saaklek dot de oare personaazjes de motyvaasje fon ut tabûbrekkende personaazje óp syn viere gevicht skotte, mar ut is - os ut bûk teminsten oertsjûûgje sil - vól needsaaklek dot de lêzers dot dógge.
Vot hopet Sarah te berikken? Votfwar besónders hopet sij fwótdaleks of óp un doer yn dy relaasje te réalysjerjen dot net mooglek is yn un vênsteg haulek fon minsken dyt enwar net un soat óntrinne yn jirren, en vot tinkt sij - of tinkt de skrjower - dot ut befrijende vêze ken fwar de lêzers dyt mei de ekspearymentjerjende romonfygueren maitinke? Dotlêste lyket mij noch ut oldervichtegste te vêzen: óm minsken un better en djipper ynsjug te jan yn de réalytijt vurre bûkken públysjerre, olteast goede bûkken. Ut gjit bij ainslútten óm ús aigen réalytijt, net óm de fiktyve vrôd fon fiktyve fygueren.
Ik bin dur net achter kómmen vot Sarah vinlek hopet te berikken. Sij lyket óp immen dyt mai olle geveld un baufergunning ha vól fwar un hûûs bwótten de bebaude kóm, vylst ut har net yntresjerret óm bwóttenút te vainjen en se ek heiendol net fon doel is óm dêr un hûûs sette te litten. Mar se vól dy baufergunning ha, ómdot sij fynt dot de oaren gin rjócht ha óm har dy te vegerjen, vont ut is fólslein tafolleg dot ut iene gebiet ol ta de bebaude kóm jert en ut oare net. Vot Sarah mai Okke belibbet is net fijnder, djipgeander, ynspyrjerjender of belangryker os vot yn vênstege hauleken barre ken en bart. Ut jinnege vot eventúeel un kick jan ken, is ut fait dot san ferhôring neffens de mienskip net ken en net mai, mar yn dot gefol vurt de tabûbrek doel óp himsels.
Lykegoed hji dusse tabûbrek doch rillefont vêze kennen, os dúdlek makke vji dot Sarah en Okke fundamentele belangen fon de mienskip bedrigen. Se digen ut haulek ûnderstek en ut haulek is un bolvurk fon ut kapytalisme. Sókssavot, bijgelyks. Mar ik fernim fon de opposonten fon Sarah en Okke gin bedrige-fielen, gin tekens dot de fûnnementen fon har réalytijt beginne te fersakjen. De opposonten ûtterje estetyske en etyske beswieren tsjin de relaasje, dyt net ferbôn lykje te hôren mai har vrôdskôging, poletyke ópstelling en vot dêrmai gearhinget. Ut lyket inkeld un kwesje fon tafollege smaak te vêzen dyt de tsjinstonders ynspyrjerret ta krytyk.
De petearen fon Sarah mai de hait fon Okke en mai un pear kolegas binne ylústratyf fwar ien en oar. Sarah makket net dúdlik vêrómt de ferhôring mai Okke fwar har fon vêzentlek belang is, en har petearsmaten maitsje net dúdlek vêrómt san ferhôring apslút net kèn. De petearen binne grif net bedoeld om út ien of oare óp te helderjen of oan ut ljocht te bringen, mar tsjinje ta ut besterkjen fon de petearsmaten yn har fwaroardelen. Goed, de personaazjes maie enwar gek ferkljerje, mar de lêzer wól graach vitte wot dur vier oan de hôn is.
De prûf dyt yn un ferhaal os dutte nómmen vurt mai un oare manier fon libjen, is bedoeld óm ut de lêzer mooglek te maitsjen óm takómsteg hô-