| |
| |
| |
Oene Spoelstra
Castricum, 4 september 1962.
T.,
Dit brief hat neat om 'e hakken, it is allinne in mooglikheid om werris kontakt mei dy te meitsjen. In projeksje of in tiidferdriuw, in ynderlike needsaaklikheid om te skriuwen. Briefskriuwen is foar my in foarm om jins siele bleat te lizzen, neat mear en neat minder.
Sawn oere jûns is it, in stille sikehûskeamer mei sawn bêden, yn it midden in skriuwtaffeltsje mei in steande lampe der op. Foar my de ruten, trêde ferdjipping, allinne beammen en in fealgrize jerstjûn. It reint tsjin de glêzen en it waait. It is as sit men allinne yn in trein, ridend troch in net bekend lân, fol kjeld en ûnlijichheid. Ingmar Bergman syn ‘De grutte Stilte’ stiet my foar eagen: op wei troch in ûnbekend lân, mei in ûnbekend reisdoel, sitte twa froulju en in bern yn in trein. Tige skrousk en benearjend alles. Ik sil dy fierder it ferhaal besparje, faaks hast de film sels wol sjoen.
In grutte stilte hjir op it terrein fan it kranksinnigengesticht. De reinwolken driuwe oer boppe de dinnen, de earste minsken lizze om distiid al mei de holle op 'e tafel. Hja hawwe it wol besjoen, hja kinne einlings sliepe.
Hjoed hie ik in frije dei. Troch de donkere beammeleane nei tsjerke fannemoarn om tsien oere. Fierder besocht te studearjen yn dit sikepaleis yn myn romte fan fiif by fiif meter, ite, ite en aanst wer de nacht om te sliepen. Moarn wurkje, ite, sliepe. Nije dei.
En God skoep de wrâld en seach dat it goed wie. Men moat wol in grut estheticus wêze om dat noch sizze te doarren. Dochs is it wier as men de wolkeloften driuwen sjocht en de serene rêst op it gesicht fan in âld man. Bern en âlde demente minsken hoege net te bidden. De doar stiet sa foar har iepen.
Ik hâld no op, it is nacht. Skriuw gauris werom. Skriuw gauris.
O.
| |
| |
| |
Snits, 25 july 1978.
Bêste T.,
Do fregest my nochal wat mei dyn fraach hoe't ik oer dizze tiid tink. Ik kin der net in rjocht en sljochte brief oer skriuwe. It muoit my. Do woest ha der moat in foarm te betinken wêze om yn letters de tiid fêst te lizzen, lyk as de oersjochtekening de lêste dei fan it jier yn de Ljouwerter Krante. Koart en oersichtlik it jier yn byld brocht. Do woest ha ik soe in foto meitsje. In foto fan 78. In byldferhaal yn wurden. Mar de werklikheid komt as in gaos op my oer. Dat hoe kin ik der sa in rjocht en sljochte brief oer skriuwe?
ENORME WERKLOOSHEID MOGELIJK
Prijsakkoord stelt boeren teleur
Parijs zendt lid Baader-Meinhof weg
... in ûngefear tritich jierrige man sei: Neiere bisûnderheden kin ik net jaan - Baader-Meinhof groep wie oanhôlden - wie rjochtstreeks betrutsen by de moard op Schleyer.
yn 'e nacht fan 14 op 15 maaie
al ieuwen spande ferhâldings
tusken joaden en kristenen
hy promovearre op in proefskrift
Modern Zionisme en Christelijke theologie
Shell helpt (part 7):
KISSINGER HÂLDT LÊZING YN ROTTERDAM
Rotterdam, 12 maaie - Op 25
september sil dr. Henry Kissin
ger, de Amerikaanske âld-minis
ter fan bûtenlânske saken, in
lêzing hâlde yn 'e Rotterdamse
Doelen. Thema: De folgjende
| |
| |
25 jier, in mondiaal perspek
tyf - Dochterke deade. Yn Rot-
terdam is seis jier easke tsjin
in 27-jierrige frou, dy't op
12 desimber ferline jier har
IN ORIGINEEL KADEAU |
Peugeot 604 |
|
betinke is net slim |
SL |
32.580,-- |
|
SL autom. |
34.885,-- |
|
Tl |
35.000,-- |
Jo kinne no dizze wurdboeken
by Plus-produksjes bestelle
Jo komplete wurdskat moderne talen
6 delen f 174,-- |
|
In bulte kearnmateriaal yn Amerika stellen |
Wurdearring foar judo bliuwt leech |
MODE, IJDELHEID, DE WELDOENER UITHANGEN, EERZUCHT
- Soesto yn sa'n sitewaasje nei de plysje gean om foar dy bom te warskôgjen?
- ik net.
- Ik ek net. En dochs soene wy dat, as wy nei ear en gewisse hannelje wolle, dwaan moatte. En werom dogge wy it net? Omdat wy dan troch linkse jonges fan radio, parse en tv foar BVD-plysjes oansjoen wurde. En der binne wy sa bang foar dat wy leaver in tal minsken troch in bomoanslach omkomme litte as dat wy nei de plysje gean.
GEEN ANGST VOOR DE DOOD MAAR VOOR DE OUDERDOM
Charles Aznavour- Je n'ai pas vu le temps passer
Barclay 90095
GELUK IS IETS MOOIS, MAAR LATEN WE EERST WAT ETEN.
It is net ferstannich de garnalen
de sâlte hin en de farske griente
oer te slaan; hyt, swiet en soer;
| |
| |
PINKPOP EN WALDOLALA
Robert Gordon en Link Wray
The Modern Lovers
Yourney
Skiednis duorret in wike en elke dei hat syn eigen karakter. Nim bygelyks it dwaan fan in moard. Foar de yn 'e Londense wyk Soho berne soan fan in hoazzekeapman heart disse konfrontaasje net ta de ûnbeneambere foarfallen. Hy praat frijwol daachliks mei syn ferstoarne broer.
IT ÛNSTJERLIK EACH DAT HIM NEI BINNEN TA RJOCHTET
Brugt v.d. Woude, Antsje Jonker, Lolke Dykstra, Tryntsje van Dyk, Fokke de Boer
Berne: Ilona Chantal, Willy Pietrix, Christiaan
YN INGELAN STJERRE TWA BERN DE WIKE OAN BERNEMISHANLING;
IN FROU FERBAARNDE DE FINGERS FAN HAR JONG BERN OM IT BOARTSJEN MEI FJOER OF TE LEAREN IN DRONKEN MEM LIET HAR TRIJE BERN SA LANG SUNDER ITEN SITTE DAT SE BY DE BUORLJE KAMEN TE BIDDELJEN DE ALDEN FAN IN JONKJE FAN TWA JIER SLOEGEN IT BERN SA FAAK DAT IT SEISENFJIRTICH BLAUWE PLAKKEN HIE
Der wie disse wike neat (fuotbaljen dus) op 't tillevisy
JOHAN CRUYFF STELT BARCELONA UT: NO EN DAN IN WEDSTRYDSJE À RAISON FAN 10.000 DOLLAR
Takomstbyld:
Oer tsien dagen geane wy wer nei de stimbus
De Kiezer koe eartiids it riedslid en de wethâlder
MEAR AS 400 MINSKEN YN KOLWEZI OM IT LIBBEN KOMMEN
REGEARINGSSOLDATEN LIKE SLIM AS REBELLEN - Yn ien hûs 34 liken fûn. Oaren bigroeven de tsientallen liken, blanken en negers, dy't yn 'e sinne begûnen te ûntbinen en der't de hûnen oan frieten.
It moat my fan it hert dat It My Sa Stadichoan De Strôt útkomt, dat ivige geyndoktrinear fan linkse, saneamde progressive side om alle noarmen stelselmjittich om te smiten.
| |
| |
Sawntjin minsken omkommen yn it ferkear
Net 24, mar 17 provinsjes nije styl
SKRIUWERSBOUN TSJIN KENINKLIKE ÛNDERSKIEDINGEN
Dat mei net en dat hoecht net. It kin folle earliker en fral folle oersichtliker. Yn Fryslân bygelyks hawwe wy gelokkich noch net folle lêst fan dy moderne grappen
Dit is allegear foar de lânrôt
lykwols frijwat technysk wurket
nije Stifting Karakteristyk Tyt-
bytiden fjurret wetter sa,
dan ljochtet it gewoan op
Te klear by noardewyn, moat
Ik haw myn nocht T. Dit wurdt in einleas brief. De tachtiger jierren binne yn oantocht. Hoe't dy kaart der ris út komt te sjen.
Mei groetnis.
Oant sjen.
| |
Amsterdam, 21 augustus 1980.
Leave Sjoukje,
Dit wurdt in brief yn flarden. Do witst hoe't ik bin, ik mei my graach hjir en dêr wat deljaan yn de frjemdte, wat om my hinne sjen en dan de pinne oer it papier gean litte.
Kertier foar tolven bin ik fuortgien út Swolle, goed ien oere wie ik yn Amsterdam. De bagage ôfjûn en hûndert gûne omset yn Frânsk jild. Allegear net sa flot as dat ik it hjir delskriuw om't yn Amsterdam elk altyd
| |
| |
op reis liket te wêzen en bagage ôfjout en ophellet. Doe in kaartsje kocht foar ‘Caligula’ en no yn 'e mensa oan 'e Damstrjitte. Tweintich foar twaën, om krekt te wêzen. In prachtich plakje om oeren troch te bringen by it hege rút oan de strjitkant, boppe de minsken yn in faak krioelfolle strjitte. Lyk as altyd binne de tydlike gasten fan de mensa wer tige nijsgjirrich. Ik begjint al by de kok, de golle Surinamer mei de gouden tosk, dy't neat wurde kin mei twa eigenwize Frânsen. Se kinne of wolle oars net as Frânsk prate en binne wakker sinnich mei it útsykjen fan it iten. ‘Ik spreek godverdomme Duits en Engels en ook nog Spaans, Portugees en Papiamento. Maar als ze buiten hun land komen, gooien ze hun hoofd in de nek’. ‘It is wat mei dy Frânsen’, sis ik. ‘Stronteigenwijs zijn ze’, seit er. ‘Ze moeten ears maar eens twee dagen honger lijden, dan weten ze zomaar wat ze willen vreten’. Hy laket útbundich om syn eigen wurden, as wie it in oplossing der't er noch nea earder opkommen wie. Syn assisinte, in kreaze Surinaamske dy't mear om him hinne dangelet as dat se de hannen útstekt, lit har prachtige wite tosken sjen en har heas laitsjend lûd lit net folle oer om nei te rieden. Fierder farieart it selskip hjir fan in swart-eagjende jonge mei hier dat krekt út it wetter komt, in tal brykpratende Ingelsken dy't heale liters donker bier drinke en deeglike Dútsers mei vanillevla, folle molke by de ierpels en in potsje jam as fulling foar in hearlike hollânske kowelape. Wat in wrâldferskil mei Snits! Healwei seizen is it, it haw nei de film west en sit no op it terras mei in potsje Chineeske thee. Foar my lâns en om my hinne bûtenlanners. In turkse of marokkaanske man dy't by de bestelde kofje in pûde meinommen fulde koeken opfret (it tal bin ik kwyt), mar seis
binne it grif); in fanke mei sniewyt hier en in rânne fan oranje; froulju mei flintertinne jurken oan, wylst ik de sjaal om ha, hjir op dit oerdutsen terras; in Amerikaanske cowboy op jierren mei de gleufhoed op 'e kop en sa'n koart broekje oan dat de ballen yn de blauwe ûnderbroek der útkypje. All those people, Sjoukje, all those people. En no bin ik hjir noch mar in pear oeren.
It is wat in frjemd epistel, dit brief. Oars net as in opsomming fan wat ik sjoch. Mar it liket my ta datsto sa ek mei genietsje kinst, al bist net yn persoan oanwêzich. Dat is it moaie fan briefskriuwen: men kin nochris wat sjen litte oan elkoar, mei de mooglikheid foar de oare partij om sels ek noch in grut part yn te foljen troch jins fantasy. En wat is der moaier as op papier dellizzen fan wat men sjocht. Dan is fotografearjen mar in meager ôfjitsel. Dat flugge Amerikaanske flitswurk, ik moat der net folle fan ha as it giet om it oerdragen fan wat men sjoen of belibbe hat. De foto as keunstwurk, dat is in hele oare saak, dat wol ik dy net ûntstride. Mar it giet my der om eat oer te dragen fan wat ik allinne belibje en dêr't ik dy fraach yn behelje soe. In foarm fan tegearre praten oer de dingen dy't men belibbet, mar dan troch middel fan papier.
| |
| |
Tweintich oer seizen, werom yn de mensa. Allerearst in foto delskreaun op papier fan de man dy't ik op it each haw, suver rjocht tsjinoer my, ien taffeltsje fierder. Disse man skat ik yn de tritich. In echte Hollanner fan uterlik. Hy is kealich en alles, ta it lêste fingerpartsje ta by wize fan sprekken, is hoekich oan disse man. Hoekich is it krekte wurd net, disse man is meager. Hûndert pûn, dan is it wol út. Wat sa betsjoenjend oan him is, njonken syn uterlik en klean, is syn bagage. De man hat nammentlik krekt sa'n klapper - ek wol ringbân neamd - as iksels deis mei nei it wurk ha. Men ûntkomt dan net oan fergelykjen. Deselde kleur, deselde foarm, wierskynlik ek by V en D kocht. Mar de klapper fan disse man is tige bisûnder, lyk as de man ek bisûnder is. Myn klapper is oardere, mei hjir en der in tapblêd der yn. De klapper fan disse man liket it berchplak fan oanmoannings fan jierren, collegestinsels fan jierren, brieven fan allerhande kleur en foarm. Disse klapper is in soarte fan opberchtas foar de wichtichste papieren fan jierren. It kin net oars as sa'n klapper moat soks belije. Dat is yn dit gefal ek sa. De man is tige kreas yn it pak en yn 'e ljochtgriene strûper, alles trije maten te grut en it hele hanneltsje is yn elke útferkeap foar fiifentweintich gûne te krijen, mar goed, disse man is op syn manier kreas. Hy hat in bril op it boarst hingjen oan in grutte sulveren keatling, sa't men wol by âldere, goed fulde froulju mei folle en reade oansette lippen sjocht. Mar de klapper fan disse man is griis. Men soe it in keunstwurk neame kinne. De rêch is rûchweihinne stikken, it brune karton stekt op ferskate plakken nei bûten. En troch dy gatten yn de rêch komt wat oars hinne: lytse flardsjes papier, sa't bern wol repen papier skuorre. In seldsum eksemplaar, disse man dy't in paperklip op de omslach fan syn jaske hat en dy't no sa mei
oandacht sit te krantsjen, nei't it sop op is. Syn waarme prak ierpels wurdt kâld, mar disse man achtet it wrâldbarren wichtiger as syn liiflik bestean. En dat er der tige yngeand mei dwaande is kin men beharkje oan it lûd dat er by no en dan útstjit: in ûnferwachte en wanhopich kuchjen as hie er in fiskbonke yn 'e kiel.
Nei de Chineeske thee op it terras noch even nei de boekhannel fan Allert de Lange west. Letterlik rêch oan rêch mei Harry Mulisch yn de smelle winkel. Ljocht yn de klean, mei de piip fan it plaatsje. Frege nei Enzensberger ‘Die Untergang der Titanic’. Net yn foarrie, net bekend wannear wer te krijen.
By de titel fearre ik op. Yn Dútslân is dit lange proazagedicht krekt bewurke troch Georg Tabori ta in fascinearjend tal toanielbylden fan de ûndergong fan in skip. Haw sels Elias Canetti ‘Masse und Macht’ kocht. It wie sawat slutingstiid en dat wie in goed ding. Sokke prachtige boeken foar sa'n bytsje jild.
| |
| |
Ik meitsje der in lange brief fan. No kin 'k it foargeande wol op de post dwaan, mar ik bin no dwaande, dat ik gean mar even troch. Aanst sis ik ek noch mei Pascal of Staël of wa wie it ‘Ferjow my dit lange brief, ik hie gjin tiid foar in koarteren ien’.
Sit op it perron, of leaver sein yn in wachthokje op it perron. Ofwachtsje hokker film him aanst wer beskriuwe lit. Soe no begjinne wolle en lês Canetti. Om my ynspirearje te litten ta it skriuwen fan in skôging oer pornografy. ‘Caligula’ is as film de muoite net wurdich om oer te skriuwen. It fenomeen fan de pornofilm is wol nijsgjirrich. It frjemde mei de pornofilm is, dat er as film folslein ûnbefredigjend is en tige ferfeelsum, mar dat it genre altyd wer in protte minsken oanlûkt. De film ‘Caligula’ dy't ik fannemiddei sjoen haw is bytiden gewoan ûnsmaaklik. It ôfsnijen fan lullen haw ik by Pasolini en Ferreri al sjoen en al it oare seksuele en agressive gewelt is in smakeleaze herhelling fan wat yn tal fan oare films ek te sjen is. Mar dêrmei is men der net út. Ik wol besykje op in oar plak hjiroer wiidweidiger te wêzen. Wol earst even noflik sitte en om my hinne sjen nei al it nije folk dat yntusken hjir en dêr delstrutsen is. Yn haadsaak begjin tweintigers, men kin merke dat de universiteiten wer los sille. Guon binne frijwat suterich yn 'e klean, mar de NRC is hast de iennige krante dy't men sjocht.
It lit it hjir yn earsten by. Gelokkich haw ik sluven en postsegels meinommen, dat dit brief kin jûn noch op de post. Ik winskje dy in bulte sterkte. Oer in deimannich bin ik wer thús.
Oene
| |
Freed, 22 augustus 1980.
Ferfolch.
It is moarns fiif minuten foar alven. Ik sit yn in keale keamer, yn in studinteflat foar bûtenlânske studinten yn Massy, in banlieu oftewol foarstêd fan Parys, in heal oere mei de metro (ûnder en boppe de grûn) fan it Gare du Nord. De reis is nei winsk ferrûn. Nei it iten yn de mensa bin ik ridlik gau ôfstutsen nei it stasjon. De hal siet fol mei jonge minsken, fersille op 'e grûn, tusken rêchsekken en oar reisark yn. Elk wachtet op de trein nei in fier, frjemd lân of op de trein nei it heitelân, it feilige gefoel fan nei hûs.
Fuort en dalik nei perron 10A gien mei myn bagage. Gelokkich wie der in wachthokje. Grôtfol, mar twa opslûpen jongens dy't tegearre fjouwer ynnamen, frege ik om in lege stoel. Dat koe fansels en mei ien fan de twa
| |
| |
rekke ik al gau yn petear. Twa Dútske jonges, de iene in meagere blonde Germaan, de oare in wat foller type, mei in bril op. Dat waard myn praatpartner. Hy hie wol nocht oan in praatsje, al wie er wurch nei in reis út Denemarken oer Bremen nei Amsterdam. It praat kaam op skaaimerken dy't nasjonaliteiten hawwe soene, it ûnderskied tusken folken op grûn fan uterlike tekens. De jonge woe mar wakker út op algemiene skaaimerken. Mar ik bin deabenaud fan soks, dat ik sloech fan de weromstuit troch nei it oare uterste, nammentlik dat elk minske unyk is yn bou en dat men tige fersichtich wêze moat mei útspraken as: sa binne de Friezen en sa binne de Frânsen.
Yn de trein siet ik oan Den Haag ta allinne, doe krige ik in man yn de koupee ta selskip. Yn Rotterdam noch in Amerikaansk pear op leeftyd en doe koe it ljocht út. It wie tige tsjuster. Op himd en ûnderbroek nei hie ik de klean útlutsen, mar dat bekaam my yn de rin fan de nacht wat langer wat minder. It waard kâlder en ik hie - yn neifolging fan deHagenees - de tekken oan kant smiten en lei allinne yn it slieplekken. It allestrochkringjende tl ljocht doarst ik net oan te dwaan, mar de drang om te pisjen waard wol hieltyd grutter. Ik lei boppe yn, dat ik doarst my net te feroeren út eangst dat al myn klean en myn skuon, dy't los om my hinne leine, op de Amerikanen delkomme soene. Ik wie bliid doe't likernôch kertier oer seizen Gare du Nord yn oantocht wie.
It is no tsien foar twaën. Marek hat my fan it stasjon helle, in kaartsje kocht dêr't ik trije dagen ûnbeperkt mei reizgje kin en doe op nei Massy. Earst prate en prate (de helte ûntgiet my mei dat rêde Frânsk), doe de tas útpakke en wat útrêste en om alve oere op Marek syn keamer petit déjeuner.
Hy hat stokbôle, ham, tsiis en wyn kocht en wy sette útein. Prate, prate en nochris prate. En laitsje. De wyn docht fertuten yn de sinasglêzen, de flessen moatte leech moarns om alve oere, wy binne no op it lêst yn Frankryk.
Wy prate oer it Frânsk, oer tinke yn it Frysk, oer it feit dat er troud is mei Peaske (in grutte ferrassing foar my), de Poalske politike sitewaasje dêr 't er tige bliid mei is. ‘It kin net bliuwe sa at it is. En as de Russen al ynfalle wurdt it fêst net minder, se binne der no op it lêst ek al’. Der is gâns hinne en wer freegjen, want it falt foar ús beiden net ta om yn in frjemde taal te praten. Om ien oere seit er dat wy om twa oere nei Parys geane. Ik stek nei myn keamer en krûp noch in healoerke op bêd, frijwat rûzich yn de holle, lykas it waar. De sinne skynt oer de dakken, de wyn hâldt straf ta yn de beammen. Dizze keamer docht my oan myn studintetiid yn Grins tinken, de flat oan de Goeman Borgesiuslaan dêr't Titus en Freek wennen. Deselde keamers, deselde betonnen gongen. Marek syn keamer is sa keai as in lús. Bewenne om elk momint ferlitten te wurden.
| |
| |
Marek is in frjemdeling yn Frankryk, dy't syn bestean sa ynrjochte hat dat er elk momint opbrekke kin. De earste twa moannen yn Frankryk wie er ferskuorrende iensum, no net mear. In bulte Poalske freonen, dy't elkoar moetsje yn de Poalske tsjerke yn Parys. It wykein gauris op stap it lân yn mei eigen auto. De kâns is der no en dy wurdt mei beide hannen pakt. Ik haw de winsk útsprutsen om yn elk gefal it Centre Pompidou te besjen en ik wol graach in kear mei him nei de Poalske tsjerke, it geastlike skûlplak foar Poalske dissidinten en oare refugees. Ik moat him noch freegje werom't safolle East-europeeske dissidinten úteinlik yn Parys delstrike en folle minder yn oare grutte wrâldstêden. Yn de gong skalt in stim troch in microfoan as wie men yn in stadion: der wurdt ien oproppen foar de tiilefoan of soksawat. It is no 14.10 oere. Marek sil daalk wol komme.
Juster nei Parys west, in heal oere mei de trein. In bulte te sjen, mar ik hie by no en by dan ferlet om dy hjir te hawwen en yn it Frysk mei dy te praten oer al datjinge wat te sjen wie. Bliid dat ik de fotoos fan Anke by my ha. Fannemoarn acht oere fan 't bêd ôf earst de fotoos nochris mei oandacht besjoen. Justermiddei de direkte omjouwing fan Centre Pompidou besjoen. Tal fan jonge minsken mei strjittetheater en mezyk. Ek it clownsfak is populair. Fral twa froulike clowns wiene tige aardich: twa fammen mei tegearre ien grutte trommel foar it liif, in houten poppeweintsje mei in grutte pop der yn efter harren oan. In tige poëtysk byld. De priis krige lykwols de iensume blokfluitspylder. Hy hie hielendal gjin publyk, mar hy hie in skitterende performance: in grutte hoed op, in pear folslein kapotte reade gymnastykskuon oan en in grutte griene túnoveral, minstens fjouwer maten te grut. Sa koe de wyn yn dy overal boartsje en makke alle mooglike bulten en bochten oan en om dy frjemde blokfluitspylder, dy't net de spyljen stie, mar yn syn blokfluit stie te blazen as in lyts bern. Mezyk koe men it net neame en de jongeman stoarre as in reiddomp roerleas nei de grûn, tige iensum op it wide plein. En dan yn ienen in spastyske beweging fan foet of romp, dy't de figuer ta in absurde clown makke. Of in ûnferwachte wylde sprong en it gesicht stie de oare kant út of stoarre tusken de fuotten troch, de broek bol fan de wyn. Oeral minsken, oeral muzikanten.
Sneintemoarn. Prate, prate en nochris prate. Om alave oere stokbôle mei tsiis en ham. En wer in flesse wyn op 'e nofteren mage. Dan mei de bus troch de einleaze stienmassa's fan de foarstêden fan Parys. Juster nei it Centre Pompidou. Do silst wol begripe wêr't wy it grutste part fan de tiid trochbrocht ha: yn de bibliotheek. Dat wie in sensaasje foar my om der te wêzen. In bibliotheek as in grut winkelbedriuw, trije ferdjippings en mei hûnderten minsken dy't sitte te lêzen, te studearjen, mei
| |
| |
koptillefoans op nei mezyk sitte te harkjen, nei dia's sitte te sjen, nei video sitte te sjen. it gûnzet fan de minsken en dochs is it net lawaaiich. It is sân oere jûns. Om dis tiid is Snits al yn de rêst. Elk is oan it iten of sjocht nei de tv. De strjitten binne leech. Hjir wimelet it jin foar de eagen fan de drokte.
In elk is dwaande as soe de dei noch begjinne. Letter nei it Quartier Latin. Ek dêr tûzenen minsken op 'e strjitte. Om acht njoggen oere hinne strike wy del yn in Italiaansk restaurant, ik mei in holle lege mage, Marek as in kamiel dy't genôch oan wat drinken hat. Hy is sterk as hier en fêstet ien kear yn it jier trije dagen. Dernjonken fêstet er regelmjittich ien dei. Fruit en molke skynt er nea te krijen. Ik soe it allang bejûn ha yn sa'n sitewaasje.
It iten is djoer. Wij krije in pear stikjes tomaat mei ansjofisk, wat spaghetti mei wat tomatesaus en dat foar fiifentweintich franc. Sels taast ik aardich yn de wyn. Marek drinkt bier. Ik moat gauris oan dy tinke, mei de gedachte dat wy hjir tegearre werris sjen moatte, letter. De taal is wol in barrière. Londen is fan dat oangeande in stik makliker.
Op 'e weromwei fan Quartier Latin nei Centre Pompidou is noch gâns folk dwaande mei mezyk en oare fratsen. In lyts gitswart meager hekske mei fladderjende earms en allestrochkringjende eagen docht oan hypnose. It folk ferkringt him, mantsje oan mantsje, en sjocht hoe't se har wurk docht as hong it libben der fan ôf. Se lit de grutste kearels samar efter oer falle, sliepe of autoride. It folk hâldt de siken yn at se in lyts Turks mantsje sliepe lit as in stiif stokje en dan mei brede omheljende gebaren de man wekker meitsje sil. Mar hy bliuwt lizzen. Hy reagearret net. De bewegings wurde wylder en de eagen en it lûd ynkringender. Stel dat it har net slagget, tinkt in elk. Hy kin ek in hertferlamming krige ha. En dan ynienen komt er oerein, sjocht wat fernuvere om him hinne en rint fuort. Samar is er fuort en lit in mannichte efter dy't sprakeleas nei it swarte hekske sjocht. Dy makket in rimpene skodholjende beweging en smyt it lange swarte hier fansiden. Wy moatte suver even bekomme. In âldere frou laket tsjin my en skodhollet. ‘It is wat’. Ik laitsje werom. Dan rint se fuort. Se sjocht nochris om, laket wer nei my en skodhollet. In frjemde gaotyske wrâld.
Marek en ik ha gâns ferskil fan miening oer de fraach of 't in preester yn de katholike tsjerke troud wêze kin of net. Neffens my hoecht er net celibatair te libjen, neffens Marek is it absolút nedich yn Poalen en de oare kommunistyske lannen. In troud preester soe it ein betsjutte fan de Poalske katholike tsjerke. En de tsjerke is tige wichtich. Marek hat der in tige emoasjonele bân mei, dat kin men fernimme. De tsjerke is in tsjinwicht tsjin de macht fan it kommunisme. De tsjerke bemoediget de minsken en de Poalske tsjerke yn Parys is net allinne in godstsjinstich sintrum, it is fral ek it sintrum om ynformaasje út te wikseljen, om kon- | |
| |
takten te lizzen. Marek syn konakten binne allegear ûntstien fia de Poalske tsjerke yn Parys.
De tsjerketsjinst hat in bulte yndruk op my makke, de triennen ha wiidweidich harren paad socht. Hûnderten minsken, jong en âld, mar fral in bulte jonge. Elk stiet. Wy misten de metro, moasten wachtsje, dat sadwaande wiene wy te let. It is gjin inkeld probleem. Wy slute ús oan by de minsken dy't ta de tsjerkedoar út op 'e strjitte stean, mei it geraas fan de autoos op 'e eftergrûn.
In gefoel fan ferbûnens hinget tusken de minsken, it slacht as in geweldige emoasje op my oer. Ik fiel myn ferbûnens mei Marek en de oaren hjir en hoe't it foar harren in saak is fan der op of der ûnder. Elk is fol hope op in takomst fan frijheit, mar it kin ek omslaan yn wat oars. Op in bepaald stuit geane wy wat nei foaren, der komt wat rûmte. In koar út Warschau sjong heech boppe yn de tsjerke. Dan jouwe de minsken elkoar in hân. Ik krij ek in hân fan wyldfjremde minsken en stean sa in tydlang ynlik ferbûn mei harren te harkjen nei eat dat ik net ferstean, mar dêr't de essinsje my fan yn it moed rekket. Ik skamje my net dat de triennen my oer de wangen rinne wylst ik oan de iene kant Marek stiif by de hân haw en oan de oare kant in wyldfrjemde frou.
Marek tocht dat ik gjin nocht hie om nei him ta. Hy fertelt it my earst as myn ferbliuw hast te'n ein is. Myn besytsjen oan him betsjut tige folle foar him. Hy is suver emoasjoneel as er seit hoe bliid er is dat ik kommen bin. De lêste neimiddei. Wy sitte op syn treasteleaze keamer, yn dizze treasteleaze betonbunker sûnder keukens om wat klear te meitsjen, mei twa smoarge douches op elke ferdjipping en ûnder twa mânske sealen mei flipperautomaten en oar gokark. In bunker fol negers en hjir en dêr in ferdwaalde blanke Poal of soksawat. In ghetto by Parys. In hol as hie in rockgroep it fjild yn folsleine chaos efterlitten. Marek hjir allinne en syn frou yn Poalen dy't in bern ferwachtet. Wy ite foar it lêst tegearre. Us nachtmiel, ús adieu foar hoelang? Hy makket myn iten klear, as in soarchsume heit: in pear stikjes bôlle mei Poalse fisk út in blikje. Sels yt er net mei. Hy harket by no en by dan nei de radio en de soarch om Isabella leit op syn gesicht. Wy sprekke ús dreamen út. Studearje yn Amerika bygelyks. It sil der wol nea fan komme, mar wat my oangiet hindert it neat.
Ik eingje no dit brief. Ik wol noch in kear de fotoos fan Anke besjen, hjir plat op it liif yn de nachttrein fan Parys nei Amsterdam, jûns kertier oer alven, mei fiif oare minsken om my hinne dy't allegear lizze te lêzen. Moarn bin ik wer thús.
Oene
| |
| |
| |
Zamosć, 6.1. 1982.
Dear friends!
Thank you very much for your memory about us and the parcel. We got it the 2nd January 1982 - we were very happy.
In Poland it is hard to live now - of course you know about it. We have still some foods because we live in the agricultural region - in this piece of our country there are very good soils and there are many farmers. We bought ourselves from them potatoes and flour in the time of autumn. Besides we have some supplies which we made earlier for exemple: jam, juice, cucumbers. We gave some presents to Marek en Isabella - they will write a letter to you en give new address.
Our boys grow up - Dzjegoś is 15 years old, Wojtek 12 years old. They learn themselves very well. Dzjegoś learn private English and he translated this letter. Letter from you he translated without dictionary.
We are glad that we have contact with you, maybe at one time when our boys will grow up, they will be able to go to Holland and see your beautiful and rich country!!
Thank you for presents - we bought ‘Brinta’ when we were in Holland and even we brought it for our children. Things which you send to us, it is very hardly to buy or distributed on pieces of paper for example: rice, flour, sugar, soap. In next letter we will write you how it is made. Candles remembered us Holland.
We are all healthy. My mother is sometimes at my home en sometimes at Marek's home. She goes to Lublin because there is her granddaughter - Marek en Isa's baby.
Thank you for willing of helping - we would ask to send us old, used clothes. For exemple socks. From food we need most tea and cocoa for milk, powder for baking, vanilla sugar.
For me I would ask a small jar of cream dry skin or night cream - cheapest.
Soap ‘Fa’ is magnificent!!
In next week we will write next letter in which we describe our country. The best wishes with New Year 1982, send you and your familie.
Maria.
| |
| |
Mr. O. Spoelstra
Commanderij 34
8604 AP Sneek
United States
International
Communication
Agency
Korte Voorhout 2
2511 EK The Hague
Telephone (070) 624911
| |
February 8 1982
OFFICIAL TEXT
text: budget message of the president
reagan ask more cuts in nondefense spending
Washington - president reagan has asked the u.s. congress to continue its support of his economic recovery program by approving additional cuts in nondefense spending for the fiscal year ending september 30, 1983.
in a budget message to be delivered to congress february 8, the president said: our task is to preserve =to stay the course= to shun retreat = to weather the temporary
dislocations en pressures that must inevitably accompany the restoration of national economic, fiscal and military health.
following is the text of the presidents budget message:
(note: in the following text, + billion + means 1,000 million and + trillion+ means 1,000,000 million)
(begin text)
one year ago, in my first adress to the country, i went before the american people to report on the condition of our economy, it was not a happy occasion.
(en sa troch en sa fierder)
Oan Tsjibbele Folkertsma,
Flat 37,
35-36 Belsize Square,
Swiss Cottage,
London. NW 3.
| |
Snits, 25 febrewaris, moarns 9.23 oere.
| |
| |
Tsjibbele,
Einlik werris in brief. Ik bin net botte trou yn it skriuwen en dat is in minne eigenskip. Nei dyn kaart op myn jierdei en de opdracht min ofte mear om foar in spesiaal-nûmer foar Trotwaer wat te skriuwen, dan einlik dit brief.
It binne minne tiden. Wurkleazens rûnom en in wrâldpolityk dy't gjin sprekken lije kin. Eartiids wie it Ruslân dêr't wy it net op hiene, tsjintwurdich is Amerika neat better mei syn polityk yn Súd-Amerika en it midden Easten. Men wurdt der beroerd fan. It is krekt as hat Reagan it sels ek wol foar it ferstân, want sûnt in moanne as wat krij ik soms in brief fan him. Persoanlik oan my rjochte, fia de Amerikaanske Ambassade yn Den Haag. Hy fielt him skrutel, wol ik ha. Hy fielt wol oan dat it net goed komt en dat er him rûnom yn de wrâld skjin prate moat. Ik lês syn brieven net helendal, ik bin net ynteressearre yn minsken mei twa januskoppen.
En yntusken giet it libben fierder. Foar dy, yn dyn Londense wrâld fan it deistige omgean mei it alcoholisme fan dyn húsbaas en de fealbrune gesichten fan de Indiaërs dy't stadichoan ferkleurje ûnder de grize Ingelske loften, Indiaërs en oar fjremd folk, dat by dy komt yn de hope noch wat te learen fan dy frjemde taal, dy't se op 'e keap ta nommen ha by it ôfstekken nei it beloofde lân fan molke en huning, fol wurkleazens en oare ellinde.
En ik hjir, yn ús kâld frysk lantsje, dy't wat piel en praat mei minsken in dei as wat yn de wike en foar de rest al myn heap en treast yn 'e literatuer lein ha. In muoisum bestean bitiden, mei op- en delgongen as it waar. Mei ynsinkings en gefoelens fan sinleazens en soms mei in euforysk fielen fan dit is it, dit makket it bestean ta in rike erfaring. Wist wat it beroerde is as't ien kear oan literatuer ferslingere bist, it is itselde as mei drankmisbrûk; it
makket alle oare fasetten fan it bestean ta eat fan de twadde rang. Theoretysk soe it sa wêze moatte as mei in hobby: men begjint der oan, men pielt der in skoftsje mei, men giet der by no en by dan mei troch en nei in tal jierren hâldt men der mei op. Men is der oerhinne, men hat jins nocht der ôf of der is wat oars foar yn it plak kommen. Dwaande wêze mei literatuer soe wêze moatte lyk as it útoefenjen fan in berop. Ik bedoel it sa: ôfsjoen fan de ekonomyske krisis fan op't heden, kin men yn prinsipe frij maklik fan baan feroarje wat jins geastlike ynstellingen oanbelanget. Men moat in skoftsje ynwurkje, men is yn earsten noch gauris oan it fergelykjen mei de âlde baan, mar it slyt en nei ferrin fan tiid is men it wurk fan eartiids fergetten. Mar literatuer is as alcohol: stadich dringt it djipper yn de poariën en makket de rest fan jins bestean ta eat fan de twadde rang. Men kin der net wer ôf, al wol men noch sa graach. Men siket alle mooglike sitewaasjes om der mei
| |
| |
dwaande te wêzen, it sûcht jin op en hat jin foar ivich yn syn kloeren. En krekt lyk as mei drankferslaving ropt it tige twaslachtige gefoelens op. Men hat it gefoel dat men wat meitsje wol, wat skriuwe, wat op papier fêstlizze. Mar it wol net, men wit net wat men beskriuwe sil, wer't men it oer ha wol. Men mist de ynspiraasje en begjint mei rajonalisaasjes, sa fan: mar is dit it no? myn bestean hinget dochs net ôf fan it al of net skriuwer wêzen? Mar dan komt fuort de oare kant om 'e hoeke, it gefoel fan dit is yn wêzen myn bestean, hjir wol ik mei dwaande wêze al wol it helendal net op 't heden. Ek de gaos dy't ûntstiet troch de mannichte boeken dy't men om jin hinne hat en dy't men noch lêze wol. Net út nijsgjirrigens allinne, mar út de gedachte wei fan it ambachtskip. Immen hat sein: ‘Lêzen is de helte fan skriuwen’. Dus lêze, sis ik tsjin mysels. Boeken keapje. Mar it dûzelet jin op 't lêst en de gaos is kompleet om't men oan de iene kant net de boeken lêst dy't men nedich fynt te lêzen, as in soarte fan ferplichte kursus dy't foarôf giet oan it skriuwen, oan de oare kant wol men skriuwe, út de gedachte wei fan men leart it allinne troch it te dwaan. Ik wol beide spoaren beride, mar riid úteinlik helendal njonken it spoar. En altyd is der wol in reden te betinken foar myn gedrach, in rasjonalisaasje efterôf, sa't dat sa moai neamd wurdt. In foarbyld om dúdlik te meitsjen dat men altyd jins boarnen siket yn de dialektyske miening, sadat men op twa gedachten hinkjen bliuwe kin, sûnder in definitive kar te meitsjen: dizze simmer wie yn Amsterdam in filmseminar om it scenarioskriuwen te learen. In tal foaroansteande Amerikaanske filmminsken swaaiden de scepter. Twa wichtige gedachten dy't my om har tsjinstridigens folslein fan it spoar brochten: (scenario) skriuwen is in ambacht.
Men kin allinne ambachtsman wurde troch elke dei - hoe dan ek - te skriuwen. En de oare gedachte: Nearne is de oplieding ta scenario-skriuwer sa goed as yn East-Europa. De fiifjierrige oplieding yn Ruslân bestiet de earste trije jier út oars neat as films sjen en analysearje.
Dat pleitet dus foar lêzen en studearjen foar't men jin ta skriuwen set. Wat is no it bêste en wat moat men mei twa sokke tsjinstridige mienings?
Ik hâld op mei dit praat, it ferfeelt dy allinne mar. Alles is hjir fierder by it âlde. It waar is noch altyd itselde. Mei de regelmjittigens fan eb en floed reint it en skynt de sinne, mar de regelmjittigens dêr't dei en nacht har mei ôfwikselje is noch grutter. Yn elk gefal, wy hâlde hjir wol praat oer it waar om't it KNMI selden de goede foarspelling docht. Dan ferfalt de diskusje ta it nifo wa't better is: Hans de Jong of Pelleboer.
Genôch. Tink om dyn fyts en lit him net foar de safolste kear stelle.
Mei groetnis en hast yntusken al in nije plastiktosk?
Mei Peaske kom ik yn Londen. Oene
|
|