| |
| |
| |
Jan Wybenga
Oan frou Barbara Tombusch Saberius
(snein)
Leave Barbara, foarearst tank foar dyn brief. Sa rjochtút en rejaal wie my yn tiden it mannewaar net opsein. It is goed dat men jins lekken en brekken, ynskepen of oanwend, ris dúdlik beskreaun krijt. Benammen asto it dochst, myn okke, dy't my sa goed ken. Do kinst ommers profitearje fan djipgeande minskekennis, opdien yn in lang en sondich libben. En troch it lêzen fan dyn epistel ha ik der méi prefyt fan hân.
Ik bin o sa bliid, datsto it noch altyd tige hast, ja yn wolstân en oerfloed libbest. Mar ek nei alle goeds datsto oer har skriuwst-dyn âlde freondinne, de dokter, mei'k net lije. Jimme nije húsgenoate, Thekla, liket my dêrtsjinoer in tige oannimlik fanke. It is in pree foar dukke, dat se onder jimme dak en op jimme noed har stúdzje ôfmeitsje kin. Sa sjocht men: der giet neat boppe in oprjochte roazige trijehoek.
It is wier, leave Barbara, watsto skriuwst: spitigernôch jildt foar ús beide dat ‘we are thru with counting the stars above’. Ik uteraard langer as do. Yn de wylde jierren doe't ik dy ‘myn barbaarske muze’ neame mocht, wiest amper tweintich. Doe stie my de swarte moude al hast oan'e earmsholtes ta. It hat my letter faken nij dien datsto, sels yn de jierren fan dyn houliken mei grouwe fertsjinners, safolle tiid oer hiest om oan de keunsten te besteegjen. Dy oeren hast foar de helsdoarren weiskuorre moatten fansels. Dêr wiest dan wol op in fertroud paad, mar dochs: trije kear houliksbannen knotsje en trije kear de knopen wer út inoar tiizje, dat nimt syn tiid, benammen de lêste, as de finânsjes beoardere wurde en in frommisk der wat mear oan oerhâlde moat as in dûbelde namme.
Tûke eks-muze fan my, mei bysonder nocht ha'k yn dyn brief de stikjes lêzen oer it feminisme en benammen dy oer ‘it eksklusyf froulike’. Dêr draachst mei safolle fjoer it grutte begjinsel fan de seksuele apartheid yn út, dat men daliks sjocht datsto neat ferleard hast: dy fragminten bin- | |
| |
ne klearebare literatuer, lyryk yn optima forma. Mar behalven moai, binne se ek wier. Ik bin der no goed wis fan, dat ik misbrûk fan dy makke ha, doedestiids, en dy djip yn dyn suverens oantaast. En mei gjin oar as it falske ferlechje dat it om keunst gean soe.
Mar leau my, Barbara, ik miende doe oprjocht dat literatuer en benammen lyryk wat wezenliks is. It is my no wol dúdlik dat ik doe al gjin oanspraak meitsje mocht op in eigen miening oer literatuer. Ik mocht (en mei) der net oan dwaan of der oer meiprate. Want, sa bin 'k wiiswurden: literatuer is der net foar dreamers, mar foar tinkers. Ommers, yn wêzen is literatuer in konfrontaasje mei de wrâld. Tinkers kinne dat oan, dreamers ha neat om by te setten. En ik wie doe al in slome dreamer en do in skerpen ien.
Sont ha't hektoliters bier troch it kielsgat spield en do hast doazenfol whisky en sherry soldaat makke. Goed mis! Mar in grutter misser wie, dat in dreamer as ik him mei dy as muze yn de literatuer doarst te bejaan. Mar, o Barbara, de wielde fan dyn lea!
Ik lykje dat âlde O.P. wol, mei myn gebear fan o! Ik hie dy dan ek effen foar eagen sa'st doe wiest. En, al sil de dokter minder oan dy ferlern ha, as ik oan de literatuer, it is lange jierren lyn.
It maalt mar yn my om, dat ik my sa fersjen koe op dy ferdomde literatuer en benammen op wat lyryk hjit! It wurdt my hieltiten dúdliker dat de man gelyk hie, dy't - neffens de dichter -essayist J. Bernlef- sei dat dichters lju binne dy't neat te sizzen ha, mar it dochs sizze. En net allinne in glêzewasker (want dat wie dy man syn fak) tinkt sa negatyf oer poëzij, ek lju dy't der op 'e middelskoalle les yn hân ha dogge dat (ferfeelsum, net dúdlik, wat hast deroan!). Neffens Bernlef leit him dat net oan de poëzij of de dichters, mar oan de skoallen, benammen oan de metoade dy't dêr folge wurdt by it lesjaan oer poëzij: de heilleaze close reading.
Mei sa'n close reading-boekje is Bernlef nei de dichter Gerrit Kouwenaar stapt. Konfronteard mei ien fan syn eigen teksten en de close reading-omballingen dy't it skoalboekje dêrby makke, hie Kouwenaar benammen beswier tsjin de opdracht in gedicht yn ‘eigen wurden’ nei te fertellen. Elke analytyske behanneling soe dêr neffens him op útdraaie. Boekjemakkers gean der blykber fan út, dat in gedicht der moaier en begrypliker op wurdt, as de dichter syn wurden troch oare ferfongen wurde. Mar, seit Kouwenaar, dy dichter hat de wurden keazen, dêr't syn gedicht optimaal yn funksionnearret. Syn eigen gedichten seit er, binne op de tsiende millimeter ôf, hierfyn doseard. Hy klaget dat der yn sokke boekjes net op wiisd wurdt, dat in gedicht ‘einmalig’ is, dat it in wurdkompleks oanbiedt, dat allinne yn de foarm dy't de dichter deroan jûn hat, útwurking docht en dwaan kin.
Ik begryp fan neisten by wol wat der mei dy útspraak bedoeld wurdt. Mar ik wit net sa rjocht, wat ik dermei oan moat. Doelt it op de primaire
| |
| |
klankfoarm, dy't in gedicht is, en dy't men sprekkendewei gjin twa kear krekten gelyk realisearje kin, of op in skreaune foarm, fêstlein op tittel en jota? En, nim ik oan, sa'n op de tsiende millimeter ôf dosearre tekst kin net oerset wurde, want dan rekket de hiele boel oeral.
| |
(moandei)
Ik stie fan 'e middei yn it park efter hûs nei in brân te sjen. In grutte reade motorspuit wie derby roppen en de brânwachten joegen in show dy't der net om liichde, mei yn- en útskowende en tagelyk draaiende ljedders, helmen, bilen en gasmaskers. De lôge wie ek yn oarder: prachtich read en heech ta de naai út. Spitich genôch kaam der al gau in fize swarte reek foar yn 't plak. Yn gjin jierren hie'k brân fan tichteby sjoen, dat ik naam de gelegenheid waar, al gau mei sa'n hondert oaren. Der wie ek in man by - professor Sickbock mei it petsje fan Helmut Schmidt oer de hoarnen - dy't my bekind talike. Hy hie in grouwe hûn oan 'e line, mar fan in op 't each guodlik ras, dat ik sette op it pear ta. De man wie wol deeglik Wiisma, de eks fan dyn suster Welmoed. Wy fûsken en in healoerke letter siet ik by him yn 'e hûs en wie Wiisma op 'e tekst oer s +/- ×. Dat is in systeem foar teksttransformaasje. Ik hie der net earder fan heard, mar Wiisma liet sjen wat de bedoeling wie troch op de earste fersen fan Genesis I de formule s + 7 ta te passen. Hy socht wurden út de tekst yn in wurdboek op en keas dan it lemma dat sân plakken fierderop stie. Doe krige er dit:
De earstskaafde boekekas fan Mozes, neamd Genesis.
Haaigat I
1. | Yn it oanbod skoep godloasling de himelhichte en it ierdmantsje. |
2. | It ierdmantsje lykwols wie wyldgat en woekerder en túchguod laai oer 'e djoerkeap en godloaslings gebeart wie sweevjende oer de wetterbos. |
3. | En godloasling sei: Der sij ljochtmoanne. En der waard ljochtmoanne. (erch) |
Sa'st sjochst sit der lyryk yn it ontwijen fan hillige teksten. Foar Wiisma wie dit mar in oanrin. Nei wat lytser spul fertoande er in tour de force. Ut in Hollânske blomlêzing keas er yn 't wylde wei in tekst. Dy sette er foar de fûst wei oer yn it Frysk. Doe krige er twa dobbelstiennen, in readen en in witen ien. Hy preuvele: -De reade is min, de wite plus. × is seis op syn heechst. Doe dobbele er der dit út: s + 1, s - 3, s + 5, s - 6 (ensfh.) Sa kaam er oan dizze tekst:
| |
| |
| |
Middenstring
de nachtegaal treiterjend troch.
Syn slûge stim lit lykmoedich
moedsum holbrekken kantelje.
wurde troch wynpûsten platslein.
Blebberbei berint it wynboerd
floitet oan de hûnebeien.
Fierderwei op 'e riezel lizze
om op de stimbannen te slaan.
Do begrypst wol, ynleave Barbara, dat ik dêr net fuortdaliks wat op sizze koe dat echt rekke wie. Mei in triomfantelik gnyske op syn heane wite bokkepoanem siet dy âlde Wiisma tsjin my oer. De pet hie er yntusken ôfset en twa tûfen gielwyt hier leine him as delklapte hoarnen op 'e holle.
- Begripe jo wol goed wat dit betsjut? kraaide er.
- Ja, sei ik, - Jo ha in tekst fabrisearre, dy't op in echt gedicht liket.
- Dy't in echt gedicht is, sei er, -dêr kinne jo steliich op oan. Sa echt, dat it net mei oare wurden neiferteld wurde kin. It is in tekst dêr't ik de foarsprekkers fan de lyryske mythe mei skaakmat sette kin. Dy grutsprekkers, dy't de pretinsje ha mei bloed en oertsjûging te skriuwen. Mei bloed skriuwe diene wy as bern yn de paadfinerij: it giet mar kwalik. En de stomste ynstjoerde-stikkeskriuwer kin mei oertsjûging skriuwe.
- Mar, sei ik, skruten, - ien dy't echt ferstân fan fersen hat, en sokken binne der dochs legio, sjocht daliks dat jo tekst net in echt gedicht is. It is makwurk, dêr ha sokken in skerpe noas foar. Yn jo tekst sit gjin logysk ferbân: it is in rychje sinleaze útspraken en de folchoarder is alhiel frijbliuwend.
- Mar it eksklusive fan poëzij is no krekt dat it neat mei it logyske en sinfolle te krijen hat. Dy't sinfolle útspraken yn logysk ferbân kwyt wol, moat net gedichten skriuwe, mar ferhannelingen, essee's en fan dat ark!
| |
| |
It sil dy gjin nij dwaan, Barbara, dat it my noch al oanpakte en dat ik goed fan de wize wie, doe't ik sa hommels nei it sjen fan dy moaie brân ta it besef komme moast, dat dy âlde, drege Wiisma geastlik hielendal út it sintrom rekke wie. En dat troch sawat onbenullichs as lyryk. Men kin jin der better net mei bemoeie, lea.
Fan 'e jûn wie ik yn 't sikehûs by in man dy't klasse lei. Dat betsjut lykme allinne yn in grutte keamer op de heechste ferdjipping. Mei in riant útsicht op 'e stêd, dat al. De man lei dêr de manager te spyljen dy't alles fan onpas kaam, mei in soad papieren foar him, op in taffeltsje boppe syn bêd. Hy koe de eagen der hast net úthâlde, dat ik kroaske al gau wer of. Doe't ik him de hân joech, seach er my eefkes ôfwêzich oan. Doe krige ik it gefoel dat it net echt in momint út myn libben wie, mar dat wy meispilen yn in teevee-searje.
Dat idee waard noch fersterke, doe't ik de brede, fan skytskjinnens glimmende gong delrûn nei de lift. Want, op hege skonken, mei tikjende hakken, yn in swierige edelkatoenen jas, it gesicht egaal brún schmynkt, mei efter har oan twa ferpleechsters, dy't it wite edelkatoen krap om de sierlike lea spande, strûsde dyn suster Welmoed de gong del. In goadin mei twa nimfen yn 't gefolch. De sinlike útstrieling fan dy trije wie te snijen.
Aldergeloks wiene der moaie romme nissen yn dy gong en koe ik yn ien derfan glûpe. Dat se seagen my net. En dat sil dus wol de bedoeling fan de regisseur west ha. Yn de nis hong in grutte hoanne by inoar plakt út Libelle-snipperkes. Dy kraaide, trije kear.
| |
(tiisdei)
Myn Berber. Fan 'e moarn wie it wer oer mei de triviale earnst fan de teevee-seary. -Wat is it dochs moai, tocht ik,- om sa oprjocht gek te wêzen as dy âlde Wiisma, en it Frysk te ferrykjen mei echte, matematyske poëzij. En wat in wielde om as Welmoed, moai en grutsk tagelyk, troch in provinsiale klinyk strûze te kinnen en tagelyk geniaal genôch te wêzen om yn in fermidden fan ynternasjonale fakgenoaten in djipdollende foardracht te hâlden oer ‘de foarbarigens as dekadinsjeferskynsel yn Fryslân’! In dreech stik. Kinst 't? It komt hjirop del. ‘Fries’ wurdt meastal ferbûn mei begripen as ‘stûf, dreech, stiifkoppich’ ensfh. By Friezen sels falt it sin mear op it (mystike) ‘ynbannich’, wylst Grinzers it mear op it (reële) ‘efteriik’ hâlde.
Mar Barbara, as ik der oan tink, dat de dichter en taalman D.A.T. alris begûn in jong skriuwer ûngewosken de wierheid te sizzen, doe't dy syn sechje noch mar foar de helt dien hie en dat de klassike Fryske auteur T.R. alfêst in paroady skreau op in boek dêr't er noch gjin kwart fan lêzen hie, dan bin ik it mei Welmoed iens, dat dy syklike foarbarigens in opfallend ferskynsel is. Ik wit trouwens net rjocht, leave Barbara, wat no
| |
| |
wichtiger is, dy foarbarigens of de ‘ferblining’, dêr't de soasioloach J.C. Ruyghauver op wiist yn syn boek oer ‘Massale verblinding als sociaalpolitiek gegeven’, dat yn Leuven útjûn is. Hy stelt yn syn alfte stelling (op side 121): ‘Alhoewol't de Friezen de striid om har saneamde taal en kultuer al jierren lyn ferlern ha, hâlde en drage se harren yn har ferblining oft de útslach noch yn 'e kiif stean soe’. Begrypst no, wêrom Friezen begjinne te blaaien as in fertsjintwurdiger fan de Bataafske besettende macht seit dat men it Frysk better binnendoarren hâlde kin. Gjin befel, mar in riejouwing út goederbêst om de minsken derfoar te bewarjen ‘dat ze belachelijk worden gemaakt’. Sei jimme muoike Makke yndertiid al net: -Wat ha'k al in illinde ûnderfûn troch dat ferrekte Frysk! Wat ik my no ôffreegje is: wêrom moatte Friezen altyd op 'e dyk omfleane mei dat deade Frysk? Wêrom hâlde se it net fatsoenlik binnendoarren? Altyd wer paradeare mei dat lyk yn in bonte akademy-kiste mei âldfryske spreuken. It ferkear hinderje mei in bylkerich deafet, fersierd mei flachjes, skyldsjes, spjeldsjes en brosjes en in dracht imitaasje sulver en goud, alles besteld yn it Frysk by Hollânske firma's yn Ljouwert. En dy trochsetterige sprekkoaren: Min Frysk is brosje, goed Frysk is spjeldsje! ensfh. ensfh.
Ast it my fregest, lok fan myn bêste jierren, Friezen binne yn min Frysk ekshibitionisten, yn goed Frysk rinne se mei in hoanne.
Vale
| |
(woansdei)
Dit briefke is foarearst nei Barbara gien:
Leave Barbara, it muoit my tige, mar krekt op de jûn datsto my sa freonlik noegest, ha'k in redaksjegearkomste fan in net botte florearjend literêr tydskrift. Ik nim oan dat it foar dy, dyn leave freondinne dokter Anna en de treflike Thekla lykwols in plesierige jûn wurde sil.
pea,
|
|