Trotwaer. Jaargang 14(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 275] [p. 275] Herman Heida Skylge der is safolle tusken eb en floed, no't se hjir njonken my rint en mar wat glimket, om my, de âlde ferhalen, doe't sy noch lang sa fier net wie. hear dan, seit se, de see! en ik sjoch de see wer, de wylde branning dy't har spoaren lûkt, de rimpels yn it sân en har jonge lea: hoe't se foaroerbûcht om in skulp, der is safolle tusken ús. Vorige Volgende