Trotwaer. Jaargang 14(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 276] [p. 276] Sjoerd Palstra Kom, hearen, kom In hânfol B complex forte, imipramine, temesta dyta urese carbamazepine. Labaz en Geygy goed foar koffeine? ‘In skeinde húshâlding’ seit ús dokter. Wol freegje ik my ôf: hie er dit net noch wat kompakter sizze kinnen? en sis tsjin de bern: ‘Jonges, it swilk oer de tafel dochs mar de kearsen oan, fiif earms, wy ite lekker, it is feest mei de gerdinen ticht, dan bliuwt de sinne bûten en is it krekt Krysttiid’. Labaz en Geygy ferljochtsje ús tsjuster, kom, hearen, kom. Vorige Volgende