Trotwaer. Jaargang 14(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 90] [p. 90] Geart van der Meer at nachten langje blaumieskes dy't om koarstkes skarrelje wipgatsje foar myn glêzen om. de loft struit wyn en kjeld, skerp as in guozzekloft. noch even en de flokken warrelje. wêr sille jimme keare bij 't flymjen fan 'e froast? ha jim wol as de iikhoarn foar wintertarring ret? de dei fan moarn bringt jim neat as 't skerpe hongerpriemjen. en ik, mar wij - wat ha wij yn simmerlange dagen bedijd oan tarspiis foar winters lange kjeld? skientme en jeugd binne flinters waans wjokjen dien is at nachten langje - nei hûd, nei eageljocht, wat jout mij wjok, in kerltsje freugde en in kromke lok? [pagina 91] [p. 91] toarneroaske myn leaf toarneroaske, ik bin dyn prins. ik moat (sa wol it lot) dij wekje út dyn ynwyt sliepen, en mei dyn pea dit swetteleas net-witten tusken de grins beklamje fan witten en fan langjen, fan dei en tiid en einichheid, en dyn blank net-bloeien ferwylje ta de skyn fan roazeread yn swiet lippeprangjen, dat alsembitter yn dyn siele jit besef fan libben en fan bloei, fan langst nei folsleinens, it heechste lok en 't bangst fermoeden dat alles teneate giet. och, slomje noch in tel. want disse pea sieddet yn dij it sjidsel fan 'e dea. Vorige Volgende