Ik skriuw dy noch
Wie it net de grutte Alexander Graham Bell dy't in 1922, it jier fan syn ferstjerren, yn it paradyslik tún efter syn kapitale villa te Baddeck (Nij-Skotlân), ûnder in tillefoangrize himel en mei de sinne as in Gouden Gids tusken de tûken fan 'e linebeam, it neifolgjende brief skreau? Nee. Mar it brief is der net minder wier en nijsgjirrich om:
Oan de redaksje fan Trotwaer
p/a Goaitsen van der Vliet
Postbus 3589, 7500 DN Enschede
Baddeck, 1922
Bêste Goaitsen,
In minske fynt wat út! En dat is dan fuort it grutte ferskil mei syn Skepper. Nim no bygelyks Mysels & Konsorten. Ja, want dat wie dochs ommers in hiele útfining, net, sa'n tillefoan. Dat wurden, like fûl as wetter troch in túnslang, troch in triedsje fan Sprekker nei Harker brûze kinne om dan de lêstneamde samar kâld op 'e húd te batsen, wa hie dêr ea gedachten op hân? Lykwols, it muoit my wat ik dien ha. Ut it feit dat ik dy no net skilje (asjeblyft net: belje!) mar skriuw, kinsto al opmeitsje dat ik mei ús eigen breinbern neat mear te krijen ha wol. De tillefoan is in agressyf en hurry-hastich kommunikaasjemiddel, dêr't men gâns hurder by tinke en prate moat as dat de harsens mei goed fatsoen neikomme kinne, ek al mei men dan miskyn rekkene wurde ta it primêre laach. En stilte is dalik deadlik. Boppedat jout er foer oan 'e falske ûnderstelling dat der mei him yndie sprake is fan kommunikaasje. Kommunikaasje bestiet ommers net, foar de tillefoan likemin as feestoefees ûnder fjouwer-as-mear eagen. Minsken ferpakke har tinkbylden yn minsklik praat, mar it ear dêr't it op har manier foar ornearre is, fungearret inkeld as klankboerd foar har eigen prakkesaasjes.
Nee, dan it brief. Dat is teminsten earlik. Briefskriuwe is prate tsjin in muorre fan papier. De adressearre persoan efter it rút is, at er al net fiktyf is, yn alle getallen figuratyf. Skriuwe is ek: riddenearje op diktear-