In protestfers fan it suverste wetter, mar ja, dat wie doe. Men kin jin yntinke dat dit pathos, ûnmisber oars by dit genre, de dichter nei in distânsje fan jierren net mear sinnige hat. Mar miskien hat dit weilitten ek noch in oare reden hân. Yn it fers paradearret nammentlik ek dizze rigel:
Heech de hollen, heech it wyt!
Tafallich hat Brouwer my neist jierren ris ferteld dat ien fan syn útskroevene lêzers destiids it lêste wurd yn dy rigel opfette hie as ‘hege halsboard’. En sûnt hie er ek sels dy brike assosiaasje net wer kwytreitsje kinnen; hy mocht it fers foar syn eagen net mear sjen. Sardoanysk laitsjend kin in man as Brouwer, spotfûgel fan profesje, jin sa'n komyske noat oerbringe.
Hoe't it wêze mei, fjirtich fersen yn foech sechstich jier, it wiist net op oerdiedige produktivens noch op spontane ynspiraasje dy't him by de dei lâns oantsjinnet. Men is yn 'e wille om mei J.C. Bloem te freegjen: ‘Is dit genoeg: een stuk of wat gedichten, / Voor de rechtvaardiging van een bestaan?’ It soe yndied mûltergjen wêze as in opus útgong by kwantiteit. Mar it giet derom, wat in dichter mei syn medium de taal dien hat en mei de moogliheden dy't syn lyrysk fermogen him taliet. En dat lêste foaral is net gering: in fyn ear foar taalmuzyk jout dit wurk, benammen it âldere, in sjongsumens mei, dy't men yn hjoeddeiske poëzij komselden mear oantreft. It makket op tige raffinearre wize gebrûk fan de klassike prosoadyske middels as assonânsje en stêfrym sûnder dat it fers ferkomt yn oerlading en ornamintele klingklang, sa't men dy bygelyks oantreft by de epigoanen fan de Hollânske Tachtigers. It sil elke lêzer opfalle, net de ferstechnyk, net it plastyske of skulpturele stiet by dizze dichter foarop, mar de muzikaliteit, in foar alles lyrysk bespyljen fan it taalynstrumint, fergelykber mei it wurk fan in Rilke yn Dútsklân of in Jan Engelman yn Hollân. Dy muzikale ynslach, ynhâldlik ferbûn mei de skearing fan it metafysyske en it symboalyske, meitsje it authentike út fan dizze âldere fersen. Men hoecht mar hymnyske fersen as Peaske en Himelfeart op te slaan of elegyske as Rousang en Dance macabre om te witten hoe't dy beide fasetten ta in unike ienheid gearfloeid binne.
Lykwols, al yn dy Weagen-perioade is ek in oar elemint waar te nimmen. De sjonger yn de dichter stjit op yn in mear ferstanlik flak lizzende inerlike wjerstannen dy't, fiterjend ta kritysk skiftsjen, de artistike spontaneïteit opkeare en op 'en doer om hals bringe. It sit al yn in iroanysk fers as Merk en ek, mear lyrysk weistoppe, dat wol, yn Mariage modern dat no as titel draacht In houlik. Hjir sil de oarsaak lizze dat Brouwers dichterlike produksje stûke en oergong yn jierrenlang swijen.
Tusken 1934 en 1960 like dit talint as yn in switdoek weiburgen te wêzen. Pas dêrnei ûntsteane, moedsum en tige tydlingswei, de fersen dy't