin men dan it ramt fan it ferhaal fan De Dei is Jong en de rêchbonken fan ûnderskate episoades út dat boek meastepart weromfine yn The Unicorn. Yn fergeliking mei The Unicorn binne Tea en it Jezusfolkje nije eleminten yn De Dei is Jong, mar foar Fan der Fear har lêzers hearre se ta de âlde bekende thema's dy't ek yn 'e oare romans fan dizze skriuwster hieltydwer oan 'e oarder komme: miswoeksenens en sektes.
Yn The Unicorn is lykwols noch in soad dat yn De Dei is Jong net weromfûn wurde kin. En dan tink ik net sa sear oan uterlike foarfallen mar mear oan literaire kwaliteiten. De namme fan 'e Fryske skriftekennissie hie faaks jit swider wurde kind at Fan der Fear it besteande materiaal fan The Unicorn omwurke hie ta in roman fan in noch hegere oarder. Dan hie oan 'e rige fan grutte Fryske romans jit in treflike -hoewol net originele- roman tafoege wurde kind. Fansels hie it dan foar Iris Mur-
doch oer hoflik west at de skriuwster oanjûn hie, ek al soe it mar yn in noat wêze, wêr't se har stoffe oan ûntliend hie. Soe de skriuwster dat lêste ûntkomme, it soe faaks noch hinnebruie kinne. Mar nee -en hoe muoit jin dit- it is it him net wurden; De Dei is Jong is oer alle boegen in mindere roman as The Unicorn. Men moat it Durk van der Ploeg meistimme at er yn syn artikel ‘Yn it Forwulf fan 'e Dwaesheit’Ga naar eind4 ta de konklúzje komt dat De Dei is Jong in ûnmooglik boek is. Yn dat artikel lit Van der Ploeg sjen dat it mei de styl nearne nei roait yn De Dei is Jong, dat it boek stiif stiet fan 'e taalflaters, dat de persoanen yn it boek net libje en dat der hieltyd wer foarfallen en sitewaasjes beskreaun wurde dy't net meiïnoar strike. De reden fan dat lêste soe wêze kinne dat Fan der Fear wat yn 'e tiis rekke mei The Unicorn doe't se besocht om har roman dochs noch wat eigens te jaan. Sa stroffelet Van der Ploeg der bygelyks oer dat Fan der Fear yn har roman earst seit dat foar Séhiem in grut stik greide leit as in Ingelske lawn en even fierder skriuwt dat it hûs op in terpke leit, itjinge by Van der Ploeg yn syn foarstellingsfermogen ‘haperingen toweech brocht hat, lykas in dia-projektor dy't kuren kriget.’Ga naar eind5 Hjir hat it eigenskip dat Fan der Fear earst Gaze yn 'e holle hie en letter besocht hat om Séhiem noch wat Frysks mei te jaan.
Men soe noch gâns foarbylden bybringe kinne fan 'e ûnkrektens fan 'e skriuwster fan De Dei is Jong dy't troch Van der Ploeg noch net neamd binne. Mar is it jin de muoite wol wurdich at sels de skriuwster fersommet om wat se opskreaun hat te hifkjen en it bestean doar om dizze sinnen ôfprintsje te litten:
Ek de pear romans dy't der wiene, hiene de sé ta ûnderwerp. Moby Dick bygelyks en guon fan Conrad, de man, dy't altyd oer de sé skreau en sels nea feam hie.’
(Dei 50)?
Men hie fan Ypk fan der Fear, in frou dy't foar har hiele oevre bekroand is mei de heechste priis foar de Fryske literatuer, hawwe wollen dat har boek De Dei is Jong it lêzen wurdich wêze soe. Fan dit ûnoriginele boek kin dat mar amper sein wurde. Soks begruttet jin en net yn it minst om't sa de priis jin minder wurdich taliket; in priis ynsteld ta eare fan ien dy't wol op oarspronklike wize mei de stoffe fan syn foargongers omgean koe.
Oer de ynfloed fan Iris Murdoch op Ypk fan der Fear noch dit:
M.J. de Haan seit yn syn besprek fan De Dei is Jong yn Frysk en Frij fan 7 april 1979 al dat it jin ‘tinke lit oan in skriuwster út ús eigen tiid as Iris Murdoch.’ Faaks hat De Haan The Unicorn fan Murdoch net kend; yn alle gefallen hat er de dúdlike paralellen tusken de beide boeken net sjoen want dêr komt er net op.
En yn Hwer hast it wei? dêr't Tiny Mulder û.o. har petear mei Ypk fan der
Fear yn beskriuwt, komt al nei foaren dat Fan der Fear boeken fan Murdoch lêstGa naar eind6. Dat De Dei is Jong suver lykop rint mei The Unicorn hie yn Hwer hast it wei? noch net oan 'e oarder komme kind, want it beskriuwt it petear mei Fan der Fear hoden yn 1967 of '68, fier foar de útjefte fan De Dei is Jong. Soe yn 'e takomst Tiny Mulder jitris yn petear gean mei Ypk fan der Fear en har freegje wat skriuwers tige fan ynfloed op har west hawwe, faak soe Fan der Fear ek dan wer in steapel boeken fan 'e planken krije mei dêrby ek dan wer boeken fan Murdoch en soe men nei ferrin fan tiid yn it ynterview mei har yn in nije fersy fan Hwer hast it wei? in wiidweidiger antwurd ta de titelfrage lêze kinne.Ga naar eind3