syklussen foarmje, te witten: M.S.-fase 1 (5 fersen), Katharsis notulen (6 fersen) en tritigers (3 fersen). It bondeltsje set útein mei 6 ‘losse’ fersen en slút of mei in fers, dat in fariant is op it twadde fan dy 6.
simmer |
simmer? |
stean ik oan it rút |
stean ik oan it rút |
koarnfjilden oeral wiuwend |
koarnfjilden oeral wiuwend |
en dêr: it jongfolk |
en dêr: it jongfolk |
fol wille werom fan in hite dei! |
fol wille werom fan in hite dei! |
|
tink ik oan |
tink ik oan |
doe't ik jong wie |
doe't ik jong wie |
doe't ik lake |
ik laitsje my dea |
Hoewol't dizze beide ferskes net dalik priuwkes binne fan treflike Fryske poëzij (oan it rút, koarnfjilden dy't noch altyd klisjeemjittich wiuwe en dan sa'n sûbelsinnich en pikanterich útropteken), fyn ik se ek net alhiel neat-sizzend. Soks jildt trouwens foar in grut part fan Laverman syn fersen. Dêryn barre op poëtysk mêd meastentiids net in soad skokkende dingen, mar dan ynienen binne der in pear fan dy lytse ynjeksjes dy't jin ferrifelje en dochs even nuver yn 't liif omwine. De lêste rigel fan it lêste fers (tagelyk titel en lêste rigel fan 'e bondel) is sa'n ynjeksje. Immens besef fan oer-en-foarby en ynienen folle-fierder-hinne-wêzen (simmer? nee: hjerst, sterker: winter) kriget yn dizze fjouwer wurden in boartliknavrante útwurking dy't syn doel net mist. Hjir wurdt, net swiersettich mar dêrom net minder effektyf, it minskelibben werombrocht ta syn essinsje en dat is syn fergonklikens: laitsje om wat west hat en om wat ienkear komme sil, laitsje oant de dea der op folget.
Tsjin 'e achtergrûn fan 'e syklus M.S.-fase 1 hat de titel fan 'e bondel in noch folle djippere lading. Yn fiif koarte mar hiel direkte en yn har earlikens, oanpakkende fersen wurdt it bestean fan it frommes mei multiple sclerose beskreaun en benammen dat fan 'e minsken dy't har nei binne: harren ûnmacht om ‘fan feilige ôfstân’ mei te libjen en te lijen, de hope en de yllúzje tsjin better witten yn en it ferlegen-wêzen mei tsjinstridige emoasjes. Fral de macht fan it optimisme dy't elk maniakaal en mei alle geweld opropt om him oan fêst te hâlden, ferbynt dizze syklus tige skrinich mei de titel fan 'e bondel.
It is in pree dat Laverman by it beskriuwen fan sa'n yngripend sykteproses en it hâlden-en-kearen dêromhinne, sober en sekuer te wurk gien is sûnder skriemerich en sentiminteel te wêzen, mar ek sûnder it slachtoffer te wurden fan keunstmjittige gefoelleazens en mispleatste relatifearringsdriuw, want dat is dan wer it oare gefaar. It lykwicht is lykwols perfekt. Dêrom fyn ik it ek namste spitiger, dat der dochs in pear steu-